Eritreä: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Tunnel ferroviaire
tekst foto
Rigel 20: Rigel 20:
tillefoan = 291 |
tillefoan = 291 |
}}
}}
[[File:Eritrea Train Mountain Tunnel.jpg|300px|left|thumb|<center></center>]]
[[File:Eritrea Train Mountain Tunnel.jpg|250px|thumb|Tunnel earne yn Eritrea]]
'''Eritrea''' is in lân yn it easten fan [[Afrika]]. De haadstêd is [[Asmara]].
'''Eritrea''' is in lân yn it easten fan [[Afrika]]. De haadstêd is [[Asmara]].



De ferzje fan 21 mai 2011 om 16.14

Hagere Ertra
Flagge fan Eritreä Wapen fan Eritreä
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eritreä
Offisjele taal Tigrinya en Arabysk
Haadstêd Asmara
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt nakfa (ERN)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 24 maaie
Lânkoade ERT
Ynternet .er
Tillefoan 291
Tunnel earne yn Eritrea

Eritrea is in lân yn it easten fan Afrika. De haadstêd is Asmara.

Geografy

Lizzing

Eritrea wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Eritrean Heechlannen

Eritrea hat yn totaal 1630 km oan lânsgrinzen, dêr't 113 km fan mei Dzjibûty, 912 km mei Etioopje en 605 km mei Sûdan binne. It lân beskikt ek oer in kuststripe fan 2234 km, dêr't ek de ôfstân om de eilannen yn de Reade See hinne by rekkene is.

It lânskip wurdt dominearre troch de útrinners fan it Etiopysk Heechlân yn it noarden dat ôfrinend oergiet yn in woastynflakte nei it easten ta. Yn it noardwesten fynt men in heuveleftich terrein en yn it súdeasten flakten. It lân hat in heech sintraal plato dat útien rint fan 1800 oant 3000 meter boppe seenivo. Foar de kust lizze om-ende-by 300 eilannen.

It heechste punt fan Eritrea is de top fan de berch Soira op 3018 meter boppe seenivo. It leechste punt leit tichtby Kulul yn de Danakildepresje.

Skiednis

De moderne skiednis fan Eritrea begjint mei de kolonisearring troch Itaalje yn 1885, dêr't it yn besit fan bleaut oant en mei 1941 doe't Itaalje tidens de Twadde Wrâldkriich troch de Alliearden ferslein waard. Dernei krige de Britten it gebiet tawezen as protektoraat.

Yn 1952 waard troch de Feriene Naasjes besletten dat Eritrea in federaasje foarme moast mei Etioopje. Dat rint lykwols oars as yn 1962 Eritrea troch Etioopje aneksearre waard. Derop folget in boargerkriich dat pas yn 1991 einiget as it Eritreeske rebellenleger de Etiopjers ferslaat. Yn 1993 stemde it meastenpart fan de befolking foar ûnôfhinklikheid.

Yn 1998 brekt in grinsoarloch út mei Etioopje dêr't op 12 desimber 2000 in ein oan komt nei bemiddeling troch de Feriene Naasjes. Sûnt dy tiid hâldt in FN-fredesleger tasicht, yn ôfwachting fan it beslút fan in ynternasjonale kommisje dy't de grins foarfêst fêstlizze moat.


Ofbyld:Eritrea-people-map.gif
De fersprieding fan de folken yn Eritrea

Demografy

Befolking

De befolking fan Eritrea wie yn july 2004 nei skatting 4.447,307 grut. Etnologysk besjoen bestiet sy foar 50% út Tigriny, 30 % Tigre , 10% Kunama, 4% Afar 4%, 3% Saho (kustbewenners) en oaren 3%.

Religy

De wichtichste godstsjinsten binne de Islam, it Koptysk Kristendom, de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Protestanten.

Talen

De talen dy't yn Eritrea sprutsen wurde binne: it Afar, Arabysk, Tigre, Kunama, Tigrinya en Kusjitysk.