Jacques Monasch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
...... op i
Wikix (oerlis | bydragen)
iw
Rigel 22: Rigel 22:


{{DEFAULTSORT:Monasch, Jacques}}
{{DEFAULTSORT:Monasch, Jacques}}

[[Kategory:Nederlânsk spindoktor]]
[[Kategory:Nederlânsk spindoktor]]
[[Kategory:PvdA-politikus]]
[[Kategory:PvdA-politikus]]
[[Kategory:Twadde Keamerlid]]
[[Kategory:Twadde Keamerlid]]


[[en:Jacques Monasch]]
[[nl:Jacques Monasch]]
[[nl:Jacques Monasch]]

De ferzje fan 10 jul 2011 om 14.15

Jacques Simon Monasch (Rotterdam, 4 jannewaris 1962) is in Nederlandsk ferkiezings- en kommunikaasjestrateech. Hy wie meast belutsen by ferkiezingskampanjes fan de Partij fan de Arbeid.

Biografy

Monasch brocht in part fan syn jeugd troch yn Etioopje, Tanzania en Drachten (syn heit S. Monasch wie sjirurch yn dy lannen en bedarre dêrnei yn sikehûs Nij Smellinghe). Hy studearre Bestjoerskunde yn Grins en Politike ekonomy oan de Universiteit fan Essex yn Grut-Brittanje.
Nei syn tsjinsttiid by de Keninklike Marine wie Jacques Monasch yn 1989 oan’t wurk by it direktoraat-generaal fan de Ryksbegrutting fan it Ministearje fan Finansjen. Yn 1990 waard er fraksjefoarsitter fan de PvdA yn it Amsterdamske stêdsdiel 'de Pijp'. Neikommend waard er by de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA, as sekretaris fan it Sintrum foar Lokaal Bestjoer oansteld. Yn de jierren 1990 arbeide Monasch ek ferskate kearen as adviseur foar it ANC yn Súd-Afrika. It bûtenlânynstitút fan de Amerikaanse Demokratyske Partij stjoerde út him as lannedirekteur yn Oekraïne en letter yn Ruslân.

Sûnt 1993 beklaaide Monasch útienrinnende funksjes op it lanlik buro fan de Partij fan de Arbeid en ek by de Twadde Keamerfraksje yn Den Haach. Hy wie belutsen by ferskate ferkiezingskampanjes fan de partij, sa as "Kies Kok" yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezings fan 1994 en by de kampanje fan 2002 wie er kampanjelieder. Oer de lêste kampanje dy’t min betearde foar de PvdA skreau er letter it boek "De strijd om de macht, politieke campagnes, idealen en intriges".

Uit argewaasje mei it Kabinet-Balkenende IV en de rol fan de PvdA dêryn skreau Monasch yn juny 2007 it manifest "7 nieuwe veren- een einde aan de onduidelijkheid". Yn augustus 2007 wie er mei-oprjochter fan de beweging 'Rooie Veren', dy’t in dúdlik sosjaaldemokratuske koers fan de PvdA hawwe woe. Yn 2008 waard er gadingmakker foar it listlûkerskip fan de PvdA by de Europeeske Parlemintsferkiezingen 2009. Monasch moast lykwols belies jaan oan sittend Europarlemintslid Thijs Berman.

Neist politike saken hâldt Monasch him ek dwaande mei in gallery yn Russyske keunst en organisearret er geregeldwei útstallingen yn Moskou en Amsterdam.
Yn 2010 hat Monasch Amsterdam as wenplak ferruile mei Snits.

Publikaasjes

  • De strijd om de macht, politieke campagnes, idealen en intriges (2002)
  • Taart van mijn tante
  • 7 nieuwe veren- een einde aan de onduidelijkheid (2007, manifest)

Keppelings om utens