Harsens: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 26: Rigel 26:
Nettsjinsteande it ferskaat yn bistesoarten dy't harsens hawwe, binne der op sellulêr, struktureel en funksjoneel nivo in soad oerienkomsten. Op sellulêr nivo: de harsens besteane út twa soarten sellen: neuroanen en [[gliasel]]len. Beide soarten sellen komme foar as ferskillende seltypen mei ferskate funksjes. Underling ferbûne neuroanen foarmje neuronale netwurken. Dizze netwurken besteane út skeakeljende eleminten (neuroanen) dy't mei elkoar ferbûn binne troch biologyske betriedding (senuwrizels). Ornaris binne neuroanen ferbûn mei minimaal 1000 oare neuroanen. Dizze tige spesjalisearre netwurken foarmje systemen dy't de basis foarmje fan [[persepsje]], aksje en hegere kognitive funksjes.
Nettsjinsteande it ferskaat yn bistesoarten dy't harsens hawwe, binne der op sellulêr, struktureel en funksjoneel nivo in soad oerienkomsten. Op sellulêr nivo: de harsens besteane út twa soarten sellen: neuroanen en [[gliasel]]len. Beide soarten sellen komme foar as ferskillende seltypen mei ferskate funksjes. Underling ferbûne neuroanen foarmje neuronale netwurken. Dizze netwurken besteane út skeakeljende eleminten (neuroanen) dy't mei elkoar ferbûn binne troch biologyske betriedding (senuwrizels). Ornaris binne neuroanen ferbûn mei minimaal 1000 oare neuroanen. Dizze tige spesjalisearre netwurken foarmje systemen dy't de basis foarmje fan [[persepsje]], aksje en hegere kognitive funksjes.
[[Ofbyld:Oligodendrocyte.png|thumb|right|''In oligoadendrosyt'']]
[[Ofbyld:Oligodendrocyte.png|thumb|right|''In oligoadendrosyt'']]

{{wurk}}
=== Histology ===
=== Histology ===
De sellen dy't aksjepotinsjalen generearje en ynformaasje trochstjoere nei oare sellen binne de neuroanen. Yn elk harsensgebiet sitte neuroanen dy't ynput krije ([[afferint]]e neuroanen), dy't in output produsearje ([[efferint]]e neuroanen) en [[ynterneuron|ynterneuroanen]]. Afferinte neuroanen ûntfange projeksjes fan oare harsensgebieten. Efferinte neuroanen projektearje nei oare gebieten. Ynterneuroanen hawwe gjin konneksjes bûten it harsensgebiet dêr't se yn lizze. mar soargje foar lokale ferwurking.
De sellen dy't aksjepotinsjalen generearje en ynformaasje trochstjoere nei oare sellen binne de neuroanen. Yn elk harsensgebiet sitte neuroanen dy't ynput krije ([[afferint]]e neuroanen), dy't in output produsearje ([[efferint]]e neuroanen) en [[ynterneuron|ynterneuroanen]]. Afferinte neuroanen ûntfange projeksjes fan oare harsensgebieten. Efferinte neuroanen projektearje nei oare gebieten. Ynterneuroanen hawwe gjin konneksjes bûten it harsensgebiet dêr't se yn lizze. mar soargje foar lokale ferwurking.
Rigel 37: Rigel 37:


=== Funksjes ===
=== Funksjes ===
Hersenen van gewervelden ontvangen signalen van de 'sensors' (''receptoren'') van het [[organisme]] via de [[zenuw]]en. Deze signalen worden door het centrale zenuwstelsel geïnterpreteerd waarna reacties worden geformuleerd, gebaseerd op [[reflex (biologie)|reflexen]] en aangeleerde kennis. Eenzelfde soort systeem bezorgt aansturende boodschappen vanuit de hersenen bij de [[Spier (anatomie)|spieren]] in het hele lichaam.
Harsens fan wringeduieren ûntfange sinjalen fan de 'sensors' (''receptoren'') fan it [[organisme]] fia de [[senuw]]en. Dizze sinjalen wurde troch it sintrale senuwstelsel ynterpretearre wêrnei't reaksjes formulearre wurde, basearre op [[refleks (biology)|refleksen]] en oanleaerde kennis. Soksoarte systeem besoarget oanstjoerende boadskippen fanút de harsesnsby de [[Spier (anatomy)|spieren]] yn it heule lichem.


