Urk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: zh:于尔克
L r2.6.5) (Bot - derby: zea:Urk
Rigel 99: Rigel 99:
[[lb:Urk]]
[[lb:Urk]]
[[li:Urk]]
[[li:Urk]]
[[ro:Urk]]
[[ms:Urk]]
[[ms:Urk]]
[[nds-nl:Urk]]
[[nds-nl:Urk]]
Rigel 106: Rigel 105:
[[pl:Urk]]
[[pl:Urk]]
[[pt:Urk]]
[[pt:Urk]]
[[ro:Urk]]
[[ru:Урк (Нидерланды)]]
[[ru:Урк (Нидерланды)]]
[[sv:Urk]]
[[sv:Urk]]
[[vo:Urk]]
[[vo:Urk]]
[[war:Urk]]
[[war:Urk]]
[[zea:Urk]]
[[zh:于尔克]]
[[zh:于尔克]]

De ferzje fan 3 okt 2011 om 03.59

Gemeente Urk
Flagge fan de gemeente Urk        Wapen fan de gemeente Urk
(Flagge fan Urk) (Wapen fan Urk)
Lokaasje fan de gemeente Urk
Provinsje Flevolân
Boargemaster Jaak Kroon (CDA)
Haadplak Urk
Oerflak
- wetter
109,90 km²
-  98,38 km²
Ynwenners 18.318
Ferkearsieren N351, N352
Netnûmer 0527
Postkoades 8320-8324
Offisjeel webstee www.urk.nl

Urk is in plak en gemeente yn de Noardeastpolder, provinsje Flevolân. Der wenje likernôch 18.000 minsken (1 jannewaris 2010) op in oerflak fan sa’n 11,52 km², hjirmei is Urk de lytste gemeente fan Flevolân.

Urk wie oant 1939, doe’t de dyk mei De Lemmer ôfboud waard, in eilân yn de Iselmar, en foar 1932 in eilân yn de âlde Sudersee. Yn 1942 waard de Noardeastepolder droech makke, mar foar de bewenners fan Urk libbet it eilângefoel noch hieltyd. De minsken wenje dan ek net yn Urk, mar op Urk.

It dialekt fan Urk, it Urkersk, is in tige libbend dialekt en wykt bot ôf fan oare dialekten yn de omkriten. Urk hat syn eigen folksliet, it Urker Folksliet. It wurdt benammen songen by Keninginnedei en oar offisjeel barren.

Skiednis

It strân by Urk.

De âldste bekende fermelding fan Urk is de skinkingsakte út 966 fan keizer Otto I oan it Sint-Pantaleonskleaster by Keulen.

De tekst is: “Cuiusdam insulae medietatem in Almere, que Urch vocatur”

De helte fan in eilân yn it Almere, dat Urch neamd wurdt.

Almere wie yn dy tiid in binnenmar of –see op it plak dêr’t no de Iselmar en Flevolân lizze.

Lykas by oare isolearre befolkingsgroepen it gefal wie, waarden ek oan de Urkers ferskate karaktereigenskippen takend. Dizzen rûnen útien fan gastfrijheid en in grut gefoel foar eigenwearde oant koppichheid en ûndissiplinearre, taai en fêsthâlden wêze. Dizze lêste karaktereigenskippen wurde ûndersteund trochdat de ynwenners fan Urk yn de ôfrinne ieuwen in protte rampen en feroarings fan de leefomstannichheden meimakke ha.

Al sûnt de 10e ieu moat der bewenning west hawwe op Urk. It wie doe eigendom fan it Sint-Pantaleonskleaster yn Keulen. Yn de 13e ieu kaam Urk yn hannen fan de greven fan Hollân en noch wer letter foel it ûnder it gesach fan de boargemaster fan Inkhuzen. Yn 1660 krige de gemeente Amsterdam it gesach oer Urk. Amsterdam krige sa mear macht oer de hannel, Urk lei midden yn de Sudersee en alle skippen farden by Urk del, op wei nei Amsterdam. It eilân hat oant 1792 fan Amsterdam west.

De haven fan Urk.

Oant 1950 wie Urk by de provinsje Noard-Hollân, dêrnei by Oerisel. Sûnt de stifting fan de gemeente Flevolân yn 1986 makket it dêr ûnderdiel fan út. Urk is de ienichste gemeente dy’t yn trije ferskate provinsjes lein hat.

Ekonomy

De Urkers hawwe har benammen talein op de fiskerij. Yn de jierren sechtich waard der in fiskôfslach op Urk boud, de grutste fan it lân. Der waard tocht dat mei de bou fan de Ofslútdyk it wol dien wêze soe mei de fiskerij, mar de fiskerij gien him talizzen op it fiskjen op de Noardsee. Nei alle gedachten wurdt der elts jier sa’n 2 miljard oan fisk eksportearre fan Urk nei lannen as Itaalje en Frankryk.

Wol bliuwt Urk in relatyf earme gemeente. Yn 2006 lei it gemiddelde ynkommen mar leafst 16% ûnder it lanlik gemiddelde.

Kultuer

De fjoertoer fan Urk.

Leauwe

Urk is ien fan de meast tsjerklike mienskippen fan Nederlân. It is in tige sletten mienskip. Urk wie fan âlds in bolwurk fan de Reformearre Tsjerke en de Anty-Revolúsjonêre Partij (yn 1980 opgien yn it CDA). Sûnt de jierren ’70 fan de 20e ieu is benammen de posysje fan it Kristlik Reformearre Tsjerke tige groeid en is de SGP de grutste partij yn Urk wurden.

It besjen wurdich

  • Fjoertoer fan Urk
  • Fiskersmonumint
  • Tsjerkje oan See
  • Betheltsjerke
  • Fiskôfslach
  • Alde doarkskern

Symboalen

Urk hat in eigen flagge en wapen. De flagge waard yn 1964 troch de stifting foar Banistyk en Heraldyk makke. De omskriuwing is: Blau mei in wite skylfisk, lâns de boppekant fan de flaggen in smelle, twa horizontale banen fan read en wyt en oan de ûnderkant fan de flagge in smelle, yn twa horizontale banen fan read en wyt. It ûntwerp is yn 1965 troch de gemeenteried fêststeld.

Op 26 novimber 1819 waard by Keninklik Beslút in wapen jûn. It is in wapen yn de kleur blau, mei in grize skelfisk derop.

Ferkear

Urk is mei de auto te berikken fan de A6 fia de N352. Fan Emmeloard ôf kin de N351 it bêste naam wurde.

Yn de simmermoannen is der trije kear deis in boatferbining tusken Urk en Inkhuzen.

Mei de bus kin men yn Urk komme mei line 141.

Keppeling om utens