Demokratyske Republyk Kongo: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - fuort: nap:Repubbreca Democratica d'o Congo
Rigel 157: Rigel 157:
[[na:Ripubrikit Engame Kongo]]
[[na:Ripubrikit Engame Kongo]]
[[nah:Tlācatlahtohcāyōtl Tlācatēpacholiztli in Congo]]
[[nah:Tlācatlahtohcāyōtl Tlācatēpacholiztli in Congo]]
[[nap:Repubbreca Democratica d'o Congo]]
[[nds:Demokraatsche Republiek Kongo]]
[[nds:Demokraatsche Republiek Kongo]]
[[nl:Congo-Kinshasa]]
[[nl:Congo-Kinshasa]]

De ferzje fan 12 aug 2011 om 02.51

République Démocratique du Congo
Flagge fan Demokratyske Republyk Kongo Wapen fan Demokratyske Republyk Kongo
Flagge Wapen
Lokaasje fan Demokratyske Republyk Kongo
Offisjele taal Frânsk, Lingala, Kikongo, Swahili en Tshiluba
Haadstêd Kinsjasa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2.344.858 km²
3,3­%
Ynwenners (2007) 63.655.000
Munt Kongoleeske frank (CDF)
Tiidsône UTC +1/+2
Nasjonale feestdei 30 juni
Lânkoade COD
Ynternet .cd
Tillefoan 243

De Demokratyske Republyk Kongo ek wol Kongo-Kinsjasa is in lân yn Afrika. De haadstêd is Kinsjasa. De Demokratyske Republyk Kongo is net itselde lân as de Republyk Kongo.

Geografy

Lizzing

It lân wurdt begrinzge troch

Lânskip

Livingstonewetterfallen tichtby Kinsjasa

Kongo-Kinsjasa is it op twa nei grutste lân fan Afrika en leit yn it Saire-bekken, in 200 oant 400 meter hege flakte. Yn it easten wurdt it troch de Sintraal-Afrikaanske Slinke en yn it westen troch de rivieren Kongo en Kuango begrinze.

It lân omfiemet it grutste part fan it streamgebiet fan de Kongorivier, dy't sawat in miljoen kante kilometer beslagget en dêr't de Livingstonewetterfallen ek yn lizzen. De heechste bergen fan it lân binne de Firunga-fulkaan en it Ruwenzory-massyf.

Yn it lân lizze in oantal grutte marren, dêr't it grutste mar it Tanganyikamar fan is, oare grutte marren binne it Albertmar, it Edwardmar en it Kivumar. Al dizze marren lizze oan de eastgrins.

Skiednis

Yn 1885 waard de Kongo privee-besit fan de Belgyske kening, dy't systematysk de âlde stamgebieten útinoar helle. It lân stie doe bekend as Belgysk Kongo. Op 30 juny 1960 waard it ûnôfhinklik fan Belgje en krige it de namme Kongo-Kinsjasa, nei de haadstêd. Yn 1971 waard keazen foar de namme Saïre dat wer feroare waard yn Demokratyske Republyk Kongo yn 1997.

Demografy

Befolking

Ofbyld:Culture of DRC - fashion1.jpg
Kongolese frou yn klean winkel.

Berjocht:Main Neffens de Feriene Naasjes wie de befolking sûnt 1997 fan 46,7 miljoen útwaakse ta om-ende-by 62.6 miljoen yn 2007. Yn it lân libje mear as 250 etnyske groepen. De grutste befolkingsgroep hjirfan binne de Kongo, Luba, and Mongo.

Taal

Hoewol't sân hûndert lokale talen en dialekten sprutsen wurde, wurdt de taalkundige diversiteit oerbrêgen troch it wiidfersprate gebrûk fan it Frânsk en intermedêre talen lykas Kongo, Tshiluba, Swahily en Lingala.

Religy

Mear as 80% fan de befolking is kristen, dêr't 50% fan roomsk-katolyk, 30% protestants en 17% dy't by ferskate ynhiemske tsjerkegenoatskippen hearre.

Neist kristenen binne yn Kongo ek moslims, dy't mar in lyts part fan de befolking útmakke. Hoewol't lyts in tal hawwe de Moslims wol altyd in wichtich plak ynnommen yn de skiednis.

Utsein kristenen en moslims binne der ek noch baha'i's en oanhingers fan ynhiemske religys.