Hindrik de Hillige: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Rigel 38: Rigel 38:
[[la:Henricus II (imperator)]]
[[la:Henricus II (imperator)]]
[[lt:Imperatorius Henrikas II]]
[[lt:Imperatorius Henrikas II]]
[[ro:Henric al II-lea, Împărat al Sfântului Imperiu Roman]]
[[ms:Henry II, Maharaja Suci Rom]]
[[ms:Henry II, Maharaja Suci Rom]]
[[nds:Hinrich II. (HRR)]]
[[nds:Hinrich II. (HRR)]]
Rigel 44: Rigel 45:
[[pl:Henryk II Święty]]
[[pl:Henryk II Święty]]
[[pt:Henrique II, Sacro Imperador Romano]]
[[pt:Henrique II, Sacro Imperador Romano]]
[[ro:Henric al II-lea, Împărat Roman]]
[[ru:Генрих II Святой]]
[[ru:Генрих II Святой]]
[[simple:Henry II, Holy Roman Emperor]]
[[simple:Henry II, Holy Roman Emperor]]

De ferzje fan 23 mai 2011 om 07.34

Kroaning fan Hindrik II – Miniatuer út sakremintsboeken fan de keizer

Hindrik II, mei de bynamme de Hillige ( Bad Abbach by Hildeheim, 6 maaie 973 of 978 - Grone, 13 july 1024 ), wie sont 1002 kening fan it Eastfrankyske ryk (Regnum Teutonicorum) en keizer fan it Hillige Roomske Ryk fan 1014 - 1024.

Libben

Hy wie de soan fan de Beierske hartoch Hindrik II, "de Rûzjesiker", en syn frou Gisela. Hy wie de oerpakesizzer fan Hindrik I en stamde sadwaande út de Beierske sydline fan de Ottoanen. Nei't er op 9 july 1002 as Eastfrankyske kening kroane wie, kroane paus Benediktus VIII him op 14 febrewaris 1014 as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Hindrik II wie mei keizerinne Kunigunde boaske. Hja krigen gjin bern. Dêrtroch wie Hindrik II de lêste keizer út it laach fan de Ottoanen.

Oars as syn foargonger Otto III konsintrearre Hindrik II him op it ryksgebiet noardlik fan de Alpen, hy fierde foaral ferskate kearen oarloch mei Poalen en gie mei tsjinsin trijeris nei Itaalje. Yn syn tiid kaam it ta in yntinsivearring fan it keningsbewâld. Fan binnenút makke Hindrik it ryk fêster troch neiere persoanlike en politike bannen mei de tsjerke. Troch skinkings en nije stiftings soarge hy derfoar dat de bisdommen fêste punten fan de keninklike macht waarden en krige hy dêr tsjinstbetoan foar werom. Hy besocht boppedat de keninklike macht fan it rykskleaster, dy't in part fan it ryksleger levere, fuort te sterkjen. Yn 1007 stifte hy in bisdom yn Bamberch, in stêd, dy't net as in oare stêd mei syn namme ferbûn is.

Yn 1010 skonk hy Sillva Fulnaho (it wâld fan Vollenhove) oan it bisdom Utert. Dit wie feitlik it begjin fan it Oersticht. Hy rjochte in soad skoallen op, ferdigene de ryksgrinzen en die war om frede te stiftsjen en de tsjerke ta ûntwikkeling te bringen. Hindrik begûn oan de bou fan de katedraal fan Bazel. Op lettere leeftiid krige hy in ferlamming. Alhoewol't er graag muonts wurde wold hie, bleau hy syn taak fean hearsker folbringen.

Hillich ferklearre

Hindrik waard, as ienige Dútse keizer, yn 1146 hillich ferklearre troch paus Eugenius III. Syn feestdei is op 13 july. Hindrik is beskermhillige fan de bisdommen Bamberch en Bazel, fan de perarsen sûnder bern, fan de keningen en hartoggen en fan de handikepten.

De kronyk fan Thietmar fan Merseburg, dy't troch de kening yn 1009 as biskop fan Merseburch beneamdt waard, jildt as wichtichste boarne oar Hindrik II en syn tiid. It wurdt foar de tiid fan Hindrik II sels as haadoerlevering besjoen.