Kamera obskura: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: eo:Senluma kamero
L r2.7.1) (Bot - derby: ar:كاميرا مظلمة
Rigel 22: Rigel 22:
{{Link FA|he}}
{{Link FA|he}}


[[ar:كاميرا مظلمة]]
[[az:Kamera-obskura]]
[[az:Kamera-obskura]]
[[ca:Cambra fosca]]
[[ca:Cambra fosca]]

De ferzje fan 27 apr 2011 om 13.04

In kamera obskura út 1772

In kamera obskura (Latyn foar donkere keamer) is in fertsjustere romte wêrby't yn ien fan de wanden in lyts gatsje makke is, letter ek wol in lins. It hjirtroch ynfallende ljocht smyt in ôfbylding fan de bûtenwrâld op de wand dêr foaroer. Krektas by it ôfbyld troch in lins, wurdt de bûtenwrâld op syn kop ôfbylde. As de efterwand fan de kamera obskura trochskinend makke wurdt (bygelyks mei matglês) is de ôfbylding fan bûtenôf te sjen.

In bysûnder aspekt fan de kamera obskura is dat de opnamen in ûneinige skerptedjipte hawwe, alteast de ferzjes sûnder lins.

Eardat de ljochtgefoelige plaat ûntdekt wie (± 1800) wie de kamera obskura in merkeattraksje. Men koe de wrâld ommers bûten sûnder sjoen te wurden begluorkje. Mei spegels waard der foar soarge dat de ôfbylding wer rjochtoerein kaam te stean. Keunstskilders brûkten de kamera obskura as helpmiddel om de werklikheid sekuer oernimme te kinnen op harren doek. Yn de Fiktoriaanse tiid waarden der kamera obskura's bouwd mei in grutte fan in hûs, dêr't men tsjin betelling de omjouwing besjen koe. Yn Grahamstad yn de Eastkaap-provinsje fan Súd-Afrika kin soks noch altiten, en ek yn Cadiz yn Spanje. Dizze lêste sit yn in âlde toer.

Sjoch ek

Trivia

De Nederlanner Nicolaas Beets skreau yn 1839 ûnder de skûlnamme Hildebrand syn boek: Camera Obscura.

Berjocht:Link FA