Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 3: Rigel 3:


==Libbensrin==
==Libbensrin==
Geart Aeilco Wumkes waard yn 1869 berne yn in [[ortodoks-protestantisme|ortodoks-protestantske]] húshâlding fan [[East-Fryslân|Eastfryske]] komôf. Syn heit wie fabrikant fan [[naai-jern]]. Nei de legere skoalle en de Frânske skoalle op [[De Jouwer]] dien te hawwen, ferbleau hy fan 1883 oant 1889 op it ynternaat [[Ruimzicht]] yn [[Doetinchem]], dat doe ûnder lieding stie fan de troch it Réveil ynspirearre dûmny [[Jan Melles van Dijk|J. van Dijk]] (dêr't Wumkes yn 1917 in [[biografy]] oer skriuwe soe).
Geart Aeilco Wumkes waard yn 1869 berne yn in [[ortodoks-protestantisme|ortodoks-protestantske]] húshâlding fan [[East-Fryslân|Eastfryske]] komôf. Syn heit wie fabrikant fan naai-jern. Nei de legere skoalle en de Frânske skoalle op [[De Jouwer]] dien te hawwen, ferbleau hy fan 1883 oant 1889 op it ynternaat [[Ruimzicht]] yn [[Doetinchem]], dat doe ûnder lieding stie fan de troch it Réveil ynspirearre dûmny [[Jan Melles van Dijk|J. van Dijk]] (dêr't Wumkes yn 1917 in [[biografy]] oer skriuwe soe).


Nei syn stúdzje teology yn [[Doetinchem]] en dêrnei yn [[Utert (stêd)|Utert]] waard hy herfoarme dûmny yn [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]] op [[Skylge]], yn [[Roan]], [[Stryp]] en yn in [[Snits (stêd)|Snits]]. Hy wie mei oprjochter yn [[1908]] fan it [[Kristlik Frysk Selskip|Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer]]. Ds. Wumkes wie fan [[1910]] oant [[1936]] learkrêft [[Hebrieusk]] op it Snitser Gymnasium. Yn [[1924]] waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de [[Fryske ûnderwiisrie]], dy’t bysûndere learstuollen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn [[Amsterdam]] en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan [[Fryslân]].
Nei syn stúdzje teology yn [[Doetinchem]] en dêrnei yn [[Utert (stêd)|Utert]] waard hy herfoarme dûmny yn [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]] op [[Skylge]], yn [[Roan]], [[Stryp]] en yn in [[Snits (stêd)|Snits]]. Hy wie mei oprjochter yn [[1908]] fan it [[Kristlik Frysk Selskip|Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer]]. Ds. Wumkes wie fan [[1910]] oant [[1936]] learkrêft [[Hebrieusk]] op it Snitser Gymnasium. Yn [[1924]] waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de [[Fryske ûnderwiisrie]], dy’t bysûndere learstuollen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn [[Amsterdam]] en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan [[Fryslân]].

De ferzje fan 4 sep 2011 om 10.01

Geart Aeilco Wumkes

Geart Aeilco Wumkes (De Jouwer, 4 septimber 1869 - Huzum, 7 maaie 1954) wie in Fryske teolooch en histoarikus.

Libbensrin

Geart Aeilco Wumkes waard yn 1869 berne yn in ortodoks-protestantske húshâlding fan Eastfryske komôf. Syn heit wie fabrikant fan naai-jern. Nei de legere skoalle en de Frânske skoalle op De Jouwer dien te hawwen, ferbleau hy fan 1883 oant 1889 op it ynternaat Ruimzicht yn Doetinchem, dat doe ûnder lieding stie fan de troch it Réveil ynspirearre dûmny J. van Dijk (dêr't Wumkes yn 1917 in biografy oer skriuwe soe).

Nei syn stúdzje teology yn Doetinchem en dêrnei yn Utert waard hy herfoarme dûmny yn Hoarn op Skylge, yn Roan, Stryp en yn in Snits. Hy wie mei oprjochter yn 1908 fan it Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer. Ds. Wumkes wie fan 1910 oant 1936 learkrêft Hebrieusk op it Snitser Gymnasium. Yn 1924 waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de Fryske ûnderwiisrie, dy’t bysûndere learstuollen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn Amsterdam en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan Fryslân.

Wumkes ferstoar op 7 maai 1954 op 84-jierrige leeftyd yn Huzum.

Wurk

Ds. Wumkes hat in soad betsjut foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in tsjinst yn it Frysk die. Dat die er op 3 jannewaris 1915 yn de Herfoarme tsjerke fan Tsjom. Hy sei: “Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat’. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy’t allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbouwerearde diaken en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it Nederlânsk hearre.

Nei syn pensjoen begûn Wumkes oan syn moaiste projekt, lykas er it sels sei: it oersetten fan de bibel yn it Frysk. Mei stipe fan E.B. Folkertsma brocht Wumkes it Nije Testamint út yn 1933 en it Alde Testamint yn 1943.

Wumkes wie fan 1924 oant 1940 bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, dêr't er tagong hie ta in protte boarnen, wêrûnder de jiergongen fan de Ljouwerter Krante. Wumkes publisearre út dy boarne geregeld yn it tiidskrift De Vrije Fries en yn it Nijsblêd fan Fryslân. Yn 1930 waard de Stads en Dorpskroniek van Friesland útbrocht yn druk, oer de perioade 1700-1800; diel twa oer de jierren 1800-1900 kaam fjouwer jier letter út.

Wurken (net folslein)

  • 1891: Het priesterlijk orakel der Hebreen (opstel)
  • 1900: Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland
  • 1904: De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796) (proefskrift)
  • 1911-1937: goed tûzen lemmata foar it Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek
  • 1911: It Fryske Réveil yn portretten
  • 1912: Opkomst en Vestiging van het Baptisme in Nederland
  • 1917: Uit het leven en levenswerk van J. van Dijk Mzn., stichter der Doetinchemse Inrichtingen
  • 1926: Bodders yn de Fryske striid
  • 1930: Stads- en dorpskroniek van Friesland (1700-1800)
  • 1932-1942: Paden fan Fryslân (fjouwer dielen)
  • 1933: Nije Testamint (Fryske oersetting mei help fan E.B. Folkertsma)
  • 1934: Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)
  • 1935: foltôging fan Stads- en dorpskroniek van Groningen (1800-1900) fan Jacob Vinhuizen
  • 1943: Alde Testamint (Fryske oersetting mei help fan E.B. Folkertsma)
  • 1949: Nei sawntich jier. Tinkskriften fan Dr. G.A. Wumkes (autobiografy)
  • 1953: De Pylgerreize (Fryske oersetting fan The Pilgrim's Progress fan John Bunyan)

Ferskaat

  • Yn de Jouwer is de Dr. Wumkesskoalle en yn Snits in soarchsinrum nei him ferneamd.
  • Wumkes wie mei-ûntwerper fan it wapen fan de eardere gemeente Roden.
  • Yn Bûtenpost, Frjentsjer, It Hearenfean, De Jouwer, Kollum, Ljouwert, Snits en Stiens binne strjitten nei him neamd.

Keppelings om utens