Jonas Salk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L skriuwflaterke
L robot Erbij: pt:Jonas Salk
Rigel 38: Rigel 38:
[[nl:Jonas Salk]]
[[nl:Jonas Salk]]
[[pl:Jonas Salk]]
[[pl:Jonas Salk]]
[[pt:Jonas Salk]]
[[sv:Jonas Salk]]
[[sv:Jonas Salk]]
[[tr:Jonas Salk]]
[[tr:Jonas Salk]]

De ferzje fan 29 aug 2006 om 00.29

Jonas Salk (* 28 oktober 1914, New York - † 23 juny 1995, La Jolla) is de útfiner fan it earste poliofaksin.

Jonge jierren

Jonas Salk wie de âldste fan trije jonges fan Daniel B. Salk en Dora Salk. Op it City College yn New York woe er rjochten studearre, mar hy gong oer op in stúdzje medisinen oan it College of Medicine fan de New York University. Yn 1938 wurke er mei Thomas Francis oan it ûntwikkeljen fan in grypfaksin. Yn 1939 studearre er ôf, mar yn 1942 kaam er nei de University of Michigan dêr't er op 'e nij mei Thomas Francis oan in grypfaksin wurke. Mei troch dizze faksins, dy't yn de oarloch brûkt waarden troch it leger fan de Feriene Steaten, kaam der nei de oarloch net in grypepidemy, lykas dat nei de Earste Wraldkriich al bart wie.

Poliofaksin

Yn 1947 waard er oansteld oan de University of Pittsburgh Medical School, dêr't er begûn oan de ûntwikkeling fan in poliofaksin. Hy hie hjir al wat teoretysk wurk oer dien, en op basis derfan, en it sukses fan it grypfaksin, krige er jildlike stipe fan de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming. Hy kombinearre syn ûnderfining mei it grypfaksin mei ûntdekkingen fan oare ûndersykers yn it fjild, benammen dy fan John Enders, en yn 1952 wie er sa fier dat er teste koe op frijwilligers, wêrûnder himsels en syn gesin. Om't de resultaten dêrfan goed wienen publisearre er yn 1953 yn it Journal of the American Medical Association. Yn 1954 waard begûn mei in test yn gâns it lân, dy't yndie it gefolch hie dat it tal fan poliogefallen tebek gong. Op 12 april 1955 waard it sukses oankundige. Salk hat it faksin net patentearre, nei't er sei om't er woe dat it sa wiid mooglik ferspraad wurde soe.

Rom

Polio wie eins net sa'n grut gefaar as oare sykten, mar troch it skrikbyld fan bêrn op krukken en yn rolstuollen wie der in algemiene angstme foar de sykte ûnststean. Yn de Feriene Steaten sammele de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming dêrom mei harren March of Dimes jild yn foar ûndersyk. Yn 1952 hie it tal fan slachtoffers fan de sykte grutter west as ea earder. Alles makke dúdlik dat polio de fijân wie.

Yn dizze sitúaasje wie it sukses fan it faksin wichtich nijs dat op de radio kaam. Hjirby wie gjin plak foar in útlis fan wa krekt wat dien hie; it gong allinnich om it bliide nijs dat polio ferslein wie. Hoewol Salk ek foar himsels gjin eare opeaske, krige er dy al taskood. Hij waard foar it publyk de held dy de polio ferslein hie. Mar syn kollega's neamen him kwea ôf dat er net earst in wittenskiplike publikaasje dien hie, mei in oersjoch fan de bydragen fan de wittenskippers dy't it sukses mooglik makke hienen. Hjirtroch waarden syn wurk en hy troch in soad wittenskippers negearre.

Sabin-faksin

Yn pear jier letter waard it Salk-faksin ferfongen troch in faksin fan Albert Sabin, dat makliker en better wie. Mar it probleem dêrby wie dat it Sabin-faksin basearre is op de metoade fan Louis Pasteur, dêr't bytsjes aktyve firussen by brûkt wurde. Yn lannen dêr't polio normaal net mear bestiet, bliuwe der syktegefallen dêr't it Sabin-faksin de minsken al siik makket. Dêrom wurdt dêr no wer mear in ferzje fan it Salk-faksin brûkt, om't dit op in ynaktyf firus basearre is.

Salk Institute

Yn 1963 stifte Jonas Salk it Salk Institute yn La Jolla, Kalifoarnje, in ynstituut foar medysk en wittenskiplik ûndersyk. Hjir wurke Salk oan ferbettering fan it poliofaksin, en yn lettere jierren oan ûndersyk nei in AIDS-faksin. Hy is op 23 juny 1995 yn La Jolla ferstoarn.

Boeken

Salk publisearre ûnder oaren yn in tal fan boeken.

  • Man Unfolding (1972)
  • The Survival of the Wisest (1973)
  • World Population and Human Values: A New Reality (1981)
  • Anatomy of Reality (1983).