Ynterfryske Dikekaart: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L kat. [[]]
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
De '''Ynterfryske Dikekaart''' is in kaart mei diken yn alle Fryske lannen. De kaart is makke troch de Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.
[[Ofbyld:Ynterfryske dikekaart 1.JPG|thumb|right|300px|De Ynterfryske dikekaart]]De '''Ynterfryske Dikekaart''' is in kaart mei diken yn alle Fryske lannen. De kaart is makke troch de Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.

It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it [[Westerlauwersk Frysk]] hat. Allinnich yn Noard-Fryslân en it [[Sealterlân]] binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brûkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om [[Hoarne]] hinne, de stêd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan [[East-Fryslân]] de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.

Rigel 8: Rigel 8:

It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is. De Ried fan de Fryske Beweging hopet hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking. De kaart waard op sneon [[24 septimber]] [[2011]] presintearre troch de [[Ried fan de Fryske Beweging]] op de betinking fan de [[Slach by Warns]] fan [[1345]].

== Keppeling om utens ==
* http://www.fryskebeweging.nl
* http://www.itnijs.nl

[[Kategory:Fryslân]]
[[Kategory:Fryslân]]

De ferzje fan 24 sep 2011 om 21.12

De Ynterfryske dikekaart

De Ynterfryske Dikekaart is in kaart mei diken yn alle Fryske lannen. De kaart is makke troch de Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.

It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it Westerlauwersk Frysk hat. Allinnich yn Noard-Fryslân en it Sealterlân binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brûkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om Hoarne hinne, de stêd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan East-Fryslân de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.

In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fêst te stellen. De measte plaknammen krigen dêrmei har âlde betsjutting werom, dêr’t de woartels fan gauris yn it Aldfrysk leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.

Ynterfryske kartografy is fan alle tiden. Yn de 16e oant en mei de 19e ieu ferskynden ek al kaarten fan Fryslân tusken Fly (hjoeddeiske Iselmar) en de rivier de Wezer. Yn 2010 ferskynde de lêste Ynterfryske posterkaart. De Ynterfryske dikekaart is yn detail útwurke en lit sjen dat de ferbûnens tusken de ferskillende Fryske lannen nei ieuwen ûnder ferskillende nasjonale steaten noch hieltyd stân hâldt yn de plaknammen.

It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is. De Ried fan de Fryske Beweging hopet hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking. De kaart waard op sneon 24 septimber 2011 presintearre troch de Ried fan de Fryske Beweging op de betinking fan de Slach by Warns fan 1345.

Keppeling om utens