Rynsburch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: '''Rynsburch''' ([[Nederlânsk: Rijnsburg) is in wenplak yn de gemeente Katwijk yn Súd-Hollân. It meastepart protestantsk-kristlike Rynsburch stie...
 
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Rijnsburg
Rigel 55: Rigel 55:
[[la:Matilo]]
[[la:Matilo]]
[[ms:Rijnsburg]]
[[ms:Rijnsburg]]
[[nl:Rijnsburg]]
[[pl:Rijnsburg]]
[[pl:Rijnsburg]]
[[sv:Rijnsburg]]
[[sv:Rijnsburg]]

De ferzje fan 11 jun 2011 om 08.35

Rynsburch ([[Nederlânsk: Rijnsburg) is in wenplak yn de gemeente Katwijk yn Súd-Hollân. It meastepart protestantsk-kristlike Rynsburch stiet fral bekend om har blombollenteelt en zijn vestiging van FloraHolland. Rynsburch ligt in de Bollenstreek.

De gemeente Ryjnsburch is mei yngong fan 1 jannewaris 2006 fusearre mei de gemeenten Katwijk en Valkenburg, ta de nije gemeente Katwyk mei goed 60 tûzen ynwenners. Yn 2006 hie de pleats Rynsburch 14.850 ynwenners.

Skiednis

Hoewol't der foar de jiertelling al minsken yn de omkriten fan Rynsburch wennen wie der yn de 6e ieu pas sprake fan in echt doarp. De Friezen hienen har hjir doe fêstige en út argeologyske fynsten docht bliken dat sprake wie fan in elitêre delsetting. In tsjerklik skrift út 750 sprekt fan 'Rudolfsheim dat no Rinasburg neamd wurdt'. Op 10 augustus 975 wûn greve Dirk II by Rinasburg in gefjocht tsjin de opstannige West-Friezen. Ut tankberheid stifte hy in kapel foar de hillige Laurentius.

Abdij

Begjin 12e ieu stifte Petronilla fan Saksen in abdij foar aadlike nonnen, njonken de Laurentiuskapel. Tritich abdissen soenen yn de rin fan de tiid de abdij bestjoerd hawwe. Yn 1570 waard it kleaster ferwoaste, mar de súdlike toer is bewarre bleaun.

Nijsgjirrichheden

Spinozahûske

Fan 1661 oant 1663 wenne de Nederlânske filosoof Baruch Spinoza yn Rynsburch. Doe't yn 1896 in âld arbeiderswente te keap kaam, waard dat troch Willem Meyer identifisearre as it hûske fan Spinoza. It waard oankocht en yn 1897 oerdragen oan de Ferieniging It Spinozahûs, dy't it noch hieltyd beheart. .

It hûske ferkeart yn minne steat en is as museum al sûnt 2001 sletten. Yntusken hat de Ferieniging foldwaande fûnsen ferwurve kinne om it geboutsje te restaurearen

Fierdere nijsgjirrichheden

  • De Nederlânsk Herfoarmde Tsjerk, diels út it jier 1578, mei romaanske tuorren út de 12e ieu, in restant fan de tsjerke fan de abdij fan Rynsburch;
  • ferskillende âlde wenhuzen langs It Flyt
  • Yn Rynsbruch stean 7 ryksmonuminten.

Sport

Berne

Keppeling om utens


Berjocht:Bron Berjocht:Navigatie gemeente Katwijk Berjocht:Coördinaten

Rijnsburg Categorie:Plaats in Zuid-Holland Categorie:Voormalige gemeente in Zuid-Holland

  1. Jolanda Grimbergen op Skateresults