Cuneus Frisionum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
frij oerset fan nl
 
LNo edit summary
Rigel 8: Rigel 8:
De tinkstien hat as ynskripsje: "DEO MARTI ET DVABVS ALAISIAGIS ET N AVG GER CIVES TVIHANTI CVNEI FRISIORVM VER SER ALEXANDRIANI VOTVM SOLVERVNT LIBENTES M".
De tinkstien hat as ynskripsje: "DEO MARTI ET DVABVS ALAISIAGIS ET N AVG GER CIVES TVIHANTI CVNEI FRISIORVM VER SER ALEXANDRIANI VOTVM SOLVERVNT LIBENTES M".


Op de [[Muorre fan Hadrianus]] binne noch mear spoaren fûn fan oanbidding fan de god [[Tyr]]..
Op de [[Muorre fan Hadrianus]] binne noch mear spoaren fûn fan oanbidding fan de god [[Tyr]].


'''Sjoch ek:'''
'''Sjoch ek:'''

De ferzje fan 29 jun 2011 om 18.29

Latrines fan it kamp Vercovicium (Housesteads) oan de muorre fan Hadrianus, dêr't û.o. Fryske troepen tsjinnen

Cuneus Frisionum of Cuneus Frisiorum ('kylfoarmige kriichsformaasje fan Friezen') is de namme dy't troch de Romeinen brûkt waard foar in ôfdieling Fryske helptroepen yn harren leger.

Yn de 3e ieu wienen der yn it Romeinske Ryk diverse helptroepen (auxilia) gearstald út striders fan net-Romeinske folken. De kriichsformaasje dy't yn dy tiid meastentiids brûkt waard wie de cuneus (Latyn foar 'kyl'). Troch de soldaten sels waard dat de "bargekop" formaasje neamd. Tasitus beskriuwt yn syn Historiae dizze wize fan striden as "oan alle siden ticht op inoarplakt en befeilige yn de punt, de efterhoede en de flanken".

Tanksij in alterstien fûn yn Housesteads by Hexham yn it noarden fan Ingelân, is bekend dat er Fryske hiersoldaten by it Romeinske leger yn tsjinst wienen. Dizze stien, dy't oprjochte waard troch Friezen, datearret út likernôch 222-235 en is wijd oan Mars Thingsus. Mars Thingsus, betsjut letterlik 'Mars fan it ding' en is sûnder twifel de Fryske Germaanske god Tyr dy't troch de Romeinen mei harren god Mars lykstelden.

De tinkstien hat as ynskripsje: "DEO MARTI ET DVABVS ALAISIAGIS ET N AVG GER CIVES TVIHANTI CVNEI FRISIORVM VER SER ALEXANDRIANI VOTVM SOLVERVNT LIBENTES M".

Op de Muorre fan Hadrianus binne noch mear spoaren fûn fan oanbidding fan de god Tyr.

Sjoch ek: