Teuderik I: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: mk:Теудерик I
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: sv:Theoderik I; tekstwiziging
Rigel 5: Rigel 5:
Teuderik waard om [[485]] berne, hy wie de âldste soan fan kening [[Klovis I]] dy't alle [[Franken (folk)|Frankyske]] folken ûnder ien bewâld feriene hie en machtichste hearsker fan de eardere Romeinske provinsjes yn [[Galje]]. Syn mem is net bekend en wie fermoedlik in konkubine. De jongere broers fan him hiene in oare mem, [[Klotildis]], in [[Boergonden|Boergondyske]] prinses.

Yn opdracht fan syn heit yn [[508]] liede hy in fjildtocht yn [[Auvergne]]. Nei de dea fan syn heit yn [[511]] waard it Frankyske ryk opdiele yn fjouwer parten. Eltse soan krige in eigen diel en Teuderik waard kening fan [[Austraasje]], it meast eastlike diel fan it ryk. As residinsje keas er [[Reims]]. Fan dêrút besocht er Austraasje fierder nei it easten út te wreidzjen yn [[Germaanje]]. Mei syn broer [[Klotarius I]] late hy yn [[531]] in fjildtocht tsjin de [[Türingers]] yn [[Türinge]] en ferovere grutte parten tusken de rivieren de [[Elbe (rivier)|Elbe]] en de [[Main]].

Doe't hy twa jier letter ([[533]]) troch kening [[Herminafrid]] fan Türingen útnoege waard foar in besyk oan [[Zülpich]] waard hy lykwols fan de stedsmuorre ôfsmite en ferstoar. Syn soan [[Teudebert I]] folge him op as kening fan [[Austraasje]].

== Houliken ==
== Houliken ==
Rigel 46: Rigel 46:
[[ru:Теодорих I (король Австразии)]]
[[ru:Теодорих I (король Австразии)]]
[[sh:Teuderih I]]
[[sh:Teuderih I]]
[[sv:Theoderik I av Austrasien]]
[[sv:Theoderik I]]
[[uk:Теодоріх I (король Австразії)]]
[[uk:Теодоріх I (король Австразії)]]
[[zh:提乌德里克一世]]
[[zh:提乌德里克一世]]

De ferzje fan 16 okt 2011 om 16.18

Grêven fan Teuderik en Karel Martel yn St. Denis

Teuderik I (485-533) wie in Frankyske kening dy't oer it eastlike part fan it Frankyske ryk, Austraasje hearske.

Skiednis

Teuderik waard om 485 berne, hy wie de âldste soan fan kening Klovis I dy't alle Frankyske folken ûnder ien bewâld feriene hie en machtichste hearsker fan de eardere Romeinske provinsjes yn Galje. Syn mem is net bekend en wie fermoedlik in konkubine. De jongere broers fan him hiene in oare mem, Klotildis, in Boergondyske prinses.

Yn opdracht fan syn heit yn 508 liede hy in fjildtocht yn Auvergne. Nei de dea fan syn heit yn 511 waard it Frankyske ryk opdiele yn fjouwer parten. Eltse soan krige in eigen diel en Teuderik waard kening fan Austraasje, it meast eastlike diel fan it ryk. As residinsje keas er Reims. Fan dêrút besocht er Austraasje fierder nei it easten út te wreidzjen yn Germaanje. Mei syn broer Klotarius I late hy yn 531 in fjildtocht tsjin de Türingers yn Türinge en ferovere grutte parten tusken de rivieren de Elbe en de Main.

Doe't hy twa jier letter (533) troch kening Herminafrid fan Türingen útnoege waard foar in besyk oan Zülpich waard hy lykwols fan de stedsmuorre ôfsmite en ferstoar. Syn soan Teudebert I folge him op as kening fan Austraasje.

Houliken

Teuderik wie earst trout mei Suavegotta, de mem fan syn trije bern, syn twadde frou dêr't de namme net fan oerlevere is wie in dochter fan de Boergondyske kening Sigismund. Dat houlik wie mooglik ek de reden dat er net dielnaam oan de militêre aktiviteiten fan syn bruorren tsjin dat keninkryk.

Teuderik en de Friezen

Under Teudebert hawwe de Franken net hearske hawwe oer de Ryndelta, mar ûnderhâlden wol diplomatike bannen met de Friezen. Neffens de Liber Historiae Francorum stjoerde Teuderik syn soan Teudebert nei it noarden ta om tenei de Friezen by te stean tsjin de Denen dy't dêr in ynfal dienen, (sjoch: de slach oan de Ryn).