Swakke kearnkrêft: ferskil tusken ferzjes
Luckas-bot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: la:Vis imbecillis |
Luckas-bot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: ia:Interaction debile |
||
Rigel 42: | Rigel 42: | ||
[[hr:Slaba nuklearna sila]] |
[[hr:Slaba nuklearna sila]] |
||
[[hu:Gyenge kölcsönhatás]] |
[[hu:Gyenge kölcsönhatás]] |
||
[[ia:Interaction debile]] |
|||
[[id:Gaya nuklir lemah]] |
[[id:Gaya nuklir lemah]] |
||
[[it:Interazione debole]] |
[[it:Interazione debole]] |
De ferzje fan 22 jun 2011 om 19.53
De swakke kearnkrêft (ek swakke krêft of swakke wikselwurking neamd) is ien fan de fjouwer fûnemintele natuerkrêften. Yn it standertmodel fan de dieltsjesfysika wurdt de swakke kearnkrêft taskreaun oan de útwikseling fan de swiere W- en Z-bosoanen. It bekendste effekt van de swakke kearnkrêft is bètaferfal (de emisje fan elektronen of positroanen troch neutroanen, dy't yn de atoomkearnen sitte en de dêrmei assosearre radioaktiviteit. It wurd swak slaat hjir op it feit dat de fjildsterkte fan de swakke kearnkrêft ûngefear 10-11 fan de sterkte fan de elektromagnetyske krêft en ûngefear 10-13 fan de sterkte fan de sterke kearnkrêft bedraacht.
De swakke kearnkrêft wurdt oerbrocht troch W-bosoanen (W+ en W-) en Z-bosoanen (Z0) en beynfloedet
De swakke kearnkrêft stelt leptoanen en kwarks (en harren antymatearje-tsjinhingers) by steat enerzjy, massa en lading mei elkoar út te wikseljen. Mei in fjildsterkte, dy't in faktor 109 lytser is as de sterke kearnkrêft bliuwt de ynfloed fan de swakke kearnkrêft beperkt ta yn de atoomkearn. Dizze lytse aksjeradius wurdt ferklearre troch de relatyf grutte massa/enerzjy fan de swakke dieltsjes (80 GeV). De swakke wikselwurking skeint de CP-symmetry.
Sjoch ek
- Elektroswakke wikselwurking
- Standertmodel — de standertteory fan de elemintêre dieltsjes en de fûnemintele natuerkrêften oas as de swiertekrêft.