Deastraf: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: yi:טויטשטראף
L r2.7.1) (Bot - derby: mr:मृत्यूदंड
Rigel 73: Rigel 73:
[[ml:വധശിക്ഷ]]
[[ml:വധശിക്ഷ]]
[[mn:Цаазаар авах ял]]
[[mn:Цаазаар авах ял]]
[[mr:मृत्यूदंड]]
[[ms:Hukuman mati]]
[[ms:Hukuman mati]]
[[nl:Doodstraf]]
[[nl:Doodstraf]]

De ferzje fan 12 jul 2011 om 20.21

In kaart fan de wrâld mei dêr op de lannen dêr't de deastraf wol en net útfierd wurdt.

De deastraf is de wettige terjochtstelling fan in minske as swierste straf foar in misdied. Yn in soad lannen, bygelyks yn de Feriene Steaten, Sina en Yndoneezje, wurdt de deastraf útfierd.

Der is in soad te dwaan om de deastraf. Mei it humanisme waard de deastraf yn Jeropa hieltyd kritysker folge. It hat laat ta it ôfskaffen fan dizze straf yn in protte Westerske lannen; yn Jeropa komt de deastraf hast hielendal net mear foar.

Foar it útfieren fan de deastraf wurdt in ferskaat oan metoaden brûkt. Neffens Amnesty International wurdt der it meast brûk makke fan de deadlike ynjeksje, de elektryske stoel, de gaskeamer, it fjoerwapen, ophingjen, ûnthalzen en stiennigjen.

De deastraf yn Fryslân

De drekte deastraf kaam yn de Midsieuwen yn Fryslân net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elts koe him samar deameitsje.

De drekte deastraf kaam pas ûnder it Saksyske bewâld (yn guon stêden justjes earder) en is sûnttiid yn Fryslân geregeld útfierd, meastentiids yn Ljouwert. Soms waard de straf om de befolking ôf te skrikken ek wol op it plak fan de misdie útfierd, mar it wie wol altyd yn it iepenbier. Freed, 23 maart 1860 is op it tsjintwurdige Wilhelminaplein yn Ljouwert it lêste deafûnis middels ophingjen útfierd en wol oan Ype Baukes de Graaf.

Literatuer


Keppeling om utens