Stanisław Sosabowski: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L [[]], neat te rêden
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Sosabowski Browning.jpg|thumb|Sosabowski (lofts) mei generaal Browning (rjochts)]]
[[Ofbyld:Sosabowski Browning.jpg|thumb|Sosabowski (lofts) mei generaal Browning (rjochts)]]
'''Stanisław Franciszek Sosabowski''' (Stanisławów (tsjintwurdich Ivano-Frankivsk, [[Oekraïne]]), 8 maaie 1892 - Hillingdon, 25 septimber 1967) wie in generaal-majoar yn it Poalske leger. Hy wie de oprjochter fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade, wêrmei't er as befelhawwer yn septimber 1944 focht yn de [[Operaasje Market Garden]]. Sosabowski waard troch ferskate minsken ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan dy operaasje.
'''Stanisław Franciszek Sosabowski''' (Stanisławów (tsjintwurdich [[Ivano-Frankivsk]], [[Oekraïne]]), [[8 maaie]] [[1892]] - [[Hillingdon]], [[25 septimber]] [[1967]]) wie in generaal-majoar yn it [[Poalen|Poalske]] leger. Hy wie de oprjochter fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade, wêrmei't er as befelhawwer yn septimber [[1944]] focht yn de [[Operaasje Market Garden]]. Sosabowski waard troch ferskate minsken ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan dy operaasje.


== Biografy ==
Sosabowski kaam yn Stanisławow op 'e wrâld. Stanisławow wie de haadstêd fan de provinsje Galisië dat yn syn jonge libben ûnderdiel wie fan [[Eastenryk-Hongarije]]. Yn 1918 waard Poalen in ûnôfhinklik lân. Sosabowski wie de soan fan in spoarmeiwurker en hie noch fjouwer sussen. Yn 1911 wie er klear mei syn skoalle. Nei syn skoalle wurke er by in bank en gong letter it Eastenryksk-Hongaarske leger yn. Yn 1914 fjochte hy oan it Russyske front. Yn juny 1915 rekke er ferwûne by de rivier de Lesna. Hy krige ferskate ûnderskiedingen foar syn moed, en waard yn 1918 befoardere ta luitenant. Nei de ein fan de [[Earste Wrâldkriich]] wurke er yn it nij oprjochte Poalske leger. Yn de jierren 1923-27 die er syn stúdzje by de Generale Stêf, dêr't er fan 1930 oant 1936 as dosint wurke. Yn 1937 waard Sosabowski befoardere ta kolonel.
Sosabowski kaam yn Stanisławow op 'e wrâld. Stanisławow wie de haadstêd fan de provinsje Galisië dat yn syn jonge libben ûnderdiel wie fan [[Eastenryk-Hongarije]]. Yn [[1918]] waard Poalen in ûnôfhinklik lân. Sosabowski wie de soan fan in spoarmeiwurker en hie noch fjouwer sussen. Yn 1911 wie er klear mei syn skoalle. Nei syn skoalle wurke er by in bank en gong letter it Eastenryksk-Hongaarske leger yn. Yn [[1914]] fjochte hy oan it Russyske front. Yn juny 1915 rekke er ferwûne by de rivier de Lesna. Hy krige ferskate ûnderskiedingen foar syn moed, en waard yn 1918 befoardere ta luitenant. Nei de ein fan de [[Earste Wrâldkriich]] wurke er yn it nij oprjochte Poalske leger. Yn de jierren 1923-27 die er syn stúdzje by de Generale Stêf, dêr't er fan 1930 oant 1936 as dosint wurke. Yn 1937 waard Sosabowski befoardere ta kolonel.


