Thijs Feenstra (politikus): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Skierstins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Skierstins (Feanwâlden)
MeinRei (oerlis | bydragen)
L Thijs Feenstra werneamd ta Thijs Feenstra (politikus): der is ek noch in akteur
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 jun 2011 om 18.05

Thijs Feenstra ( Frjentsjer, 17 augustus 1766Ljouwert, 23 novimber 1840) wie in Fryske politikus en keapman, fan remonstrantske komôf.

Yn saken

Feenstra sette him yn 1783 ta wenjen yn Dokkum als kûper, keapman en touslagger. Yn 1800 rjochte Feenstra mei de hearen Cats en Van der Veen in administraasjekantoar fan it grutboek fan’e nasjonale skuld op, wat hy oant syn dea bekwaam bestjoerde.

Bestjoerder yn de Frânske tiid

Fan 1795 oant 1798 wie hy lid fan de munisipaliteit yn Dokkum. Ferfolgens wie hy lid fan it tredde Yntermediêr Administratyf Bestjoer fan Fryslân fan 21 juny 1798 oant 30 maart 1799 en fan it Departemintaal bestjoer fan Fryslân.

Bestjoerder fan Ljouwert

Thijs Feenstra wie lid fan de Ried fan Ljouwert dan 1811 oant 1820 en waard yn 1824 boargemaster fan Ljouwert oant koart foar syn ferstjerren yn in 1840.

Houlik

Feenstra troude op 21 maaie 1786 foar it gerjocht fan Dokkum mei Rinske Allards Scheltinga, berne te Dokkum op 17 desimber 1764. Rinske ferstjert op 22 febrewaris 1829 yn de Skierstins te Feanwâlden, dy’t sûnt 1814 eigendom fan Feenstra wie.

Ferskaat

Hy wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en wenne yn Ljouwert yn it Sminiahûs oan de Twibaksmerk 36. Hy wie yn dy tiid ien fan de rykste boargers fan Ljouwert.