Agnostisisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.4) (Bot - derby: kk:Агностицизм
L r2.7.1) (Bot - derby: ms:Agnostisisme
Rigel 65: Rigel 65:
[[mk:Агностицизам]]
[[mk:Агностицизам]]
[[ml:അജ്ഞേയതാവാദം]]
[[ml:അജ്ഞേയതാവാദം]]
[[ms:Agnostisisme]]
[[mwl:Agnosticismo]]
[[mwl:Agnosticismo]]
[[nds:Agnostizismus]]
[[nds:Agnostizismus]]

De ferzje fan 12 jul 2011 om 07.54

It agnostisisme is in filosofyske posysje dy't gjin befêstigjende of ûntkennende útspraken docht oer it bestean fan boppenatuerlike ferskynsels. In protte agnosten beklamje de ûnmoglikheid om religieuze ideeën oer miende boppenatuerlike ferskynsels mei in tradisjonele wittenskiplike oanpak te bewizen. It wurd is ôflaat fan it Grykske gnosis (kennis) mei it foarheaksel a (net). Letterlik is dus in agnost "ien dy't gjin kennis hat", dy't kleemt gjon kennis hawwe te kinnen oer de fraach oft der in God is of net.

It ûntstean fan it wurd "agnostisisme" is persys bekend: it waard foar it earst brûkt troch de biolooch en foarfjochter fan it Darwinistysk tinken Thomas Henry Huxley (de pake fan Aldous Huxley, de skriuwer) op in gearkomst fan de Metaphysical Society yn 1869 te Londen. Letter lei hy yn detail út wat hy bedoelde mei de term, ûnder oare yn it essay Agnosticism (1889); Huxley beskriuwt himsels as ien dy't in frij sterke oertsjûging hat dat de fraach oft der in God is of net, "ûnoplosber" is. Yn dy sin stelt hy de term agnostisisme foar as in alternatyf tsjin dejingen dy't miene dat se wol kennis berikke kinne oer God. In agnost ferskilt fan oare foarmen fan it Ateïsme, dy't de stelling ynnimme dat der gjin God is omdat dêr gjin jildich bewiis foar is (het saneamde "sterk ateïsme"). In agnost stelt dat it net mooglik is om it bestean fan hegere machten oan te toanen (en likemin it net-bestaan).

It is wichtich om op te merken dat de posysje fan in agnost in is mei betrekking ta de kennis dy't wy (al as net) berikke kinne oer God. Dit is dus gjin antwurd ta wat in agnost leaut. In agnost kin bygelyks kleme dat in God per definysje net waarnimber is troch minsken, en dêrom kin hy sûnder leauwe yn God wêze; yn dit gefal oerlapet hy dus mei de saneamde swakkere streamingen fan ateïsme (dy't simpelwei sizze "ik haw gjin leauwe yn in God", in nuânse mei it sterkere "der is gjin God"). Oan de oare kant kin hy - al fynt er dat in god net waarnimber is - der dochs yn leauwe; in dit gefal is hy in agnostysk teïst. In foarbyld fan in agnostysk ateïst is Robert Flint, in foarbyld fan in agnostysk teïst is Søren Kierkegaard

In oare foarm fan it agnostisisme is it Apateïsme (in gearlûking fan apatysk en teïsme), apateïsten stellen har de fraach oer it bestean fan de goaden net.

Soms wurdt noch ûnderskied makke tusken swakke en sterke agnosten. In swakke agnost beweart net te witten oft God bestiet en in sterke agnost beweart dat it ûnmooglik is te witten oft God bestiet.

It hjoeddeiske agnostisisme is yn de 19e ieu ûntstien. Ferneamde agnosten wienen Thomas Henry Huxley, Charles Darwin en Bertrand Russell. Russells pamflet Why I Am Not a Christian is in klassike tekst fan it agnostisisme.

De âldste agnost wie de Grykske presokraat Ksenofanes (± 580- ± 485 f.Kr.) Hij schreef: As in oare âldere agnost wurdt wol Protagoras (480 - 410 f.Kr.) sjoen, ien fan de sofisten. Hy achte it ûnmooglik om it bestean fan de goaden te bewizen. In bekend sitaat fan Protagoras is: Fan de goaden wit ik neat: net dat se besteane en likemin dat se net besteane.