Kataloanje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: hy:Կատալոնիա
Rigel 89: Rigel 89:
[[af:Katalonië]]
[[af:Katalonië]]
[[an:Catalunya]]
[[an:Catalunya]]
[[ar:منطقة كاتالونيا ذاتية الحكم]]
[[ar:كتلونيا]]
[[arc:ܩܛܠܘܢܝܐ]]
[[arc:ܩܛܠܘܢܝܐ]]
[[arz:كاتالونيا]]
[[arz:كاتالونيا]]

De ferzje fan 27 apr 2011 om 14.26

Kataloanje
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Barselona
Oerflakte 32.114
Befolking 7.083.000
Befolkingstichtens 218,73
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes Barcelona, Gerona, Lerida, Tarragona

Kataloanje (Katalaansk: Catalunya, Spaansk: Cataluña) is ien fan de 17 Spaanske regio's. Kataloanje leit yn it noardeasten fan Spanje oan de kust fan de Middellânske See. De kust bestiet út de Costa Brava, Costa del Maresme, Costa del Garraf en de Costa Dorada. De regio grinzet yn it suden oan de regio Valencia, yn it westen oan Arragon en yn it noarden oan Frankryk. De haadstêd en grutste stêd fan Kataloanje is Barselona.

Skiednis

Kataloanje is ûntstien út de Spaanske Mark, it diel fan Spanje dat troch de Franken ferovere wie op de islam. In ynhiemske oanfierder Wilfred (874-898) waard de stifter fan de dynasty fan greven fan Barselona. Dat laach ûntwikkele har yn de 10e- en 11e ieu stadichoan ta in macht fan betsjutting. Sûnt 1137 doe't Ramon Berenguer IV troch houlik Arragon ferwurf, falt de skiednis fan Kataloanje mien mei dy fan Arragon.

Under de Spaanske republyk (1931-1939) hie Katloanje in gâns selsstannigens. Troch Franco waard dat wer beheind.

Bestjoerlike yndieling

Kataloanje bestiet út fjouwer provinsjes:

Provinsje Ynwennertal Haadstêd Ynwennertal
Barselona 5.270.958 Barselona 1.593.485
Gerona
675.455 Gerona
86.672
Lerida
399.439 Lerida<br 124.709
Tarragona 704.907 Tarragona 128.152
Totaal 6.995.206

Klimaat

Kataloanje beskikt oer in mediterraan klimaat mei sêfte winters en waarme simmers. Fierder it lân yn wurde de winters troch de fermindere ynfloed fan de seewyn kâlder en simmers hjitter. De Katalaanske Pyreneeën dy't sawat 3,5 kilometer heech binne, hawwe in berchklimaat. Ek yn de berchdalen oan de foet fan de Pyreneeën, lykas yn Tremp, kin it winters roetkâld wurde. Op de hege Pyreneeën falt yn de winter in soad snie dat sels simmerdei lizzen bliuwt. It noflike klimaat oan de kust en de kâlde winters yn de bergen ticht by Barselona, lûke sawol simmers as winters in soad toeristen.

Nijsgjirrichheden

Natoer

Kataloanje hat in tige ôfwikseljend lânskip, dat bestiet út bergen, , rotskusten, 'grutte fjilden en rivierdelta's, dêr't de Ebrodelta de wichtigste fan is.