Willem I fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes
→Titels: nochris fw |
Luckas-bot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: nn:Vilhelm I av Nederland |
||
Rigel 52: | Rigel 52: | ||
[[mr:विल्यम पहिला, नेदरलँड्स]] |
[[mr:विल्यम पहिला, नेदरलँड्स]] |
||
[[nl:Willem I der Nederlanden]] |
[[nl:Willem I der Nederlanden]] |
||
[[nn:Vilhelm I av Nederland]] |
|||
[[no:Vilhelm I av Nederland]] |
[[no:Vilhelm I av Nederland]] |
||
[[pl:Wilhelm I (król Niderlandów)]] |
[[pl:Wilhelm I (król Niderlandów)]] |
De ferzje fan 5 aug 2011 om 19.56
Willem Frederik fan Oranje-Nassau (De Haach, 24 augustus 1772 – Berlyn, 12 desimber 1843) wie as Willem I fan 1813 oant 1815 soeverein foarst en fan 1815 oant 1840 de earste kening fan de Nederlannen. Under syn bewâld foarmen it hjoeddeiske Nederlân en Belgje fan 1813 oant 1830 ien steat.
Jeugd en houlik
Willem Frederik waard yn 1772 berne yn te 's-Gravenhage as tredde soan fan steedhâlder Willem V en prinsesse Wilhelmina fan Pruisen, in nicht fan Frederik II fan Pruisen. Nei de dea fan steedhâlder Willem V stie hy oant 1815 bekend as Willem VI.
Willem Frederik sels boaske yn 1791 syn folle nicht Wilhelmina fan Pruisen, suster fan Frederik Willem III, kening fan Pruisen. Ut dit houlik waarden fjouwer berne berne:
Ofbyld | Namme | Berne | Ferstoarn | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
Willem Frederik George Lodewijk | 6 desimber 1792 | 17 maart 1849 | Boaske Anna Paulowna fan Ruslân De lettere kening Willem II. | |
Willem Frederik Karel | 28 febrewaris 1797 | 8 septimber 1881 | ||
Wilhelmina Frederika Louise Paulina Charlotte | 1 maart 1800 | 22 desimber 1806 | ||
Wilhelmina Frederica Louisa Charlotte Marianne | 9 maaie 1810 | 29 maaie 1883 |
Titels
Neist kening fan de Nederlannen droech Willem I de titels prins fan Oranje-Nassau, foarst fan Fulda (1803-1806), greve fan Corvey, Weingarten en Dortmund (1802-1806) en letter as Willem I soeverein foarst fan it Soeverein Foarstendom fan de Feriene Nederlannen (1813-1815), hartoch fan Lúksemboarch (1815), gruthartoch fan Luxemboarch (1815-1840) en hartoch fan Limburch (1839-1840). Nei syn abdikaasje nom hy de titel en namme kening Willem Frederik greve fan Nassau oan.
Literatuer (karút)
- Johann Stephan Wijne Koning Willem I, útjouwerij Kruseman, De Haach (1964)
- Leonard Jan Plemp van Duiveland Willem Frederik, koning der Nederlanden, útjouwerij Nederlandsche Handel-Maatschappij, Amsterdam (1949)
- Adriaan Goslinga Koning Willem I als verlicht despoot, útjouwerij Bosch, Baarn (1918)
Keppeling om utens
- Johan Rudolf Thorbecke over Willem I, yn in artikel wijd oan Anton Reinhard Falck
- Erflaters van onze beschaving It haadstik wijd oan Willem I fan Jan Romein en Annie Romein-Verschoor.
- Koarte dokumintêre oer Willem I yn de byldbank fan School tv.
- Koning Willem I Nederlânske Portrettengalerij