Ferskil tusken ferzjes fan "F.F.J. Bernlef"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
ferbetterings, want dy striid is noch altyd dwaande
L (keppeling)
(ferbetterings, want dy striid is noch altyd dwaande)
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].
 
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante hatis de striid binnen Bernlef west tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', al hiet it earste nûmer noch ''De Klok''. Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens foartsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'' oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsen en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
 
==Hjoeddeisk==
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske [[De Kameleon|Kameleonfilm]]. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út lykegoedlikegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.
 
De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwen fan de feriening en it behear fan har finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas [[fuotbal]] as [[klaverjassen]].
134

bewurkings

Navigaasjemenu