Diederik Samsom: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Wikix (oerlis | bydragen)
kat, +
Wikix (oerlis | bydragen)
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 jul 2011 om 21.48

Diederik Samsom

Diederik Maarten Samsom (Grins, 10 july 1971) is in Nederlânsk politikus. Foar de Partij fan de Arbeid sit hy sûnt 30 jannewaris 2003 yn de Twadde Keamer. Samsom is troud en hat in dochter (Benthe) en in soan (Fane). Hy wennet yn Leien.

Biografy

Syn heit en pake wiene beide ynternist yn Ljouwert en komme út it laach Samsom dat ein 19e ieu yn Alfen oan de Ryn in útjouwerij fan wetteksten en administrative systemen oprjochte. Syn mem wie fysioterapeute, wurke earst mei swaksinnige bern yn Ljouwert en Boalsert, dêrnei hie se in eigen paraktyk. Diederik groeide op oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Fierde aksje om it Steedlik Gymnasium selsstannich bliuwe te liten en wie lid fan swimferiening Orca. Yn 1989 helle Diederik Samsom syn gymnasium-diploma oan dit Steedlik Gymnasium yn Ljouwert. Hjirnei hat hy fan 1989 - 1997 technyske natuerkunde (ôfstudearrjochting kearnfysika) studearre oan aan de Technyske Universiteit Delft, dêr't hy syn yngenieurstitel helle. Yn syn studintetiid wie hy lid by OJV de Koornbeurs dêr't hy yn 1990 - 1991 vice foarsitter fan wie. Ear't hy yn de Keamer kaam wie Samsom ûnder oare aktyf as aksjefierder en kampanjelieder by Greenpeace en as bestjoerslid fan it Delftse studintefakbûn VSSD. Yn dy hoedanigens wie hy ek aktyf by de LSVb en stelde hy in jiergong fan it Poenboek gear. Hy wie by de Twadde Keamerferkiezingen 2002 al kandidaat foar de Twadde Keamer, mar waard troch it grutte ferlies fan syn partij net keazen.

Nei dizze ferkiezings waard Samsom direkteur fan syn eigen enerzjybedriuw Echte Energie, dat hannelt yn griene stroom. Dit bedriuw is yn 2008 oernomd troch Eneco.

By de Twadde Keamerferkiezingen 2003 krige hy lykwols in heech plak op de kandidatelist fan de PvdA en waard hy wol keazen yn it parlemint. Hy is wurdfierder miljeubelied en hâldt him fierder dwaande mei enerzjybelied en ûntwikkelingsgearwurking.

Diederik Samsom hearde yn 2004 ta de minderheid fan syn fraksje dy't tsjin ferlinging fan de Nederlânske oanwêzichheid yn Irak wie. Hy wurdt beskôge as lid fan de linkerfleugel fan de PvdA-fraksje. By de Twadde Keamerverkiezingen 2006 waard hy werkeazen. Ein 2007 makke hy him yn de Twadde Keamer omé nocht sterk foar gratis triedleas ynternet yn yntercitytreinen om de trein oantrekliker te meistjen foar automobilisten. Neist it Keamerlidmaatskip is Samsom lid fan it Kommitee foar Oanrikkenmendaasje fan it Nederlânsk Sosjaal Foarum.

Op snein 20 april 2008 makke Samsom bekend him kandidaat te stellen foar it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA, nei it ôftreden fan Jacques Tichelaar. Hy nom it op tsjin Mariëtte Hamer mar ferler de stimming yn de fraksje op 22 april.

Ferskaat

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: