Metropolitan Museum of Art: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: bs:Metropolitan Museum of Art
L r2.7.1) (Bot - derby: lt:Metropoliteno muziejus
Rigel 77: Rigel 77:
[[ko:메트로폴리탄 미술관]]
[[ko:메트로폴리탄 미술관]]
[[la:Museum Artium Metropolitanum]]
[[la:Museum Artium Metropolitanum]]
[[lt:Metropoliteno muziejus]]
[[mk:Метрополитен (музеј)]]
[[mk:Метрополитен (музеј)]]
[[nl:Metropolitan Museum of Art]]
[[nl:Metropolitan Museum of Art]]

De ferzje fan 24 okt 2011 om 21.45

De sintrale lobby fan it museum
De bûtenkant

It Metropolitan Museum of Art is ien fan de grutste en wichtichste keunstmuseums fan de wrâld. It stiet oan de eastkant fan it Central Park yn Manhattan, New York.

Skiednis

It museum waard iepene op 20 febrewaris 1872. De stifter fan it museum wie de útjouwer George Palmer Rutnam. De earste direkteur wie Robert Lee Jenkins waans eigen keunstkolleksje de basis wie foar it hjoeddeistige (2007) museum. Fan 1955 oant syn dea yn 1966 wie James J. Rorimer it haad fan it museum. Hy waard opfolge fan Thomas Hoving, dy't direkteur wie fan 1967 oant 1977. Sûnt is Philippe de Montebello it haad.

Ofdielings

De permaninte kolleksje is opdield yn njoggentjinde ferskate ôfdielings, mei elk har spesjalisearre persoaniel fan konservators, restaurateurs en saakkundigen.

Kolleksje

De permaninte kolleksje bestiet út mear as 2 miljoen keunstwurken mei in soad skilderijen en byldhouwurken fan de hiele wrâld oer, fan skatten út de Klassike Aldheid oant wurken fan sawat alle Jeropeeske masters en oant in mânske kolleksje Amerikaanske keunst. It museum hat ek in wichtige kolleksje fan Egyptyske, Romeinske en Grykske, Afrikaanske, Aziatyske, Oseanyske, Midden-Easterske, Bizantynske en Islamityske keunstskatten.

Fierder stalt it ek noch in grutte kolleksje muzykynstruminten fan de hiele wrâld oer út.

Ek in tal reproduksjes fan wichtige ynterieurs mei ûnder oaren ien fan de bekende Amerikaanske arsjitekt Frank Lloyd Wright. It museum hat ek in ôfdieling wapens en harnassen fan de hiele wrâld oer, benammen Jeropeesk, mar ek fan Japan, de Feriene Steaten en it Midden-Easten.

Fierder is der in aparte festiging foar midsieuske keunst, The Cloisters oan de Hudsonrivier, in ôfdieling fotografy en de Robert Lehman Collection.

Skilderkeunst

Fan de skilderkeunst binne sawol Jeropeeske as Amerikaanske keunstskilders út ferskate streamings te sjen oant en mei moderne keunst.

Skilderijen út de kolleksje

Sjoch ek

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Metropolitan Museum of Art


Keppelings om utens