Ferskil tusken ferzjes fan "Karl Dönitz"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
 
== Iere libben==
Op [[1 april]] [[1910]] begûn Dönitz as kadet yn de de ''[[Kaiserliche Marine]]'' fan it [[Dútske Keizerryk]]. opOp 1 april yn it neikommende jier begûn er oan de marineskoalle mei syn oplieding ta offisier. Op 1 oktober 1912 kaam er oan board fan de lytse kruser SMS Breslau as offisier. Yn dy tiid wie de SMS Breslau ynien fan de modernste skippen fan de Dútske marine. De SMS Breslau foel tegearre mei de SMS Goeben ûnder Turksk kommando yn de Earste Balkankriich yn de [[Middellânske See]]. Op [[27 septimber]] [[1913]] krige Dönitz de rang fan Leutnant zur See.
 
== Earste Wrâldkriich ==
Oan it begjin [[Earste Wrâldkriich]] slagge it lytse eskader om mei de SMS Breslau en SMS Goeben de Frânske en Britske marine te ûntwiken, en nei [[Konstantinopel]] te kommen, dêr't de skippen ûnder befel de Turkske marine kamen. De SMS Breslau krige de namme Midilli, en fjochte mei tsjin de Russen op de [[Swarte See]]. Fan it [[Osmaanske Ryk]] krige er yn 1914 de Turkske medaille mei swurden en de izeren heale moanne foar syn tsjinsten, njonken ferskate oare ûnderskiedings dy't er yn dat jier krige lykas it Izeren Krús twadde klasse, en in jier letter it Izeren Krús earste klasse. Yn septimber 1915 ferliet er de SMS Breslau en krige fan syn boardkommandant in treflike beoardieling. Dêrnei kaam er by de U-boat ôfdieling fan de Dútske marine. Hy bleau oant de ein fan de kriich op de U-boaten oant syn U-boat troffen waard troch de Britske marine op [[4 oktober]] [[1918]]. Dönitz waard finzen nommen troch de Britten en op 12 july 1919 frijlitten.
 
== Ynterbellum ==
Nei de kriich wie er - krekt as in soad oare Dútsers konservatyf en pattriotistyskpatriottistysk - frustrearre troch it weiwurden fan it Dútske Keizerryk en de foarming fan de [[Weimarrepublyk]] dy't neffens him de reden wie foar gaos en ûnrêst yn de nije republyk. Hy hie langstme nei rêst en oarde en neffens him soe dat âlde weromhelle wurde kinne troch in nije sterke lieder. Hy waard by eintsjebeslút lid fan de Nazi-partij ([[NSDAP]]) omdat er tocht dat Adolf Hitler de problemen fan Dútslân wol oplosse koe, mar ek omdat er benaud wie foar it [[kommunisme]].
 
== Twadde Wrâldkriich ==
Yn [[1939]] krige er it befel oer de [[U-boot|dúkboaten fan de Dútske marine]]. Dönitz boude de ôfdieling fan de Dútske marine op en waard it effektyfste wapen fan de marine. Hy wie in goede strateech, dy't mei syn ''U-boten'' (dúkboaten) militêr súkses hie tsjin de [[Alliearden|alliearde]] float yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. op [[30 jannewaris]] [[1943]] waard hy as opfolger beneamd troch [[Erich Johann Albert Raeder]] ([[1876]]-[[1960]]), dy't oant dan ta befelhawwer wie fan de Dútske marine. Troch Dönitz waarden de dúkboaten aloan mear as strategysk wapen tsjin de alliearden brûkt, mar de alliearden feroaren harren strategy tsjin de U-boaten ek. Yn maaie 1943 wie it kearpunt fan it súkses fan de Dútske U-boaten, dydoe soene de U-boaten weromlutsen wurde fan de [[Atlantyske Oseaan]]. Syn beide soans stoaren oan board fan in dúkboat.
 