Yn jannewaris 1939 waard Sosabowski kommandant fan in ynfantryrezjymint yn [[Warsjau]]. Op 1 septimber 1939 falle de Dútsers Poalen oan. Sosabowski en syn ynfantryrezjymint fjochtsje by Warsjau tsjin de Dútsers. Foar de ferdigening fan Warsjau krijt er de heechste Poalske militêre ûnderskieding, de Virtuti Militari. Nei't de Dútsers Poalen beset hienen flechte Sosabowski oer [[Tsjechoslowakije]] nei [[Frankryk]]. Nei it ferlies fan Frankryk yn 1940 flechte er nei Grut-Brittanje en waard yn Skotlân stasjonearre. Dêr waard er befelhawwer fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade.
Yn jannewaris 1939 waard Sosabowski kommandant fan in ynfantryrezjymint yn [[Warsjau]]. Op 1 septimber 1939 falle de Dútsers Poalen oan. Sosabowski en syn ynfantryrezjymint fjochtsje by Warsjau tsjin de Dútsers. Foar de ferdigening fan Warsjau krijt er de heechste Poalske militêre ûnderskieding, de Virtuti Militari. Nei't de Dútsers Poalen beset hienen flechte Sosabowski oer [[Tsjechoslowakije]] nei [[Frankryk]]. Nei it ferlies fan Frankryk yn 1940 flechte er nei Grut-Brittanje en waard yn Skotlân stasjonearre. Dêr waard er befelhawwer fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade.

De ferzje fan 17 sep 2011 om 12.01

Sosabowski (lofts) mei generaal Browning (rjochts)

Stanisław Franciszek Sosabowski (Stanisławów (tsjintwurdich Ivano-Frankivsk, Oekraïne), 8 maaie 1892 - Hillingdon, 25 septimber 1967) wie in generaal-majoar yn it Poalske leger. Hy wie de oprjochter fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade, wêrmei't er as befelhawwer yn septimber 1944 focht yn de Operaasje Market Garden. Sosabowski waard troch ferskate minsken ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan dy operaasje.

Biografy

Sosabowski kaam yn Stanisławow op 'e wrâld. Stanisławow wie de haadstêd fan de provinsje Galisië dat yn syn jonge libben ûnderdiel wie fan Eastenryk-Hongarije. Yn 1918 waard Poalen in ûnôfhinklik lân. Sosabowski wie de soan fan in spoarmeiwurker en hie noch fjouwer sussen. Yn 1911 wie er klear mei syn skoalle. Nei syn skoalle wurke er by in bank en gong letter it Eastenryksk-Hongaarske leger yn. Yn 1914 fjochte hy oan it Russyske front. Yn juny 1915 rekke er ferwûne by de rivier de Lesna. Hy krige ferskate ûnderskiedingen foar syn moed, en waard yn 1918 befoardere ta luitenant. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich wurke er yn it nij oprjochte Poalske leger. Yn de jierren 1923-27 die er syn stúdzje by de Generale Stêf, dêr't er fan 1930 oant 1936 as dosint wurke. Yn 1937 waard Sosabowski befoardere ta kolonel.

Yn jannewaris 1939 waard Sosabowski kommandant fan in ynfantryrezjymint yn Warsjau. Op 1 septimber 1939 falle de Dútsers Poalen oan. Sosabowski en syn ynfantryrezjymint fjochtsje by Warsjau tsjin de Dútsers. Foar de ferdigening fan Warsjau krijt er de heechste Poalske militêre ûnderskieding, de Virtuti Militari. Nei't de Dútsers Poalen beset hienen flechte Sosabowski oer Tsjechoslowakije nei Frankryk. Nei it ferlies fan Frankryk yn 1940 flechte er nei Grut-Brittanje en waard yn Skotlân stasjonearre. Dêr waard er befelhawwer fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade.

Op 17 septimber 1944 begjint de Operaasje Market Garden. Om it minne waar waard it lofttransport fan de Poalske parasjutisten ferskood nei 19 en 21 septimber. De falskermers kamen op ferskillende plakken tusken Arnhim en Nimwegen del. Under Sosabowski syn lieding hienen de Poalen grutte ferliezen en hellen gjin strategyske doelen dy't fan belang wienen foar it sukses fan de operaasje. Troch de Britske generaals waard er - ten ûnrjochte - ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan de operaasje en hy moast de militêre tsjinst yn desimber 1944 ferlitte. Nei de Twadde Wrâldkriich ha der in soad diskusjes west oer syn rehabilitaasje. Yn 2006 krige Sosabowski fan Keninginne Beatrix postúm de Brûnsen Liuw foar syn moed en dapperens.