Kneppelfreed: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Saksen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Saksen (folk)
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 73: Rigel 73:
== Betsjutting ==
== Betsjutting ==
De betsjutting fan Kneppelfreed foar it Frysk en Fryslân moatte noch oerdreaun, noch ûnderskat wurde. Dit stiet fêst: de problematyk oangeande it Frysk helle einlik de lanlike parse en wat noch mear seit, der kaam yn juridyske blêden in diskusje op gong. Sa krige ek it regear yn 'e rekken dat der yn Fryslân wat te rêden wie.
De betsjutting fan Kneppelfreed foar it Frysk en Fryslân moatte noch oerdreaun, noch ûnderskat wurde. Dit stiet fêst: de problematyk oangeande it Frysk helle einlik de lanlike parse en wat noch mear seit, der kaam yn juridyske blêden in diskusje op gong. Sa krige ek it regear yn 'e rekken dat der yn Fryslân wat te rêden wie.

== Kneppeljen nei keppeljen ==
Septimber [[2011]] is it 60 jier lyn dat kneppelfreed plak fun. De [[Ried fan de Fryske Beweging]] grypt dit oan om sechtich dagen lang feest te fieren. It feest hat de namme fan kneppeljen nei keppeljen. De Ried fan de Fryske beweging wol boppedat de betinking yn in breder mondiaal ramt sette: hoe komt it mei de rykdom oan talen op ’e wrâld. Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan de rykdom oan talen gewurde litte, of komme wy yn aksje.


== Literatuer ==
== Literatuer ==
Rigel 81: Rigel 84:
== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.kneppelfreed.nl Offisjele hiemside]
* [http://www.kneppelfreed.nl Offisjele hiemside]
* [http://www.keppelje.nl Offisjele hiemside betinking fan kneppeljen nei keppeljen]
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/60/ Kneppelfreed yn de kanon fan de Fryske skiednis]
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/60/ Kneppelfreed yn de kanon fan de Fryske skiednis]
* [http://geschiedenis.vpro.nl/programmas/2899536/afleveringen/4257546/ Kneppelfreed by de VPRO]
* [http://geschiedenis.vpro.nl/programmas/2899536/afleveringen/4257546/ Kneppelfreed by de VPRO]

De ferzje fan 16 aug 2011 om 15.00

Kneppelfreed wie 16 novimber 1951, doe't der op it Saailân yn Ljouwert in opskuor plakfûn. Mei alles dat deromhinne foarfallen is, hat dy dei in net ûnbelangrike rol spile yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en der úteinlik ta laat dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige.

It Foarspul

De Molke-en-Sûpe-affêre

Yndirekt wie Kneppelfreed it gefolch fan in op himsels ferbjusterjend ûnbetsjuttende rjochtsaak op 20 oktober 1948 foar it kantongerjocht op It Hearrenfean. Dêrby waarden twa molktapers út Aldeboarn, Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw, oanklage om't se de wurden "molke" en "sûpe" op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it wetlik fereaske "melk" en "karnemelk".

Nea hie dizze rjochtsaak safolle oandacht krigen as de rjochter, mr. S.R. Wolthers, de oanklagen net ferbean hie om yn 'e rjochtseal Frysk te sprekken en Van der Hoek net bespot hie doe't dy dat dochs die. Wolthers útspraak "U bent toch op school geweest? U spreekt toch Nederlands?" (Jo hawwe dochs op skoalle west? Jo sprekke dochs Nederlânsk?) hie úteinlik mear gefolgen dan syn fûnis, skuldich sûnder oplizzing fan straf.

Nei de rjochtsaak fûn der in skerpe útwikseling fan stânpunten plak yn 'e Hearrenfeanster Koerier, tusken Wolthers, fia ynstjoerde brieven, en Fedde Schurer, dy't doedestiids haadredakteur fan dy krante wie. Dit foarfal lei it fûndemint foar wat der in pear jier letter barde.

De saak Van der Burg

Op 17 oktober 1951 kaam der nammentlik inselde soarte saak foar by deselde rjochter. Diskear gong it om Sjirk Frânses van der Burg, bistedokter op De Lemmer, en yn syn studintetiid in liedende figuer yn de Federaasje fan Fryske Studinte Ferienings. Van der Burg wie oanholden om't er op in dyk ride hie dy't ôfsletten wie troch it wetterskip, Hy hie dat dien om't er in haastgefal hân hie, dat hy liet it op in rjochtsaak oankomme. Uteinlik krige er in boete fan sân gûne, mar dêrmei wie de saak noch net klear. Want Van der Burg hie wegere om Nederlânsk te sprekken en Wolthers hie wegere him te ferstean as er Frysk spruts.

