Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
FK-4 (oerlis | bydragen)
Rigel 14: Rigel 14:
Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy't tige kostber of tige gefaarlik is.
Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy't tige kostber of tige gefaarlik is.
Miskien beide wol ...<br>
Miskien beide wol ...<br>
''Fryske omslachtekst fan 'e Fryske ferzje fan it earste boek''
''Fryske omslachtekst fan 'e [[Frysk]]e ferzje fan it earste boek''

Harry Potter is in deagewoane, mar ûngelokkige jonge dy't sûnt 'e dea fan syn âlden by syn droege en smoarge omke en muoike wennet, yn de biezemkast ûnder de trep. Op in dei krijt er in geheimsinnige slûf. En dêrnei noch ien en noch ien. De brieveslûven feroarje Harry's hiele libben: hy wurdt rêde troch in woastling op in motorfyts en er komt der efter wa't syn ferûngelokke âlders wienen. Mei in bysûndere trein dy't ôfreizget fan perron 9 ¾, bedarret er op Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, dêr't er in hiel protte dingen leart oer biezemfleanen, magyske dranken en meunsters. Uteinlik moat Harry it opnimme tsjin syn aartsfijân Voldemort, in libbensgefaarlike tsjoender.<br>

De ferzje fan 7 mai 2011 om 14.11

Harry Potter and the Philosopher's Stone is in Ingelsk boek skreaun troch J. K. Rowling. It is it earste part fan de sânrige oer Harry Potter. It boek beskriuwt it earste jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan it boek kaam út op 23 july 2007 by Utjouwerij Bornmeer, mei de titel Harry Potter en de stien fan 'e wizen. Jetske Bilker wie de oersetster fan dat earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten.

Film

De film nei it boek hjit Harry Potter and the Sorcerer's Stone. Dat wie yn de Feriene Steaten de titel fan it boek, om't de útjouwer dêr tocht dat in boek mei "Philosopher" yn 'e titel net ferkoft wurde soe. Oarsom hjit de Amerikaanske film ynternasjonaal al wer Harry Potter and the Philosopher's Stone.

Gearfetting

As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy't him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy't de tredde ferdjipping fan 'e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy't tige kostber of tige gefaarlik is. Miskien beide wol ...
Fryske omslachtekst fan 'e Fryske ferzje fan it earste boek

Harry Potter is in deagewoane, mar ûngelokkige jonge dy't sûnt 'e dea fan syn âlden by syn droege en smoarge omke en muoike wennet, yn de biezemkast ûnder de trep. Op in dei krijt er in geheimsinnige slûf. En dêrnei noch ien en noch ien. De brieveslûven feroarje Harry's hiele libben: hy wurdt rêde troch in woastling op in motorfyts en er komt der efter wa't syn ferûngelokke âlders wienen. Mei in bysûndere trein dy't ôfreizget fan perron 9 ¾, bedarret er op Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, dêr't er in hiel protte dingen leart oer biezemfleanen, magyske dranken en meunsters. Uteinlik moat Harry it opnimme tsjin syn aartsfijân Voldemort, in libbensgefaarlike tsjoender.
Oersette omslachtekst fan de Hollânske ferzje fan it boek.