Fean: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
Literatuer
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 100: Rigel 100:


==Literatuer==
==Literatuer==
* Wijnand Antonius Bernardus van der Sanden: Mens en moeras: veenlijken in Nederland van de bronstijd tot en met de Romeinse tijd, Archeologische monografieën van het Drents Museum, Nummer 1, Drents Museum, Assen 1990, ISBN 90-70884-31-3, S.48-49
* Markus Bertling: Der Torfhund von Burlage. Yn: Alfried Wieczorek (Hrsg.): Mumien. Der Traum vom ewigen Leben. Philipp von Zabern, Mainz 2007, ISBN 978-3-8053-3779-3, S. 304–305
* Markus Bertling: Der Torfhund von Burlage. Yn: Alfried Wieczorek (Hrsg.): Mumien. Der Traum vom ewigen Leben. Philipp von Zabern, Mainz 2007, ISBN 978-3-8053-3779-3, S. 304–305

==Keppeling om utens==
==Keppeling om utens==
* [http://www.youtube.com/watch?v=eHY_k3atPT4&feature=related Fideo: Mei de museumtrein en de "Seelter Foonkieker" fan Nijeskâns nei it fean fan it Sealterlân]
* [http://www.youtube.com/watch?v=eHY_k3atPT4&feature=related Fideo: Mei de museumtrein en de "Seelter Foonkieker" fan Nijeskâns nei it fean fan it Sealterlân]

De ferzje fan 15 jun 2011 om 22.32

It "Heidemoor", Nedersaksen
De Hege Feanen yn Belgje.
Fean yn Bargerfean (Boertanger Fean)
Feanen binne op de hiele ierde te fienen

Fean is in wiete, soerstofearme en spûnseftige grûnsoarte. It bestiet benammen út fertarre resten fan planten.

Fean komt net allinnich oan it oerflak foar, mar ek djipper ûnder de grûn. Sa binne der yn Grinslân en Drinte grutte feangrûnen dêr't in laach klaai op it fean ôfset is. Ek binne der plakken dêr't in laach sân op it fean leit.

Droech fean wurdt ek wol turf neamd, dat in Nederlân lange tiid as brânstof brûkt waard. Yn Fryslân waard ûnder oare yn de omkriten fan Jobbegea in protte turf wûn.

Underskied

Oer it algemien wurdt der ûnderskied makke yn twa soarten fean: Heechfean en leechfean.

It ferskil yn de twa soarten is dat heechfean ûntstien is ûnder ynfloed fan it reinwetter, wylst it leechfean ûntstien is troch it grûnwetter.

Benammen heechfean komt in Nederlân net folle mear foar, omdat it fan de 16e ieu ôf in protte stutsen waard foar it gebrûk as brânstof.

Fean wurdt ek fan elkoar ûnderskieden troch ûnder oare de plantesoarten dêr't it fean út bestiet en fiedselrykdom.

Bisten yn it fean

Ynsekten yn it fean

Planten yn it fean

Feanliken

Holle fan de Man fan Tollund

By it turfstekken binne in soad feanliken fûn, ek yn Nederlân.

Ferneamde feanliken binne:

Bisten binne neat folle yn it feangrûn fûn, in ferneamde fynst wie yn 1953 yn de omkriten fan it Sealterlân de Turfhûn fan Burloage út de tiid om 1544 hinne (± 67 jierren). (Ofbyld hjir)

Sjoch ek

Literatuer

  • Wijnand Antonius Bernardus van der Sanden: Mens en moeras: veenlijken in Nederland van de bronstijd tot en met de Romeinse tijd, Archeologische monografieën van het Drents Museum, Nummer 1, Drents Museum, Assen 1990, ISBN 90-70884-31-3, S.48-49
  • Markus Bertling: Der Torfhund von Burlage. Yn: Alfried Wieczorek (Hrsg.): Mumien. Der Traum vom ewigen Leben. Philipp von Zabern, Mainz 2007, ISBN 978-3-8053-3779-3, S. 304–305

Keppeling om utens