Martinytsjerke (Snits): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 44: Rigel 44:
}}
}}
{{Koördinaten|53_1_54.25_N_5_39_30_E_type:building_region:NL|53° 1’ 54″ NB, 5° 39’ 30″ EL}}
{{Koördinaten|53_1_54.25_N_5_39_30_E_type:building_region:NL|53° 1’ 54″ NB, 5° 39’ 30″ EL}}
{{Commonscat|Martinikerk (Sneek)}}
{{Commonscat|Martinytsjerke (Snits)}}
[[Kategory:Tsjerkegebou yn Fryslân]]
[[Kategory:Tsjerkegebou yn Fryslân]]
[[Kategory:Bouwurk yn Snits]]
[[Kategory:Bouwurk yn Snits]]

De ferzje fan 21 sep 2011 om 08.24

Martinitsjerke foár 1681

De Grutte of Martinitsjerke is de meast sintrale tsjerke yn Snits. Se krige har namme troch Sint-Maarten, de skutspatroan fan Snits.

Skiednis

Gebou

De Martinytsjerke is boud yn de 11e ieu en is boud fan dowestien. Nei alle gedachten hat yn de 11e ieu de âldste, houten tsjerke op dat stee boud west. Ein 13e ieu, doe Snits in stêd en in selsstannich dekanaat wurden wie, en it grutste part fan de gebouwen troch in stêdbrân ferwoastge waard, waard op dat stee in stienen tsjerke boud mei twa tuorren. Der waard ek in houten klokketoer út 1489, mei liedklokken út 1466 en 1543 byboud.

De hjoeddeiske tsjerke is út 1498, dan wurde it koar en it skip fernijd yn de goatyske styl. De sakristy oan de súdkant is út de 16e ieu en wurdt no as konsistoarjekeamer brûkt. Yn 1681 stoart it Romaanske westfront yn elkoar en dêrtroch ek de middelste fan de trije tuorren; de oare beide tuorren wurde ôfbrutsen. De tsjerke is slim beskeadige en wurdt werboud, mar de tuorren net. Yn de 18e ieu waard doe lykwols de dakruter ferfongen troch in koepel, dat yn 1925 moasten de pylders fan de tsjerke restaurearre wurde om't it tek it gewicht net drage koe. Ek wurdt elektrisiteit oanlein. Ek yn de 70-er en 80-er jierren wurdt de tsjerke yngreven restaurearre. De tsjerke leit op in terp yn it sintrum fan Snits; it is in trijeboekige basilyk, dêr't de âldere fûneminten yn it plaveisel fan it Alde Tsjerkhôfyn oanjûn binne. De tsjerke is simmerdeis op wykdagen middeis te besichtigjen en soms ek jûns.

Ynterieur

Troch de Reformaasje giet de tsjerke yn 1580 oer yn protestantske hannen. It ynterieur wurdt fersobere, alters en bylden ferdwine, it oargel mei net mear brûkt wurde. Yn de 17e ieu wurdt de tsjerke wer wat oanklaaid mei skilderstikken en tekstboerden. Yn 1795 is de Bataafse Revolúsje, it giet om "Frijheid, gelykheid en bruorskip". De brânskildere ramen wurde ferfongen troch helder glês, de 'eptige' rouboerden en famyljewapens op de banken wurde weihelle.

Portalen

Oan trije kanten is in portaal om de tsjerke te betreden:

  • Oan de eastkant is de âldste tagong mei in poarte út 1652.
  • Oan de súdkant is in lytse houten yngong foar de earmen en wezen.
  • Oan de noardkant is in grutte yntree makke, yn klassisistyske styl. Dit is de haadyngong, en sit oan de kant fan it stêdhûs.

Muzyk

Oargel

It oargel is boud yn 1710-1711 troch de ferneamde oargelbouwer Arp Schnitger. Yn 1925 waard it noch oarspronklike Schnitgerpedaal ferfongen troch in nij pedaal mei pneumatyske kegelladen.

Yn 1988 waard it oargel restaurearre troch Bakker & Timmenga út Ljouwert en it yn 1925 pleatste pedaal waard ferfongen troch in pedaal mei meganyske traktuer. Ek waard it ynstrumint útwreide mei in Rêchwurk yn de besteande kas. It oargel hat no 39 stimmen, ferdield oer Haadwurk, Rêchwurk, Swolwurk en Pedaal.

Koaroargel

Yn 1985 waard it tsjerkeoargel yn gebrûk nomd. It is boud troch J.L. v.d. Heuvel te Dordrecht nei in ûntwerp fan Cavaillé-Coll (1811-1889).

Karriljon

It Snitser beiaard is it grutste klokkespul fan Fryslân en ien fan de grutste fan Nederlân. Der binne 50 klokken, krektas yn de Domtoer yn Utert. De grutste beiaard fan Nederlân bestiet út 67 klokken en sit yn de toer fan de Grutte of Us-Leaffroutsjerke yn Dordrecht. Hoewol't de Martinitoer oant 1681 trije tuorren hie, hongen de klokken yn in klokhûs. Yn it earstoan stie dizze ten noardwesten fan de tsjerke, dy't yn 1489 boud waard.
De stedsbeiaardier fan Snits is sûnt 1963 Dirk S. Donker (1941). Oant 2001 wie hy ek stedsbeiaardier fan Grins.

Jongeskoar

Dirk Donker is oprjochter en fêste begelieder fan it jongeskoar.

Stichting Kulturele Eveneminten Martinytsjerke Snits

Elke moanne organisearret Stichting Kulturele Eveneminten in foarstelling yn de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: