Wynmotor: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
Rigel 25: Rigel 25:
[[cs:Halladayova turbína]]
[[cs:Halladayova turbína]]
[[de:Westernmill]]
[[de:Westernmill]]
[[el:Αργή αιολική μηχανή]]
[[en:Windpump]]
[[en:Windpump]]
[[nl:Windmotor]]
[[nl:Windmotor]]

De ferzje fan 26 sep 2011 om 06.23

Wynmotor De Feanhoop, merk Herkules, mei 30 blêden.
Wynmotor Sint Nyk, merk Record, mei 18 blêden.
Wynmotor Ysbrechtum, mei 12 blêden.

In wynmotor is in rompleaze wynmûne fan metaal, ornaris mei in folslein wynrêd. Oars as by de measte wjûkmûnen, hat in wynmotor ien as twa wynwizers, dy't de wynmotor sûnder help fan in mûnder rjochtsje nei de wyn. Der wurdt ek wol Amerikaanske wynmotor sein, as tsjinstelling mei it Jeropeeske model fan de wjukmûne.

Skiednis

Yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu waard de Amerikaanse wynmotor ynsetten foar de polderbemealling. Dit hie ta gefolch dat der hast gjin tradysjonele wynmolens mear boud waarden en de besteande moles yn ferfal rekken.

Nei sirka 1930 kaam it elektryske gemaal en kaam der in ein oan it tiidrek fan wynbemealling. Fan de inkele hûnderten wynmotors dy't boud binne, binne no minder as fyftich oer. Dizze binne meastentiids yn fiergeande steat fan ferfal. Soms misse sels de blêden. Mar in pear binne noch bedriuwsklear. Yn neifolging fan de tradysjonele moles wurde de wynmotors ek restaurearre. In lyts tal moles is, neidat se restaurearre en bedriuwsklear makke binne, fersetten nei in gebiet dêr't se wer ynsetten wurde kinne, lykas de Wearribben.

Bou

In wynmotor hat, lykas in greidemooltsje, in wynwizer dy't de mûn op 'e wyn hâldt. De wynmotor hoecht dus net troch in mûnder yn de wyn draaid te wurden.

In wynmotor had blêden yn stee fan wjukken. De grutste wynmotors hawwe tweintich oant tritich blêden, in betonnen ûnderbou, it platfoarm en is meastentiids fan it merk Herkules (type Metallicus). De middelgrutte wynmotors hawwe tsien oant tweintich blêden. Se binne fakentiden útfierd mei in platfoarm en binne meast fan it merk Record. It lytste type hat fjouwer losse blêden. In soad fan dizze lytse en middelgrutte wynmolens waarden makke troch it wynmotorfabryk Bruorren Bakker yn Drylts.

In neidiel fan blêden is dat it opperflak net fermindere wurde kin by hurde wyn. Dêrom hat in wynmotor ornaris in twadde wynwizer, dy't at de wyn te hurd wurdt de blêden út de wyn draaie moat. Mûglik funksjonearre dit goed ûnder de Amerikaanske omstannichheden dêr't de wynmotor foar ûntwikkele wie, mar yn Nederlân hienen wynmotors dochs noch wolris stoarmskea.

Sjoch ek