Forinsisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: pt:Migração pendular
L r2.7.1) (Bot - derby: eo:Navedado
Rigel 17: Rigel 17:
[[de:Berufsverkehr]]
[[de:Berufsverkehr]]
[[en:Commuting]]
[[en:Commuting]]
[[eo:Navedado]]
[[fi:Pendelöinti]]
[[fi:Pendelöinti]]
[[fr:Migration pendulaire]]
[[fr:Migration pendulaire]]

De ferzje fan 13 okt 2011 om 20.05

Dûbeldekkers wurde faak brûkt foar forinzetreinen.

Forinsisme is it proses fan hinne-en-wer reizgjen tusken de wengemeente en de wurkgemeente. In forins of pindeler is in persoan dy't dat docht.

It wurd forins komt foar yn ferskillende termen. Forinzeferkear is bygelyks alle ferkear dat tusken hûs en wurk pindelt. In forinzetrein is in trein dy't bedoeld is foar it forinzeferkear. In forinzestêd is in stêd dêr't in protte forinzen yn wenje. In forinzegebiet, of forinzewensône, is it gebiet om de foarstêden fan in stêd dêr't 15% fan de wurkjende befolking yn dy bepaalde stêd wurket.

Komôf wurd

It wurd forins komt fan it Latynske forenses it meartal fan forensis, mei de betsjutting: dat wat by it foarum (de merk) heart. It wurd wie oarspronklik de beneaming foar de benammen Dútske merkelju, dy't fan bûten de stêd kamen. De beneaming waard yn Amsterdam oernomd doe't sy oergean om dejingen dy't bûten de stêd wurken, mar der net wennen, te belêsten[1].

Referinsjes

  1. Woordenschat, Taco H. de Beer en Dr. E. Laurillard, De Haach, 1899, side 304