F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
DDurk (oerlis | bydragen)
No edit summary
DDurk (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3: Rigel 3:

==Skiednis==
==Skiednis==
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn [[Grins (stêd)|Grins]].
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn [[Grins (stêd)|Grins]]. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].

Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef west tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn 1956 krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'' (al hiet it earste nûmer noch ''De Klok''). Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens foartsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen, nei in gewoan bestean mei in eigen pân gong. Yn 1971 waard it pân ''De Pizel'' oan de râne fan de binnenstêd fan Grins belutsen, en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef west tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn 1956 krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'' (al hiet it earste nûmer noch ''De Klok''). Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens foartsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen, nei in fêst bestean mei in eigen pân gong. Yn 1971 waard it pân ''De Pizel'' oan de râne fan de binnenstêd fan Grins belutsen, en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.

==Hjoeddeisk==
==Hjoeddeisk==
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende types fan minsken. Bernlef hat in iepen karakter, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân (mei as meast slagge foarbyld de Fryske Kameleonfilm). It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende types fan minsken, ôfkomstich út sawal Fryslân sels as oare dielen fan de wrâld. Bernlef hat dêrom in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.

De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwen fan de feriening en it behear fan har finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, sa as it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse diele en dêr wat mei dogge, sa as fuotbaljen as klaverjassen.

It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch de twa of trije soasjûnen yn 'e wike en meastentiids ek wol de ien of de oare 'spesjale' aktiviteit tidens ien fan de soasjûnen of op in oar tiidstip.

==Federaasje==
==Federaasje==

De ferzje fan 31 jul 2006 om 18.07

Wapen FFJ Bernlef

F.F.J. Bernlef, de Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef, is in studinteferiening yn Grins.

Skiednis

Bernlef is oprjochte yn 1925 nei in oprop fan Ruerd Heech yn de Der Clercke Cronike, de foargonger fan de notiidske UniversiteitsKrant. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard Bernlef.

Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef west tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn 1956 krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, De Harpe (al hiet it earste nûmer noch De Klok). Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens foartsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen, nei in fêst bestean mei in eigen pân gong. Yn 1971 waard it pân De Pizel oan de râne fan de binnenstêd fan Grins belutsen, en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.

Hjoeddeisk

Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân (mei as meast slagge foarbyld de Fryske Kameleonfilm). It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende types fan minsken, ôfkomstich út sawal Fryslân sels as oare dielen fan de wrâld. Bernlef hat dêrom in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.

De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwen fan de feriening en it behear fan har finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, sa as it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan De Harpe. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse diele en dêr wat mei dogge, sa as fuotbaljen as klaverjassen.

It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch de twa of trije soasjûnen yn 'e wike en meastentiids ek wol de ien of de oare 'spesjale' aktiviteit tidens ien fan de soasjûnen of op in oar tiidstip.

Federaasje

Bernlef is lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings dy't op har beurt wer oansletten is by de Ried fan de Fryske Beweging. De wichtichste aktviteit fan de Federaasje is de jierlikse organisaasje fan it Krystkongres yn Frjentsjer.

Keppeling om utens