Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:هارپسیکورد
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: kk:Клавесин
Rigel 50: Rigel 50:
[[ja:チェンバロ]]
[[ja:チェンバロ]]
[[ka:კლავესინი]]
[[ka:კლავესინი]]
[[kk:Клавесин]]
[[ko:하프시코드]]
[[ko:하프시코드]]
[[la:Clavicymbalum]]
[[la:Clavicymbalum]]

De ferzje fan 22 aug 2011 om 05.51

Klavesimbel yn Flaamske styl

De klavesimbel is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.

Toanfoarming

It klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in houten dokje omheech, dêryn sit in hulsthouten tonkje dat mar ien kant út kin. Yn dit tonkje sit in plektrum fan fûgelfear (eartiids fan in raaf), hjoeddeis meastentiids fan delrin, in keunststof, dy't de snaar poent. Oan it dokje sit ek in demperke fan lekken of sêft lear, dat by it loslitten fan de toets de snaar dempt. In speciaal klavesimbeltechnykje is it yndrukt hâlden fan bepaalde parten fan in akkoard om dizze toanen trochklinke te litten. Dizze technyk is noch famylje fan it luitspyljen.

De âldste Flaamske klavesimbels hiene twa registers, dat wol sizze, eltse toets hie twa snaren, ien op gewoane toanhichte, de saneamde acht-foet, en in register dat in oktaaf heger klonk, mei snaren dy't heal sa lang wiene as it acht-foetsregister, dit register neamt men de fjouwer-foet. Ek makke men klavesimbels mei twa acht-foets registers. Om' t men yn 'e 17e ieu maklik transponearje woe, boude men yn Flaanderen ek klavesimbels mei twa klavieren, wêrby' t elts klavier in eigen toanhichte hie. Letter, likernôch om 1650 hinne, waarden de Flaamske klavesimbels boud mei twa klavieren mei likense toanhichte en koe men de klavieren koppelje, wat de mooglikheden foar de registraasje tige fergrutte.

De Frânske bouwers namen nei 1680 de Flaamske bouwwizen oer, wreiden de klaviergrutte út fan fjouwer nei fiif oktaven (grande ravalement) en makken de Frânske ynstruminten ta de moaiste fan de 18e ieu, mei bouwers as Francois Etienne Blanchet en syn learling Pascal Taskin. Hjoeddeise bouwers brûke harren ynstruminten faken as foarbyld.

Skiednis

It klavesimbel is nei alle gedachten om 1500 hinne ûntwikkele yn Itaalje, mar ek yn Frankryk waarden al yn de 15e ieu ynstruminten boud mei in tokkelmeganyk. Yn de 17e ieu wie Antwerpen, en ek fierder de Súdlike Nederlannen, ferneamd om de klavesimbels dy't dêr boud waarden. Dizze ynstruminten waarden fral foar keamermuzyk brûkt. Yn Frankryk boude men earst op de Italjaanske manier, mar letter namen de Frânsken de Flaamske bouwize oer. Yn Dútslân boude men om 1700 hinne yn in mingstyl tusken Italjaanske en Frânske ynstruminten. It klavesimbel waard yn orkesten brûkt as dirigear-ynstrumint, mei de lieder fan it orkest, de maestro al cembalo, achter it klavesimbel, mei de oare ynstruminten der yn in heale sirkel omhinne. De fine heldere klank joech dúdlik it tempo oan!

It klavesimbel en it klavichord wienen de foarrinners fan de fortepiano, dy't oan de ein fan' e 18e ieu stadichoan it plak fan klavesimbel en klavichord oernaam. Mar ek Mozart spile syn grutte klavierkonserten noch faken op klavesimbel.

Sûnt yn de 19e ieu de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Ien fan de earsten dy't dêr mei begûn, wie de Ingelsman fan Frânske komôf Arnold Dolmetsch (1858-1940). Yn it begjin fan de 20e ieu bouden de firma's Erard, Pleyel en Neupert dizze ynstruminten noch fuortbouwend op de fierder ûntwikkele pianobouwize, mei dikke kastwanden en sûnder boaiem ûnder de kast, Fierders waarden dizze ynstruminten foarsjoen fan tal fan registers om klankferoaringen mooglik te meitsjen. It folume fan dizze ynstruminten wie swak, de klank keal en net botte sjongend.

Nei de Twadde Wrâldkriich begûn men kopyën te meitsjen fan ynstruminten út de 17e en 18e ieu. Dizze kopyën hiene tinne kastwanden en in boaiem, sadat dizze sletten klankkast soarge foar in folle grutter folume! Yn deselde perioade begûn men ek wer âlde stimmingen te brûken. Omdat klavesimbels fanwege alle hânwurk djoer wiene, waarden der nei 1960 ek klavesimbels yn de foarm fan boupakketten op de merk brocht, dizze boupakketten kinne tige goed klinkende ynstruminten opleverje, al moat men fansels wol krekt wurkje kinne.