Sjoerd Hamburger: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 36: Rigel 36:


== Prestaasjes ==
== Prestaasjes ==
*[[2004]]
* [[2004]]
**WK ûnder23, skiff: Brûns
** WK ûnder 23, skiff: Brûns
*[[2005]]
* [[2005]]
**WK ûnder 23, skiff: Goud
** WK ûnder 23, skiff: Goud
*[[2006]]
* [[2006]]
**Hollân Beker, skiff: Brûns
** Hollân Beker, skiff: Brûns

== Prizen ==
== Prizen ==
=== Roeien (skiff) ===
=== Roeien (skiff) ===

De ferzje fan 3 jun 2011 om 21.13

Sjoerd Hamburger
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 8 febrewaris 1983
berteplak Aldeberkeap
lingte 205 sm
sportive ynformaasje
sport roeien
ûnderdiel Skiff
trener Dave Mcgowan
Peter van der Noort
Paul Broekhuizen
earste titel 2005 WK ûnder de 23 Skiff
O.S. Peking 2008
ekstra yn 2009 wûn Hamburger mei it team fan Oxford The Boat Race in tradysjonele wedstriid op de Teems tusken twa universiteiten.


Sjoerd Hamburger (Aldeberkeap, 8 febrewaris 1983) is in Frysk roeier. Hy die ien kear mei foar Nederlân op de Olympyske Spullen, mar wûn doe gjin medalje.

Sjoerd Hamburger kaam yn 2001 as studint yn Utert yn kontakt mei de studintenroeiferiening Orca. Op dat stuit hie de feriening meardere Olympia-gongers fan Sydney. Elien Meijer, Marieke Westerhof, Geert Cirkel, Peter van der Noort en Merijn van Oijen wienen lid fan de súksesfolle froulju-acht en de wat minder súksesfolle manlju-acht. Hjirfoar spile hy kuorbal en die in pear kear mei as rekreant op in achtste triatlon. Yn 2007 slagge hy foar syn stúdzje Algemiene Sosjale Wittenskippen.

Syn bêste prestaasje oant no (peildatum augustus 2008) is it winnen fan de wrâldtitel foar neo-senioaren. Yn 2008 makke hy syn olympyske debút op de Olympyske Spullen fan Peking yn de skiffklasse. Yn de kwartfinale einige hy as fjirde yn syn searje efter Nij-Seelân, Sweden en Amearika mei in tiid fan 6.57.24. Hjirtroch is in hege klassearring útsluten, want allinnich de earste trije gienen nei de heale finale.

Yn 2009 wûn hy mei it team fan Oxford The Boat Race, de tradysjonele roeiwedstriid tusken de ploegen fan de universiteiten fan Oxford en fan Cambridge op de Theems. Hy is de twadde Nederlânske meidogger dy't de race mei Oxford wûn: Gerritjan Eggenkamp gie him yn 2002 foar. Yn it dêropfolgjende seizoen waard Hamburger as earste net-Ingelstalige bûtenlanner keazen ta president (kaptein) fan de roeiferiening fan Oxford. Sa die hy yn 2010 foar de twadde kear mei oan The Boat Race, mar syn ploech waard dizze kear ferslein troch Cambridge.

Hy is oansluten by Orca.


Sûnt 2002 is Hamburger aktyf as roeier yn de swiere manlju 8. Yn augustus 2008 hat hy mei dien oan de Olympyske Spullen yn Peking.

Prestaasjes

  • 2004
    • WK ûnder 23, skiff: Brûns
  • 2005
    • WK ûnder 23, skiff: Goud
  • 2006
    • Hollân Beker, skiff: Brûns

Prizen

Roeien (skiff)

Hamburger op nûmer 5 (fan de efterside ôf) by de start fan de The Boat Race 2009
  • 2004: 25e Wrâldbeker I - 7.00,03
  • 2005: 15e Wrâldbeker I - 7.19,14
  • 2005: 6e Wrâldbeker III - 7.03,19
  • 2005: 7e WK - 6.58,17
  • 2006: 7e Wrâldbeker I - 7.05,45
  • 2006: 7e Wrâldbeker III - 6.58,42
  • 2006: 8e WK - 6.45,06
  • 2007: 6e Wrâldbeker I - 7.05,69
  • 2007: 7e Wrâldbeker II - 6.51,70
  • 2007: 5e Wrâldbeker III - 6.54,80
  • 2007: 10e WK - 6.59,76
  • 2008: 8e Wrâldbeker I - 7.29,79
  • 2008: 7e Wrâldbeker II - 7.03,70
  • 2008: 13e OS - 6.58,71
  • 2009: 4e Wrâldbeker I - 6.07,96

Keppeling om utens