Wolthers, dy 't al jierren yn Fryslân wenne en it Frysk al ferstean koe, woe dochs fan de beklage dat er Nederlânsk prate en frege him at er as studearre man gjin Nederlânsk koe. Van der Burg gong troch yn it Frysk en fierde oan dat immen dy't yn Fryslân terjochte stie, syn eigen taal brûke meie moatte soe. Dêrop gong de rjochter derta oer de sitting op te skowen, om him derop te berieden, at der in tolk komme moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfûn hie en dêrnei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.

Doe't de sitting wer iepene waard, waard oan 'e beklage meidield dat der gjin tolk komme koe - eat dat de rjochter yn 't foar ek wol witte kinnen hie. De rjochter moast it doe duldzje dat de beklage Frysk spruts. Mar ûnderwilens liet er Van der Burg noch al witte: "Officieel versta ik u niet." (Offisjeel kin ik jo net ferstean.) Dat betsjutte dat Van der Burg yn 'e rjochtseal wol Frysk prate koe, mar dat wat er sei dan net opnommen waard yn it ferslach en dat der ek gjin rekken mei holden wurde soe by it fêststellen fan it fûnis.

Reaksjes op 'e saak Van der Burg

Twa dagen letter, op 19 oktober, skreau Fedde Schurer, dy by de saak yn de rjochtseal west hie, in tige skerp haadartikel yn 'e Hearrenfeanske Koerier, dêr't er Wolthers syn "lytsbernich, misledigjend en narjend gedrach" yn feroardiele. De bekendste passaazje dêrút is lykwols dy dêr't er Wolthers en syn lyksinnige kollega's yn ferliket mei de Swarte Heap, de bende moardzjende en plonderjende Saksyske hierlingen dêr't Fryslân yn Grutte Pier syn tiid sa fan te lijen hie. Schurer syn artikel wie dan ek titele: "De laatste man van de Zwarte Hoop" (De lêste man fan de Swarte Heap.).

Ut dit artikel it folgjende:

De beantwoording van de vraag, waarom de heer Wolthers zo mateloos geïrriteerd wordt bij het horen van de taal van het volk waarover hij zo lang rechtsprak, ligt meer op des psychiaters weg dan op de onze. Maar het feit, dat hij deze geïrriteerdheid in de openbare uitoefening van zijn functie zo slecht weet te verbergen, is een feit dat ons allen raakt. Morgen kunnen ook wij voor de rechterstoel staan.
(De fraach te beänderjen wêrom de hear Wolthers sa oermjittich irritearre rekket by it hearren fan de taal fan it folk dêr't er sa'n tiid rjocht oer sprekt, leit mear op it paad fan de psychiater as op uzes. Mar it feit, dat er dizze irritaasje by it iepenbier útoefenjen fan syn funksje sa min ferbergje kin, is in feit dat ús allegear oangiet. Moarn kinne wy ek foar de rjochterstoel stean.)

Dit kinderachtige, beledigende en treiterende optreden tegenover een representatieve figuur als de heer Van der Burg is een openlijke provocatie voor het Friese volk in het algemeen en voor zijn georganiseerde studerende jeugd in het bijzonder. De heer Wolthers, die officieel geen kind meer is, moet zich deze dingen wel bewust zijn.
(Dizze lytsbêrneftige, misledigjende en narjende hannelwize tsjin in represintatyf figuer as de hear Van der Burg oer is in iepentlike provokaasje foar it Fryske folk yn 't miene en foar syn organisearre studearjende jongerein yn 't bysûnder. De hear Wolthers, dy't offisjeel gjin lytsbern mear is, moat him dy dingen wol bewust wêze.)

In de middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische Bende, die de Zwarte Hoop werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega's te reserveren.
(Yn de midsieuwen is Fryslân pleage troch in Saksyske Binde, dy't de Swarte Heap neamd waard. Mr. Wolthers liket it him yn de holle set te hawwen, dy namme foar himsels en syn lyksinnige kollega's te reservearjen.)

In pear wike letter skreau de kollemnist Tsjebbe Jong in sels noch útsprutsener stik yn it Boalserter Nijsblêd:

Dit is wol in tryst stikje treiterij. [...] Hwat yn 'e goedichheit kin sa'n man biwege om sa dom, sa provocerend en sa maniakael op to treden. Kin soks jit ûnder normale situaties rekkene wurde of is it wurd oan de psychiator.

As men soks meimakket, moat men jin bihearskje om sa'n man net mei in kneppel op syn baitsje to jaen.

Foar it Iepenbier Ministearje wienen dizze krante-artikels reden om sawol Schurer as De Jong oan te kleien foar kwealaster.

