Augustinus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: hu:Hippói Szent Ágoston
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.4) (Bot - oars: ur:اگستین (ہپو کا)
Rigel 135: Rigel 135:
[[tr:Augustinus]]
[[tr:Augustinus]]
[[uk:Августин Аврелій]]
[[uk:Августин Аврелій]]
[[ur:سینٹ اگستین]]
[[ur:اگستین (ہپو کا)]]
[[vec:Sant'Agostin (Santo)]]
[[vec:Sant'Agostin (Santo)]]
[[vi:Augustine thành Hippo]]
[[vi:Augustine thành Hippo]]

De ferzje fan 13 jul 2011 om 23.30

Iere ôfbylding fan Augustinus (6e ieu)

Augustinus, (folút: Aurelius Augustinus), ek wol Augustinus fan Hippo neamd, (13 novimber 354 - 28 augustus 430) wie in grut teolooch út de 5e ieu. Hy wurdt beskôge as ien fan de Tsjerkfâden. Nei syn dea waard er hillich ferklearre.

Libben

Augustinus kaam op'e wrâld en stoar yn Thagaste (Souk-Ahras), yn de doetiidske Romeinske provinsje Afrika tsjintwurdich noardeast Algerije en noard-Tuneesje. Noard-Afrika yn de 3e en 4e ieu, wie mei Turkije, Syprus, Kreta en Egypte, ien fan de gebieten dêr't it Kristendom it sterkst woartele wie. Hy waard berne as soan fan in heidenske (net-kristlike) heit en in fromme kristlike mem. Syn âlden hienen it net breed mar joegen him wol in goede oplieding. Hy koe studearje en waard yn 375 op 21-jierrige leeftyd learaar yn de retorika yn de stêd Kartago.

Yn syn jonge jieren wie hy in fûle oanhinger fan it Manicheïsme, in gnostyske streaming yn it Kristendom. Nei alle gedachten ferfear hy yn 383 nei Itaalje en krige dêr in funksje oan it keizerlik hof yn Milaan. Dêr lit er him, ûnder ynfloed fan de biskop fan Milaan Ambrosius, ek bekeare ta it kristendom. Hy gong werom nei Afrika en waard dêr pryster yn Hippo. Yn 395 waard hy nei de dea fan de biskop fan Hippo ta syn opfolger keazen. Dy funksje soe hy oant syn dea yn 430 ferfolje. By de belegering fan Hippo troch de Fandalen soe er stjerre.

Wurk

Augustinus hat yn syn libben in soad skreaun op ferskate gebieten - lykas teologyske ferhannelings, kommentaren op skriften en autobiografyske wurken. Syn Bekentenissen wurdt sjoen as syn earste autobiografy: yn it boek skriuwt er oer it tiidrek fan syn berte oant syn doetiidske leeftyd (likernôch 50), syn relaasje mei God komt oan bod en it einiget mei in wiidweidige beskôging fan it bibelboek Genesis der't hy útleit hoe't de tekst ynterpretearre wurde moat.

Skriften

  • Confessiones (Belidenissen)
  • De civitate Dei (Oer de stêd fan God)
  • Rigel foar de mienskip
  • De magistro (Oer de Master)
  • De agone christiano (De striid fan in kristen)
  • De Trinitate (Oer de Trije-ienheid) – fiifdielich haadwurk
  • De doctrina christiana (Oer de Kristlike lear)
  • Psalmus contra partem Donati, (Psalm tsjin de Donatisten)
  • De beata vita (Oer it lokkige libben),
  • De Spiritu et littera (De Geast en de letter)
  • Sermones ad populum (Preken foar it folk)

Augustinus en de joaden

Augustinus hat him yn syn boek De Stêd fan God, tige negatyf útlitten oer de joaden. Neffens him wienen sy fijannen fan God. Dizze wurden binne letter brûkt troch Kristenen om de joaden te ferfolgjen.

Teology

Augustinus hat my syn tinken in geweldige ynfloed hawn op sawol it kristendom as op it westerske tinken. Hy wie sels beynfloede troch Plato en it neo-platonisme.

It tinken van Augustinus fynt foaral syn grûn yn it kristlik leauwen. Yn syn wurken giet hy yn op de wichtichste learstellings fan it kristendom. Syn filosofy spilet derby in eigen rol. Neffens Augustinus hat de minsk fan God syn tinkfermogen krigen en helpt him dat by syn syktocht nei God. Derby moat er wol leauwe dat God him derby stjoert, omdat in minsk op him sels net fertrouwe kin. Sûnder God rekket in minsk op it ferkearde paad. Augustinus sjocht de minsklike wil ek foaral as de feroarsaker fan it kwea yn de wrâld. Mei syn filosofy wol er benammen de reedlikheid fan it leauwen oantoane.

It tinken fan Augustinus oer de minsk en syn wil is fan grutte ynfloed west op de midsiuwske teologen lykas Anselmus en Tomas fan Akwino. Lettere filosofen as Immanuel Kant, Arthur Schopenhauer en Friedrich Nietzsche hawwe dit ûnderwerp fierder útwurkje yn harren ethyk.

Jehannes Kalvyn en Kornelius Jansen, binne ek hiel bot beynfloede troch it wurk fan Augustinus. De 16e ieuske reformaasje, yn gong setten troch Maarten Luther, sels augustijn, Kalvyn en Huldrych Zwingli is foarme op grûn fan Augustinus syn tinken. Mei harren lear oer sonde en genade gripe sy tebek op it wurk fan Augustinus.

Eksterne keppelings (Ingels)