Foardat Hitler himsels op [[30 april]] [[1945]] tekoart die, beneamde er Karl Dönitz yn syn polityk testamint as syn opfolger. Dönitz waard troch Hitler beneamd ta "Reichspräsident" (rykpresidint) en net as Führer, omdat der neffens Hitler mar ien Führer wêze koe yn de Dútske skiednis. Dönitz wie tige ferheard doe't er hearde dat hy Hitler opfolgje moast, omdat it yn 'e reden lei dat in oare pommerante Nazi ([[Heinrich Himmler]] bygelyks) de Führer opfolgje soe. Op [[1 maaie]] [[1945]] naam it [[Dönitz-regear]] deunby [[Flensboarch]] de macht oer it [[Tredde Ryk]] oer. Dat regear waard ek wol it Flensboarch regearFlensboarchregear neamd. Dönitz begûn syn nije amt as presidint mei in taspraak foar de radio, en fertelde dat er it Dútske folk rêde woe fan de bolsjewistyske fijân (de [[Sowjetuny]]) en dat betsjutte dat Dútslân noch gjin belies jaan soe.
 
Hy stjoerde it oanbod om te kaputilearjen nei de Britske fjildmaarskalk [[Bernard Montgomery|Montgomery]], mar woe fierder fjochtsje tsjin de Russen. Lykwols wegere [[Winston Churchill|Churchill]] syn fersyk en foar de alliearden moast Dútslân sûnder betingst kapitealjekaputilearje. De alliearden wienen ree om fierder te gean mei bombardeminten op Dútske stêden, dat Dönitz gie akkoard en op [[7 maaie]] [[1945]] kapitulearre it Tredde Ryk. Op [[9 maaie]] waard dat op 'e nij dien, no mei de Russen derby. Dönitz en syn regear (dêr't û.o. generaal [[Alfred Jodl]] en ''Reichsminister'' [[Albert Speer]] by sieten) waarden net fuort arrestearre.
 
Doe't Dönitz hearde wat foar ôfgryslike dingen der bard wienen yn de Dútske konsintraasjekampen, woe er fuort in ûndersyk nei dat barren ha. Safier soe it net mear komme, omdat leden fan it Dönitz-regear op [[23 maaie]] doch noch arrestearre waarden.
== Nei de Twadde Wrâldkriich ==
=== Proses fan Neurenberch ===
Karl Dönitz wie ien fan de fertochten by it [[Proses fan Neurenberch]] dêr't hy skuldich ferklearre waard oan it bedriuwen fan misdaden tsjin de frede en it bedriuwen fan kriichsmisdriuwen. By it proses kaam it saneamde "Laconia-befel" fan 1942 op it aljemint. De dúkboatbemannigendúkboatbemanningen waard hjitten dat se net langer mear oerlibjenden fan de ferneatige skippen rêde mochten nei in oanfal op in dúkboat dy't besocht dat wol te dwaan. Yn it oardiel fan it gerjocht waard it Laconia-befel net meinommen. It oardiel foar Dönitz wie tsien jier finzenis yn Berlyn, dêr't er op [[1 oktober]] [[1956]] frijlitten wiewaard.
 
=== Libben yn West-Dútslân ===
Nei syn straf sette er him nei wenjen yn Aumühle, deunby [[Hamburch]]. Syn frou Ingeborg stoar yn 1962; syn beide soans wienen yn de kriich al ferstoarn. Hy besocht om in oar byld te jaan fan de soldaten dy't neat mei de Nazi-polityk te krijen hienen. Yn 1968 publisearre Dönitz syn autobiografy ''Mein wechselvolles Leben'', dêr't er himsels yn omskriuwt as in militêr dy't him distansearret fan it nasjonaal-sosjalisme. Doe't yn 1973 en 1974 bekend waard dat de geheime koade fan de Enigma-kaai, dy't op dúkboaten brûkt waard om te kommunisearjen, liet Dönitz koart foar't er stoar witte dat er dat altyd al tocht hie. Op [[24 desimber]] [[1980]] stoar Karl Dönitz en waard op it Waldfriedhof fan Aumühle-Wohltorf te hôf brocht. Karl Dönitz is 89 jier wurden.
 
== Bibliografy ==
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu