Wikipedy:Bots: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L tikflater
Aliter (oerlis | bydragen)
Botmeidoggerlist
Rigel 4: Rigel 4:
De bots dy't op it stuit dwaande binne mei de ynterwiki binne mear as genôch foar dy funksje, om't it bywurkjen fan de Fryske Wikipedy gewoan in sydlings gefolch is fan it bywurkjen fan Wikipedyen mei hunderttûzenen siden. Bots dy't dêrfan mear as ynsidinteel aktyf binne op de Fryske Wikipedy hawwe hjir in eigen meidochnamme. At hja sa drok binne dat de side [[Wiki:Recentchanges|Koartlyn feroare]] fol stean soe mei harren wizigings, dan is foar dy meidoggers de botstatus ynsteld, dat harren bewurkings foar ''Koartlyn feroare'' net sichtber binne, útsein jo freegje dêr om.

Hokfoar meidoggers op dit stuit botstatus hawwe kinne jo fine yn de [[Wiki:Listusers|Meidoggerlist]] troch dêr by ''Groep'' de ''Bots'' oan te jaan.
Hokfoar meidoggers op dit stuit botstatus hawwe kinne jo sjen yn de [http://fy.wikipedia.org/wiki/Wiki:Listusers?group=bot meidoggerlist].

== Nije bots ==
== Nije bots ==

De ferzje fan 13 jun 2006 om 00.33

Op de Wikipedy is ek in tal fan Bots aktyf. Foar it meastepart hawwe dy bots it doel ynterwiki-keppelings oan te bringjen.

Aktyve bots

De bots dy't op it stuit dwaande binne mei de ynterwiki binne mear as genôch foar dy funksje, om't it bywurkjen fan de Fryske Wikipedy gewoan in sydlings gefolch is fan it bywurkjen fan Wikipedyen mei hunderttûzenen siden. Bots dy't dêrfan mear as ynsidinteel aktyf binne op de Fryske Wikipedy hawwe hjir in eigen meidochnamme. At hja sa drok binne dat de side Koartlyn feroare fol stean soe mei harren wizigings, dan is foar dy meidoggers de botstatus ynsteld, dat harren bewurkings foar Koartlyn feroare net sichtber binne, útsein jo freegje dêr om.

Hokfoar meidoggers op dit stuit botstatus hawwe kinne jo sjen yn de meidoggerlist.

Nije bots

At immen in bot mear as ynsidinteel op de Wikipedy wurkje litte wol, dan is it goed at er foar dy bot in aparte meidochnamme oanmakket, dêr't dúdlik út blykt dat it om in bot hannelet. Guon meidoggers sette bygelyks foar dy meidochnamme Bot efter harren gewoane meidochnamme.

Lykas fan oare meidoggers wurdt fan sa'n botmeidogger ferwachte dat er allinnich feroarings oanbringt ta ferbettering fan de Wikipedy, en dat er him hjir hâlde kin.

At in bot in steurende mannichte oan wizigings dwaan sil, dan is it baas at de bestjoerder der yn it foar botstatus foar oanfreget. Dat kin gewoan op de Oerlisside dien wurde. At in bot sjen litten hat dat er terjochte wizigings oanbringt, dan sil nei in koarte tiid nei sa'n fersyk de botstatus ynsteld wurde. Hjirfoar wurdt mûglik in wike tiid naam foar reaksjes; oant de botstatus ynsteld is moat de bestjoerder de bot fansels net steurjend aktyf meitsje.