Sensorische input wordt verwerkt door de hersenen voor de herkenning van gevaar, het vinden van voedsel, het identificeren van mogelijke partners en verscheidene andere functies. Gezichts-, gevoels- en gehoorsinformatie gaat eerst naar specifieke kernen van de [[thalamus]] en vervolgens naar gebieden van de cortex cerebri die bij dat specifieke sensorische systeem horen. [[Reuk]]ynformaasje (fylogenetysk het oudste systeem) gaat eerst naar de [[bulbus olfactorius]] en dan nei oare dielen fan it olfaktoarysk systeem. [[smaak (sintúch)|Smaak]] wurdt fia de harsenstamme laat nei oare dielen fan it betreffende systeem.
Sensoaryske input wurdt ferwurke troch de harsens foar de werkenning fan gefaar, it finen fan fiedsel, it identifisearjen fan mooglike partners en ferskate oare funksjes. Gesichts-, gefoels- en gehoarynformaasje giet earst nei spesifike kearnen fan de [[talamus]] en dêrnei nei gebieten fan de cortex cerebri dy't by dat spesifike sensoaryske systeem hearre. [[Rook]]ynformaasje (fylogenetysk het oudste systeem) gaat eerst naar de [[bulbus olfactorius]] en dan nei oare dielen fan it olfaktoarysk systeem. [[smaak (sintúch)|Smaak]] wurdt fia de harsenstamme laat nei oare dielen fan it betreffende systeem.


Om bewegingen te koördinearjen hawwe de harsens in oantal parallelle systemen dy't spieren bestjoere. Het motorisch systeem bestuurt de bewegingen van spieren, geholpen door de [[motorische schors]], de [[lytse harsens]] (it searebellum) en de [[basale ganglia]]. Uteinlik projektearret it systeem fia it [[rêgemurch]] nei de saneamde spiereffektors. Kearnen yn de harsenstamme bestjoere in soad ûnwillekeurige spierfunksjes lykas it sykheljen. Daarnaast kunnen veel automatische handelingen zoals refleksen stjoerd wurde troch it rêgemurch.
Om bewegingen te koördinearjen hawwe de harsens in oantal parallelle systemen dy't spieren bestjoere. Het motorisch systeem bestuurt de bewegingen van spieren, geholpen door de [[motorische schors]], de [[lytse harsens]] (it searebellum) en de [[basale ganglia]]. Uteinlik projektearret it systeem fia it [[rêgemurch]] nei de saneamde spiereffektors. Kearnen yn de harsenstamme bestjoere in soad ûnwillekeurige spierfunksjes lykas it sykheljen. Dêrneist kinne in soad automatyske hannelingen lykas refleksen stjoerd wurde troch it rêgemurch.


De harsens produsearje ek in diel fan de [[hormoan|hormoanen]] dy't organen en [[klier]]en beynfloedzje. Oan de oare kant reagearje de harsens ek op hormoanen dy't op oare plakken yn it lichem produsearre binne. By sûchdieren wurde de hormoanen ôfjûn oan de bloedsomrin. De bestjoering fan in soad hormoanen ferrint fia de [[hypofyze]].
De harsens produsearje ek in diel fan de [[hormoan|hormoanen]] dy't organen en [[klier]]en beynfloedzje. Oan de oare kant reagearje de harsens ek op hormoanen dy't op oare plakken yn it lichem produsearre binne. By sûchdieren wurde de hormoanen ôfjûn oan de bloedsomrin. De bestjoering fan in soad hormoanen ferrint fia de [[hypofyze]].
{{wurk}}


== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==

De ferzje fan 16 apr 2011 om 15.44

It minskebrein

De harsens (plurale tantum), ek wol it brein neamd, foarmje it diel fan it sintrale senuwstelsel dat yn de holle sit (Gryksk: ἐγκέφαλον, encephalon, 'yn de holle'). De harsens foarmje it waarnimmende, oanstjoerende, kontrolearjende en ynformaasjeferwurkjende orgaan yn bisten. Der binne trije groepen bisten mei harsens: de wringedieren, de lidpoatigen (ynsekten, spinnen, kreeften) binnen de groep fan de net-wringedieren en de inktfisken. De oare net-wringedieren hawwe gjin harsens, mar kolleksjes fan yndividuele ganglia. De harsens sitte oer it generaal yn de kop fan it bist. De harsens binne in kompleks orgaan; it minsklik brein is opboud út tsientallen miljarden neuroanen (senuwsellen) wêrfan elk ferbûn is mei in grut oantal oare neuroanen, soms tûzenen. It is grif de meast komplekse struktuer yn it universum. De harsens bestjoere en koördinearje sensoaryske systemen, beweging, gedrach en homeostatyske lichemsfunksjes, lykas sykheljen, bloeddruk en lichemstemperatuer. De harsens binne de boarne fan beweging, ûnthâld en (by hegere soarten) kognysje (bewustwêze) en emoasje.

