Aleksanderje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: am:እስክንድርያ
L r2.7.1) (Bot - oars: os:Александрия
Rigel 97: Rigel 97:
[[no:Alexandria]]
[[no:Alexandria]]
[[oc:Alexàndria]]
[[oc:Alexàndria]]
[[os:Александри]]
[[os:Александрия]]
[[pl:Aleksandria]]
[[pl:Aleksandria]]
[[pnb:اسکندریہ]]
[[pnb:اسکندریہ]]

De ferzje fan 13 aug 2011 om 15.45

Lizzing fan Aleksandrje yn Egypte

Aleksandrje of Aleksanderje (Arabysk: الإسكندرية / al-ʼIskandariyyah; Ald-Gryksk: ̉Αλεξάνδρεια) is in stêd yn it noarden fan Egypte, oan de Midlânske See en de op ien nei grutste stêd fan dat lân. It leit oan de noardwestpunt fan de Nyldelta.

De stêd is ferneamd nei Aleksander de Grutte, dy't in wrâldryk festige dêr't ek Egypte diel fan útmakke. Yn opdracht fan him boude de Grykske arsjitekt Dinokrates om-ende-by 330 f. Kr. de stêd. Aleksandrje wie ien fan de protte steden dy't yn opdracht fan Aleksander stifte waarden en allegearre nei him ferneamd.

Tsjintwurdich is Aleksandrje in grutte stêd mei in befolking fan om-ende-by 4 miljoen ynwenners. Der is in wichtige gemyske yndustry festige mei ferskate technologyske bedriuwen. Yn de simmer komme in soad rike Egyptenaren nei de stêd fanwege it relative koele en noflike seeklimaat.

Nijsgjirrichheden yn en om Aleksandrje

Aleksandrje

Oare stêden mei de namme Aleksandrje

San Stefano, Aleksandrje

Der binne op de wrâld in soad stêden dy't Aleksandrje hjitte of hjitten hawwe. Aleksander de Grutte ferneamde by syn fjildtochten in protte stêden nei himsels.

De Turkske foarm fan de namme Aleksandrje is Iskenderiye, en de Turkske stêd Iskenderiye (modern Turksk İskenderun is dus ien fan de Aleksandrjes. Yn it Arabysk is al- in foarheaksel, fandêr dat se Aleksander "Eksander" neamden, of mei ferwikseling fan de twalûden Eskander of Iskander of Iskender. Ek it Albaneeske Shkodër hie eartiids de namme Iskenderiye. En yn Irak leit ek in Iskanderia. Oare stêden dy't as Aleksandrje stifte binne, binne Herat, Farah, Kandahar, Chodzjand, Gazhni, Charikar, Bagram en Termiz.

Yn de Feriene Steaten fan Amearika lizze ek ferskate stêden mei dizze namme.

Keppeling om utens

Berjocht:Link FA