Tsjummearum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 25: Rigel 25:
* VVV Tsjummearum - Keatsen
* VVV Tsjummearum - Keatsen
* Opinoo - Tennis
* Opinoo - Tennis
* strip club


== Strjitten ==
== Strjitten ==

De ferzje fan 19 apr 2011 om 12.15

De himrik fan Tsjummearum.
Yn 1996 fûne muntskat mei yn Dorestad sleine munten (Ryksmuseum fan Aldheden)
Tsjummearum, tsjerke
Tsjummearum, it Wapen ian Barradiel

Tsjummearum is in doarp yn it noarden fan de gemeente Frjentsjerteradiel. It doarp hat 1.527 ynwenners (31 desimber 2003).

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Tsjummearum diel út fan de gemeente Barradiel.

Skiednis

It doarp moat omtrint de 8e ieu ûntstien wêze op de kwelderwâl tusken Seisbierrum en Minnertsgea. De namme betsjut safolle as "hiem fan Thiadmar". It yn 1234 stifte kleaster Lidlum fan de Wythearen ek wol Norbertinen of Premonstratinzers neamd. Der wenen yn it kleaster mear minsken as yn it doarp. By it doarp, yn de Westerbuorren, stie ek de stins fan it geslacht Roorda (of Roordama). Johan Roorda uit dit geslacht bepaalt yn syn testamint fan 1473 dat der in beginenkleaster boud wurde moat. Dat wurdt it kleaster Bethanië yn de Mieden ûnder Tsjummearum.

Stasjon

Tsjummearum hie in spoarstasjon oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. It stasjon wie teffens it begjinpunt fan de NFLS-line nei Frjenstjer. De ferkoarte oantsjutting wie Tzum. It stasjon waard op 2 desimber 1902 iepene en waard op 1 desimber 1940 sluten. Sa út en troch waard it dêrnei noch wol brûkt. It waard op't lêst troch de NS ferkocht oan de gemeente Barradiel. Doe hat it yn gebrûk west as wente. It stasjon ferkearde yn minne steat en wie ornearre foar sloop. Dochs waard besletten om it te restaurearjen. Dat barde yn 2005 en is datselde jier feestlik weriepene. Der sit no in bedriuw yn. Oan de bûtekant is suver alles yn orizjinele steat en binnen is it loket bewarre bleaun en opknapt. By de rastauraasje is wer in stik reels delleina. Ek de bygebouwen binne reastaureard en yn ien fan dy twa is in lytse museale útstalling makke en stiet on model fan it stasjon.

Mienskip

Tsjummearum hat in feriening foar Doarpsbelang dy't ek de Dorpskrant útjout. It doarp hat twa basisskeoallen: de M.J. Tamsmaskoalle en De Skalmei. Yn sporthal de Harnehal wurde sportive en oare aktiviteiten hâlden. Nij Bethanië is in soarchsintrum foar de âlderein.

Ferienings

  • Rederikerssintrum Onno Zwier - lêsselskip en toaniel
  • De Bazuin = korps
  • Tonido - gymnastyk
  • SST - follybal
  • Jelgersmaruters
  • VVV Tsjummearum - Keatsen
  • Opinoo - Tennis

Strjitten

Bargereed, Bethanieleane, Buorren, Cecilia Benninghastrjitte, De Buffer, De Fjouwere, De Kamp, Douwe Sixmastrjitte, Evert Sybesmastrjitte, Finkepôle, Flaakspaad, Hearewei, Hegesylsterwei, Hoarnestreek, Jel Rinckesstrjitte, Johan Roordastrjitte, Kade, Kammingadammen, Kleasterwei, Koarnsteech, Lytse Buorren, Master Abel Zuurstrjitte, Nij Bethanië, Roordamaleane, Seedyk, Sinaedawei, Sjoerd Draijerstrjitte, Skoalstrjitte, Skûtebuorren, Smidssteech, Spoarstrjitte, Stasjonswei, Swaarderwei, Sytzamaleane, Terskerspaad, Tsjerkepaad, Vossleane, W Koningstrjitte, Westerbuorren.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: