Arabysk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: cu:Аравьскъ ѩꙁꙑкъ
L r2.7.1) (Bot - derby: lbe:Аьраб маз
Rigel 107: Rigel 107:
[[la:Lingua Arabica]]
[[la:Lingua Arabica]]
[[lad:Lingua arábiga]]
[[lad:Lingua arábiga]]
[[lbe:Аьраб маз]]
[[li:Arabisch]]
[[li:Arabisch]]
[[lij:Lengua àraba]]
[[lij:Lengua àraba]]

De ferzje fan 25 jul 2011 om 02.24

Blêdside út de Koaran yn it Arabysk

It Arabyske is in taal út de Afro-Aziatyske taalfamylje, dus relatearre oan it Hebrieusk en oan it Arameesk, nei alle gedachten de taal fan Jezus Kristus. It wurdt praat yn in grut diel fan it Heine Easten en oan de noardkust fan Afrika, yn likernôch 22 lannen.

Islam

It Arabysk is de religieuze taal fan mohammedanen, en de taal dêr't it hillige boek fan de Islam, de Koaran yn skreaun is. It is net sa dat alle mohammedanen de taal sprekke, mar Arabysk wurdt al leard en brûkt troch mohammedanen de hiele wrald oer.

Klassyk Arabysk

De standertfoarm fan de taal hjit Klassyk Arabysk. Dizze foarm wurdt yn boeken, yn 'e media en yn de religieuze lear brûkt; it is in offisjele taal yn alle Arabyske lannen. Der is lykwols, lykas mei oare skrifttalen, in dúdlik ferskil tusken de skreaune foarm fan it Klassyk Arabysk en de sprutsen foarm. Of de foarmen as twa aparte talen beskôge wurde moatte is net eltsenien it oer iens.

Deistige taal

Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun.

Skrift

Arabysk wurdt yn it Arabyske skrift skreaun, in skrift dat fan rjochts nei lofts rint. Dat Arabyske skrift wurdt ek brûkt foar in soad oare talen, bygelyks Persysk en Urdû. Krekt as it Latynske skrift giet it Arabyske skrift werom op it Fenisyske skrift. Ut it orizjinele Fenisyske skrift is it Nabeaanske skrift ûntstean, wat de direkte âldfaar fan it Arabyske skrift west hat.