Hegewei (Smellingerlân): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L [[]]
L kat.
Rigel 16: Rigel 16:
}}
}}
[[Kategory:Drachten]]
[[Kategory:Drachten]]
[[Kategory:Skiednis fan Drachten]]
[[Kategory:Smellingerlân]]
[[Kategory:Smellingerlân]]

De ferzje fan 2 okt 2011 om 18.51

Fytsbrêge 'De Slinger' oer de rotonde yn de Suderhegewei
Pypsterbrêge yn de Hegewei

De Hegewei ferdield yn Noarder- en Suderhegewei is in noard-súd rinnende dyk foar trochgeand ferkear yn Drachten.

Skiednis

De Noarder- en Suderhegewei waarden troch de Leppa (sjoch Eastergoa) as wetterkearing beskôge. De dyk moast it opwaaide wetter fan de Wide- en Smelle Ie tsjin hâlde. Yn 1453 wurdt de dyk neamd yn ferbân mei de feilichheid fan reizgjende keaplju. Guon binne lykwols fan betinken dat de dyk oardel ieu âlder wêze kin en dat de wettersteatkundige organisaasje om de dyk hinne mei beskiedend west hat foar de ienheid en grutte fan de gritenij. De wei wurdt ek ferskate kearen neamd yn de 17e ieu. De eigners fan 360 perselen oan de wei wienen doe ferantwurdlik foar it ûnderhâld.

De Noarderhegewei rûn fanôf de Piip yn de Drachtsterfeart yn'e rjochting fan De Kletten (ûnder De Pein) en krúste de Burmaniasleat dêr't op dat plak yn 1603 noch in fallaat wie. De dyk rûn fierder nei de Aldergeasterdyk.

De Suderhegewei rûn besuden de Piip nei de himrik fan Koartehimmen. Hjoeddendei hat it stik besuden de A7 noch frijwat fan syn karakter fan foar't de wei autodyk waard beholden.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Noorder Hogeweg.

  • Oostra, Jolt, Drachster namen. Toponymy van Drachten, 1997
  • Schaik, P. van; Spahr van der Hoek, J. J., Geschiedenis van Smallingerland. De Tille, Ljouwert (1976)