Alexander von Falkenhausen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: right|350px '''Alexander Ernst Alfred Hermann von Falkenhausen''' (Blumenthal ([[Silezië]...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 mai 2011 om 19.07

Alexander Ernst Alfred Hermann von Falkenhausen (Blumenthal (Silezië), 29 oktober 1878 - Nassau (Rijnland-Palts), 31 july 1966) wie in Dútske militair.

Biografy Von Falkenhausen is yn Belgje mei namme bekend as militair befelhawwer fan it Dútske militaire bestjoer fan maaie 1940 oant july 1944 fan Belgje en Noard-Frankryk. Fan 20 oant 29 maaie 1940 wie hy dit ek foar Nederlân, hjirnei waard it militair bestjoer ferfongen troch in sivyl bestjoer ûnder lieding fan rykskommissaris, Arthur Seyss-Inquart. Von Falkenhausen wie in omkesizzer fan Ludwig von Falkenhausen, de befelhawwer oer it besette part fan Belgje yn de Earste Wrâldkriich. Von Falkenhausen hat meifochten yn de Bokseropstân en hy focht mei yn de Earste Wrâldkriich oan it east- en westfront en yn Palestina. Hy wie in grut leafhawwer fan Aziatyske kultueren. Yn 1930 waard hy militair adviseur yn Sina yn de perioade fan de Sino-Dutske gearwurking. Hy hat meiholpen mei Hans von Seeckt om it Sineekse leger en de Sineeske ekonomy te herfoarmjen. Yn 1937 keas Dútslân iepenlik de side fan Japan en moast Falkenhausen weromkomme nei Dútslân. Dit die hy pas doet syn superieuren driigde syn famylje te straffen foar syn ‘heechferried’. Yn in ôfskiedsdiner mei Chiang Kai-Shek beloofde hy te soargen dat gjin inkel geheim oan Japan trochspiele wurde soe. As militair befelhawwer fan Belgje en Noard-Frankryk publisearre Falkenhausen in tal anti-Joadske dekreten en waarden út syn namme in protte Belgjen twongen tewurk setten. Syn maatregels liede ta wurkleazens ûnder Joaden yn Belgje, wêrnei grutte tallen deportearre binne nei kamen yn Noard-Frankryk of de konsintraasje kampen yn Poalen.

Von Falkenhausen wie belutsen by it militaire komplot tsjin Adolf Hitler fan de Wehrmacht op 20 july 1944, dat mislearre. Von Falkenhausen moast plak meitsjen foar in sivyl bestjoer fan nazigetrouwen en waard opsluten yn Dachau. Der waard hy yn 1945 befrijde troch de alliearden. Fuort dêrnei waard hy útlevere oan Belgje. Hy waard feroardiele ta in straf fan tolve jier. Mar nei trije wiken waard hy frijlitten neidat der in protte bewiis oantoande dat hy besocht hat safolle mooglik Joaden en Belgen te reden fan deportaasje en eksekúsje.

Generaal von Falkenhausen hat de oarder Pour le Merite en de Husoarde en de Oarde fan fertsjinsten fan Hartoch Peter Friedich Ludwig van Oldenburg. Op syn 72 ste jierdei yn 1950 hat hy in brief krigen fan Chian Kai-Shek mei in ynhâld fan ien miljoen dollar. Yn de brief stie dat hy himsels in ‘freon fan Sina’ neame mei.