Tolteken: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
EmausBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sh:Tolteci
L r2.7.1) (Bot - derby: be:Тальтэкі
Rigel 15: Rigel 15:


[[ar:تولتك]]
[[ar:تولتك]]
[[be:Тальтэкі]]
[[bg:Толтеки]]
[[bg:Толтеки]]
[[ca:Civilització tolteca]]
[[ca:Civilització tolteca]]

De ferzje fan 11 jun 2011 om 23.31

Stânbylden yn de foarm fan Tolteken-fjochters, yn de stêd Tula.

De Tolteken (Nahuatl: Tolteka) wienen in Yndiaansk folk en in beskaving dy't fan de 10e oant en mei de 12e ieu in grut part fan Sintraal-Meksiko behearsken.

It Tolteekske folk is nei alle gedachten ûntstien troch in gearraning fan nomadyske Tsitsimeken út it noarden mei sedentêre Nonoalken út it Dal fan Meksiko. Mooglik wienen sy ien fan de folken dy't de fal fan Teotiuakan feroarsaken. De Tolteken wienen ien fan de ynfloedrykste folken fan pre-Kolumbiaansk Amearika, Tolteekske ynfloeden binne oantroffen fan Nij Meksiko oant Kosta Rika.

De haadstêd fan de Tolteken wie de stêd Tollan, dy't neffens de Azteken in bysûnder grutte stêd west hawwe moat. Lang hawwe argeologen Teotiuakan beskôge as Tollan. Sûnt de tritiger jierren fan de 20 ieu wurdt Tula as de meast wierskynlike lokaasje oanwiisd.

Yn de 12e ieu waard Tollan troch de Tolteken ferlitten. Der wurdt fermoede dat Tollan yn 1168 plondere is troch Tsitsimeken. De lêste Tolteekske hearsker, Huemak, stoar neffens de kroniken seis jier letter.

De Azteken beskôgen har as opfolgers fan de Tolteken, en sprutsen deselde taal, it Nahuatl. Sy wienen grutsk op harren sibskip.