David Fabricius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: nl:David Fabricius (deleted)
L r2.7.1) (Bot - derby: nds:David Fabricius
Rigel 25: Rigel 25:
[[ja:ダーヴィト・ファブリツィウス]]
[[ja:ダーヴィト・ファブリツィウス]]
[[lb:David Fabricius]]
[[lb:David Fabricius]]
[[nds:David Fabricius]]
[[pl:David Fabricius]]
[[pl:David Fabricius]]
[[pt:David Fabricius]]
[[pt:David Fabricius]]

De ferzje fan 19 aug 2011 om 13.33

Ofbyld:David Fabricius.jpg
David Fabricius.

David Fabricius (Esens (East-Fryslân), 1564 - Osteel, 1617) wie in East-Fryske teolooch, amateurastronoom en kartograaf. Hy wie de heit fan Johann Fabricius, dy't yn it jier 1611 syn earste wittenskiplike stik oer sinneflekken skreau, neidat er tegearre mei syn heit de sinne ûndersocht hie.

David Fabricius die teleskopysk ûndersyk nei de sinne fan ús sinnestelsel en de moanne fan de ierde. Fierders ûndersocht er stjerren en planeten; hy hie bysûndere ynteresse foar de planeet Mars. Neist de astronomy hie er belangstelling foar de meteorology. Yn 1589 makke hy de earste printe kaart fan East-Fryslân.

De grutte (90-kilometer trochsnee) krater Fabricius yn de sudlike hemisfear fan de Moanne is nei David Fabricius neamd. Yn 1895 is in monumint oprjochte op it tsjerkhôf yn Osteel dêr't er pastoar wie fan 1603 oant 1617.

Keppeling om utens