Einekoai: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
fan de ynterwiki's kloppet gjin moer op ferskate wikipedy's
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Sjoch ek: koaien yn Fryslân
Rigel 21: Rigel 21:


De útdrukking "de piip út gean" is is ûntstien troch dizze foarm fan einejacht, krektas de siswize "binnen falle"; de wylde einen “falle binnen”op de koaiplasse. De útdrukking "it hoekje omgean" referearret oan it foarbygean fan de knik yn de fangpiip wêrnei’t de ein syn lot net mear ûntgean kin.
De útdrukking "de piip út gean" is is ûntstien troch dizze foarm fan einejacht, krektas de siswize "binnen falle"; de wylde einen “falle binnen”op de koaiplasse. De útdrukking "it hoekje omgean" referearret oan it foarbygean fan de knik yn de fangpiip wêrnei’t de ein syn lot net mear ûntgean kin.

== Einekoaien yn Fryslân (2010) ==
* Takkekoai, [[Easterein]]
* Rimkeskoai, Easterein
* Landerumerkoai, [[Landerum]]
* Koai fan Oranje Nassau, [[It Amelân]]
* [[Buismankoai]], [[Piaam]]
* Kobbekoai, [[Ryptsjerk]]
* Van Asperen Koai (noard), [[Eanjum]]
* Van Asperen Koai (súd), [[Eanjum]]
* [[Buismanskoai]], [[Gytsjerk]]
* Casteleijnskoai, [[Lytse Geast]]
* Mulderskoai, [[Lytse Geast]]
* Van Asperen Koai, [[Alde Miede]]
* Koai fan Oranje Nassau, [[It Amelân]]
* Auke Talsmakoai, [[Hallum]]
* Hagedoarnfjild, [[Nes (It Amelân)|Nes]]
* Horrekoai, Easterein
* Jan-Willemskoai, Easterein
* Opperwurd, [[Hallum]]


== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==

De ferzje fan 16 jul 2011 om 15.27

Plattegrûn fan in Ingelske einekoai mei fiif pipen
Ein fan de fangpiip
De reidskermen

In einekoai (ek koartwei “koai” neamd) is fan oarsprong in plak wêr’t ferskate soarten yn it wyld libjende einen fongen waarden foar konsumpsje. Einekoaien leine meast net fier fan de kust.

Skiednis

De earste einekoaien waarden yn Nederlân yn de 16e ieu oanlein. Yn de 17e ieu ferskynden se ek yn Dútslân (vogelkoje), yn Münsterlân en Denemark (fuglekøje). Ek yn Ingelân (decoy, ôflaat fan 'de koai')[1] waarden koaien oanlein nei Nederlânsk foarbyld. Sûnt de 18e ieu waarden nei Nederlânsk foarbyld koaien ynrjochte yn Noard-Fryslân, benammen op de eilannen. Ek yn it bûtenlân binne einekoaien tsjintwurdich ringkoaien en lûke sy toeristen. Begjin 20e ieu binne fierwei de measte koaien opdûkt.

De Schotanusatlas fan 1718 jout yn Fryslân noch 147 koaien; Eekhoff syn atlas lit noch 86 sjen, dêr't 62 fan vervallen wiene.

Mids 80er jierren fan de 19e ieu waarden noch 41 decoys yn Ingelân yn it wurk holden; 145 waarden doe al net mear brûkt.[2] No binne dêr mar in pear oer, sa as Hale Duck Decoy yn Cheshire en Boarstall Duck Decoy ûnder Aylesbury yn Buckinghamshire, dy't eigendom binne fan de National Trust. Ek yn Denemark (Fanø) binne noch in hantsjefol oerbleaun.

Ynrjochting en wurkwize

De einekoai bestiet út in grutte fiver wêr’t inkele smelle sleatten op útkomme, de saneamde fangpipen. Einen dy’t út in kâlder wurdende kontreien weilutsen binne om yn in waarmer gebiet te oerwinterjen sykje faak plakken út wêr’t se bekomme kinne fan de reis. Om oerfleanende einen te lokjen, hat de koaiker, de behearder fan de koai, op de koaiplasse in grut tal nuete einen dy’t er alle dagen fuorret. Sy binne wend oan de koaiker en it koaikershûntsje.

As it jachtseizoen iepen is lit de koaiker syn koaikershûntsje lâns de piip rinne om de rêstende frjemde einen te lokjen. De piip hat oan beide kanten reidskermen sadat de einen de koaiker net sjogge. It hûntsje lit er foar en efter de skermen lâns rinne. De einen, nijsgjirrich wurden troch it it weikrûpgedrach fan it koaikerhûntsje mei syn opfallende grutte wite plomsturt, dy’t hieltiten wer ferdwynt en in eintsje fierder foar it ljocht komt, swimme efter it hûntsje oan de hieltyd nauwer wurdende piip yn. Dan komt de koaiker efter de skermen wei en jaget de einen op. De einen fleane dan fierder de piip yn it ljocht temjitte. De koaibosk om de koaiplasse wurdt nammentlik oan de ein fan de piip iepenhâlden. De einen fleane úteinlik tsjin de saneamde spegel, in skean spand net oan de ein fan de fangpiip. Se falle dan nei ûnderen en krûpe dan nei de ienige skynbere útwei fan de piip, it fanghokje. De koaiker lit it fanghokje tichtfalle sadat de einen finzen sitte en net mear werom kinne.

Tsjintwurdich wurde der net folle einen foar konsumpsje fong. It oantal einen dat jierliks sketten wurdt is folle grutter. Yn Fryslân binne der noch mar 15 wurkjende einekoaien, yn Nederlân binne noch sa’n 119 einekoaien registrearre. Se binne op kaarten te herkennen oan it typyske roggeaaimodel yn de foarm fan de letter H. De einekoai fan Feanwâlden is yn 2006 wer yn eare hersteld. De âlde koai oan de Jehanneswâld wie fertutearze troch omhingjende jeugd en dumpôffal. Op inisjatyf fan doarpsbelang Feanwâlden hat de gemeente Dantumadiel de einekoai opknappe litten.

Einekoaien wurde wat langer wat mear brûkt om einen te ringjen foar wittenskiplik ûndersyk. Sa waarden inkele einekoaien ek brûkt om ûndersyk te dwaan nei fûgelgryp. Middels ringûndersyk kin ek in telling byholden wurde fan it tal wetterfûgel dy’t der yn in bepaald gebiet sitte.

De útdrukking "de piip út gean" is is ûntstien troch dizze foarm fan einejacht, krektas de siswize "binnen falle"; de wylde einen “falle binnen”op de koaiplasse. De útdrukking "it hoekje omgean" referearret oan it foarbygean fan de knik yn de fangpiip wêrnei’t de ein syn lot net mear ûntgean kin.

Einekoaien yn Fryslân (2010)

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neffens Chambers Dictionary
  2. Harvnb Payne-Gallwey 1886. 60–187.}}

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Eendenkooi.