Botnyske Golf: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: ar:خليج بوثنيه
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: nds-nl:Botniese Golf
Rigel 50: Rigel 50:
[[mk:Ботнијски залив]]
[[mk:Ботнијски залив]]
[[mr:बोथनियाचे आखात]]
[[mr:बोथनियाचे आखात]]
[[nds-nl:Botniese Golf]]
[[nl:Botnische Golf]]
[[nl:Botnische Golf]]
[[pl:Zatoka Botnicka]]
[[pl:Zatoka Botnicka]]

De ferzje fan 17 aug 2011 om 22.07

Lizzing fan de Botnyske Golf
Botnyske Golf winterdeis foar in part beferzen, (2002)

De Botnyske Golf (Sweedsk: Bottniska viken, Finsk: Pohjanlahti) is it meast noarlike diel fan de Eastsee. De see leit tusken de westkust fan Finlân en de eastkust fan Sweden. Yn it suden fan de golf lizze de Ålandeilannen en de Ålandsee.

De Golf is 725 km lang, 80-240 km breed en had in trochsnee(d) djipte fan 60 m. De maksimum djipte is 295 m. It oerflak berint 117.000 km². Nijsgjirrich oan de Botnyske Golf is ek dat it sâltgehalte nei it noarden ta hurd ôfnimt. Yn it suden hat de Golf gewoan it brakke wetter fan de Eastsee, mar yn it noarden is het sâltgehalte sa leech dat swietwetterfisk har dêr thús fielt. Dit ferskynsel is ek de reden dat de Golf fiif moanne yn it jier foar it grutste part beferzen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel of in eardere ferzje derfan is (foar in part) oerset fan de Ingelsktalige Wikipedia