Kneppelfreed

De Rjochtsaak

De rjochtsaak tsjin 'e beide sjoernalisten fûn plak op freed 16 novimber 1951 yn Ljouwert foar de plysjerjochter, mr. Tj. Taconis "wegens belediging van een rechterlijke ambtenaar in de uitoefening van zijn functie" (om mislediging fan in rjochterlik ambtner yn it útoefenjen fan syn funksje). De ofsier fan justysje wie mr. H.H.Kuipers, de ferdigener mr. D. Okma en de tsjûge-saakkundige haadredakteur Pieter Wijbenga fan it Frysk Deiblêd.

As in iroanyske noat fan dizze rjochtsitting mei wol jilde, dat der ek no Frysk praat waard en dat soks yn Ljouwert gjin inkelde swierrichheid opsmiet, útsein dat Wijbenga de eed net yn it Frysk ôflizze mocht.

De ofsier fan justysje achte it mei sin misledigjen fan Wolthers troch Fedde Schurer bewiisd. Mr. Okma, de ferdigener, wie fan betinken, dat it net de bedoeling fan Schurer west hie, Wolthers persoanlik te misledigjen, mar dat it artikel sjoen wurde moast as in ynmoedige ferdigening fan it Frysk.

Fedde Schurer sels sei yn syn lêste wurd, dat hy syn plicht dien hie foar God en syn lân troch op te kommen tsjin it geweld dat Fryslân oandien waard. "Ik moat it rjocht hawwe, nou en yn 'e takomst, om as myn folk yn syn eare en syn bistean taest wurdt, fûl fan my to slaen mei it wapen, dat my net om 'e nocht tabitroud is: it wurd. Moat ik dêrfoar straft wurde neffens in noarm, dy't net myn folk, mar wol syn oanranners biskermet, dan sil it dragen fan dy straf my greater eare wêze as hokker priis. Dan bin ik solidair mei myn meifortochte Tsjebbe de Jong en mei alle striders foar Fryslân fan earder en letter tiid. Sa wier helpe my God Almachtich."

Schurer beskreau yn syn autobiografy, De Bisleine Spegel, de reaksje fan de rjochter op dit pleit sa: " 'Heeft niets met de zaak te maken,' sei mr. Taconis en naam in dropke." (Hat neat mei de saak te krijen.) De eare fan it dragen fan 'e straf waard Schurer dan ek net ûntholden. Hy waard feroardiele ta in finzenisstraf fan fjirtjin dagen op betingst mei in proeftiid fan trije jier.

Wat de saak tsjin Tsjebbe de Jong oangiet: mr. Okma fierde ta syn ferdigening oan dat er syn artikel mei hastigens skreaun hie. De ofsier fan justysje kompinsearre de swierdere mislediging fan Wolthers mei de lytsere oplaach fan it Boalserter Nijsblêd en easke deselde straf. De Jong krige úteinlik sân dagen op betingst mei in proeftiid fan trije jier, sadat er, neffens de rjochter, net wer wat yn hastigens skriuwe soe.

It opskuor

Underwilens wie op it Saailân, foar it gerjochtsgebou, in grutte kliber folk gearkommen. Yn 't earstoan hienen der allinne mar guon Fryske skriuwers west, dy't harren solidariteit mei Fedde Schurer útdrukke woenen, en fierders wat oanhingers fan 'e Fryske Beweging, in tal studinten en de sjoernalisten fan 'e Frysktalige parse, dy't net nei binnen mocht omdat der te min romte wie. De saak waard nammentlik holden yn 'e lytse seal, dêr't amper romte wie foar tweintich taskôgers, om't - neffens de offisjele ferklearring - de ferwaarming fan 'e grutte seal te djoer wie.

Mar hoe't dat ek wie, freed wie merkdei yn Ljouwert en ek waard dan de feemerk holden, dat al gau woeks it groepke lju oan ta in grutte mannichte, dêr't de measten fan eins hielendal net foar de rjochtsaak nei Ljouwert takommen wienen. Doe't de plysje de lju wat weromkrong, ûntstie der even in lytse opskuor, mar fuort letter wie it wer rêstich.

Om healwei fiven hinne kaam lykwols de skriuwer Eeltsje Boates Folkertsma nei bûten ta om de wachtsjenden te fertellen hoe't de rjochtsaak tsjin Schurer einige wie, wylst alle oaren binnenbleauwen foar de saak tsjin De Jong. Om Folkertsma hinne ûntstie doe fansels oprin, dat troch de plysje ynterpretearre waard as nije reboelje.

Der waarden helptroepen optrommele en de brânwacht kaam mei brânspuiten. De lju op it Saailân fielden har bedrige, begûnen de plysje mei fruit te bekûgeljen en besochten de brânslangen troch te snijen. De plysje reagearre hjir ûnbehearske op en sloech sûnder ûnderskie te meitsjen op 'e útnaaiende minsken yn mei de wapenstôk, wylst ek tafallige foarbygongers net sparre waarden. In grut tal minsken waard dy deis rekke troch wetter of kneppel en guon, lykas Pieter Wijbenga, de haadredakteur fan it Frysk Deiblêd, waarden sels slim yninoarslein troch de plysje.

Dit barren is de skiednis yngongen as "Kneppelfreed" - in beneaming dy't Schurer, neffens Douwe Tamminga en Jo Smit, sels betocht hat - en is efterôf sjoen ien fan 'e wichtichste foarfallen yn 'e skiednis fan 'e emansipaasje fan 'e Fryske taal.

Neispul

Kneppelfreed sloech yn Fryslân nammentlik yn as in bom. De provinsjale parse kaam de plysje en rjochterlike macht tenei mei in stoartfloed fan krityk en lilkens. Al daliks de folgjende snein waarden der yn guon tsjerken preken holden oer Kneppelfreed. En presys in wike letter organisearre de Ried fan de Fryske Beweging in protestgearkomste, dy't twaris op 'e selde jûns holden wurde moast fanwegen de geweldige belangstelling, en ek doe moasten der noch fjouwerhûndert minsken teloarsteld wurde.

Underwilens ferskynden der yn 'e Nederlânske parse alarmearjende artikels oer de mooglike radikalisearring fan 'e Fryske Beweging. En ek yn 'e Twadde Keamer kaam Kneppelfreed oan 'e oarder. Dêre beklagen guon parlemintsleden, lykas de ynfloedrike Fries Pieter Sjoerds Gerbrandy (ARP) en de Hollanner Johan Scheps (PvdA), harren bitter oer de gong fan saken. Tsjin dy tiid waarden yn Ljouwert by de kommissaris fan plysje en guon leden fan 'e rjochterlike macht de ruten yngoaid.

Mûglik as reaksje op de ideeën yn de parse oer de radikalisearring, stjoerde it regear yn De Haach daliks net minder as trije ministers twa dagen lang op ferkenning nei Fryslân, eat dat noch nea foarkommen wie.

Nei jierren fan tarieding en debatten late dit yn 'e jierren 1955 en 1956 allegearre ta de ynfiering fan nije wetjouwing oangeande it Frysk. Dêrby krige it Frysk offisjeel de status fan twadde rykstaal, al makke dat Nederlân net in twatalich lân, lykas Kanada dat al is. Fierders krigen Friezen it rjocht om yn Fryslân harren eigen taal yn 'e rjochtseal te sprekken en om wêr dan ek yn Nederlân de eed yn it Frysk ôf te lizzen. Wat it ûnderwiis oanbelange, krige it Frysk op 'e legere skoallen, dêr't it al sûnt 1937 as ekstra fak tastien wie, no einlik de status fan folweardich skoalfak.

Schurer gong yn berop tsjin it fûnis, en op 18 maart 1952 waard syn straf werombrocht ta de oarspronklike eask fan 150 gûne boete.

Betsjutting

De betsjutting fan Kneppelfreed foar it Frysk en Fryslân moatte noch oerdreaun, noch ûnderskat wurde. Dit stiet fêst: de problematyk oangeande it Frysk helle einlik de lanlike parse en wat noch mear seit, der kaam yn juridyske blêden in diskusje op gong. Sa krige ek it regear yn 'e rekken dat der yn Fryslân wat te rêden wie.

Kneppeljen nei keppeljen

Septimber 2011 is it 60 jier lyn dat kneppelfreed plak fun. De Ried fan de Fryske Beweging grypt dit oan om sechtich dagen lang feest te fieren. It feest hat de namme fan kneppeljen nei keppeljen. De Ried fan de Fryske beweging wol boppedat de betinking yn in breder mondiaal ramt sette: hoe komt it mei de rykdom oan talen op ’e wrâld. Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan de rykdom oan talen gewurde litte, of komme wy yn aksje.

Literatuer

  • K. Boelens en oaren, Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
  • P.R. Boomsma, Kneppelfreed - Gevecht om de Taal met Wapenstok en Waterkanon, Frjentsjer, 1998.
  • Geschiedenis van Friesland 1750-1995, ûnder redaksje fan Joh. Frieswijk, JJ. Huizinga, L.G. Jansma en Y.B. Kuiper, Amsterdam, 1998.

Keppeling om utens