Anatomy

Yn de measte harsens is in ferskil te sjen tusken grize stof en wite stof. Grize stof bestiet út de sellichems en dendriten fan de neuroanen; wite stof bestiet út myeline, de isolearjende laach om de aksons dy't de neuroanen oer lange ôfstân ferbine. De bûtenste lagen fan de telensefalon wurde de korteks serebri of harsenskors neamd. Dy bestiet benammen út grize stof. Utsein yn lagen komme sellichems ek foar yn kearnen. Se binne ferspraat oer it heule sintrale senuwstelsel. De aksoanen yn de wite stof binne omjûn troch in fetlike, beskermjende en isolearjende laach: myeline. Myeline is ferantwurdlik foar de kleur van de wite stof. dwerstrochsneden fan de harsens jouwe ynsicht yn de struktuer fan de grize en wite stof binnen in plat flak (sjoch harsensanatomy)

By legere wringedieren as (fisken, reptilen, amfibyen) bestiet de cortex cerebri út minder as seis lagen. Dizze struktuer wurdt ek wol allocortex neamd. By sûchdieren bestiet in diel fan de cortex cerebri út seis lagen. Dit diel wurdt de neokorteks neammd en leit boppe-op de âldere allocortex. By hegere sûchdieren lykas primaten foarmet de neokorteks in grutter diel fan de harsens as by legere sûchbisten

Skematyske tekening mei de subdivyzjes fan de harsens fan in embryo. Letter sille dizze dielen har ûntwikkelje ta folwoeksen struktueren

De harsens binne yn te dielen yn:

In ienfâldiger en gongberder yndieling is:

Neurobiology

Nettsjinsteande it ferskaat yn bistesoarten dy't harsens hawwe, binne der op sellulêr, struktureel en funksjoneel nivo in soad oerienkomsten. Op sellulêr nivo: de harsens besteane út twa soarten sellen: neuroanen en gliasellen. Beide soarten sellen komme foar as ferskillende seltypen mei ferskate funksjes. Underling ferbûne neuroanen foarmje neuronale netwurken. Dizze netwurken besteane út skeakeljende eleminten (neuroanen) dy't mei elkoar ferbûn binne troch biologyske betriedding (senuwrizels). Ornaris binne neuroanen ferbûn mei minimaal 1000 oare neuroanen. Dizze tige spesjalisearre netwurken foarmje systemen dy't de basis foarmje fan persepsje, aksje en hegere kognitive funksjes.

Ofbyld:Oligodendrocyte.png
In oligoadendrosyt

Histology

De sellen dy't aksjepotinsjalen generearje en ynformaasje trochstjoere nei oare sellen binne de neuroanen. Yn elk harsensgebiet sitte neuroanen dy't ynput krije (afferinte neuroanen), dy't in output produsearje (efferinte neuroanen) en ynterneuroanen. Afferinte neuroanen ûntfange projeksjes fan oare harsensgebieten. Efferinte neuroanen projektearje nei oare gebieten. Ynterneuroanen hawwe gjin konneksjes bûten it harsensgebiet dêr't se yn lizze. mar soargje foar lokale ferwurking.

Neist neuroanen befetsje de harsens gliasellen, ± 10 - 50 per neuron. Gliasellen (fan it Grykske glia =lym ) hawwe in ûndersteunende rol yn de harsens, wêrûnder it produsearjen fan it isolearjende myeline, it ferskaffen fan struktuer oan it neuronale netwurk en it ferwurkjen fan ôffal. De measte soarten gliasellen yn it sintrale senuwstelsel sitte yn it perifear senuwstelsel. In útsûndering binne de oligodendrositen dy't yn it sintrale senuwstelsel aksoanen isolearje. Yn it perifear senuwstelsel binne hjirfoar de Schwannsellen ferantwurdlik.

By sûchdieren wurde de harsens omjûn troch bynweefselfluezen, de harsensfluezen. Dit is in systeem fan membranen dat de harsens skiedet fan de skedel. De fluezen binne fan bûten nei binnen opboud út it hurde harsensflues, it spinnewebflues en it sêfte harsensflues. It spinnewebflues is ferbûn mei it hurde harsenflues dy't by elkoar soms as ien laach sjoen wurde. Under it spinnewebflues sit in romte wêryn it harsensfocht (ek serebrospinalis, serbrospinale floeistof of likwor ) sit. Hjiry "driuwe" de harsens. It harsensfocht sirkulearret tusken de lagen fan de harsensfluezen en troch holtes yn de harsens dy't wy fentrikels neame. Gemysk is it wichtich foar it metabolisme en meganysk is it wichtich as skokdimper. Bloedfetten komme it senuwstelsel binnen fia de romte boppe it sêfte harsensflues. De bloed-harsenbarriêre, in funksjonele skieding tusken bloedfetten en harsensweefsel, beskermet de harsens diels tsjin toksines dy't mooglik mei it bloed mei binnenkomme.

De minsklike harsens wage ± 1 - 1,5 kilo. De massa en tichtheid fan de harsens binne sa heech dat de harsens ûnder harren eigen gewicht yn elkoar sakje as se net steund wurde. Meidat se driuwe yn it harsensfocht, reitsje se net beskeadige ûnder ynfloed fan de swiertekrêft. Omdat de skedel hurd en op in pear lytse iepenings nei ticht is, soenen de harsens net opswolle of útsette kine as der gjin harsenfocht wie; de druk soe by swollings en kniezings hurd oprinne ta wearden wêrby't gjin trochblieding mear mooglik is, mei de dea as gefolch. De ferdringbere harsenfloeistof ûnderfangt ek dit effekt foar in grut part.

Funksjes

Harsens fan wringeduieren ûntfange sinjalen fan de 'sensors' (receptoren) fan it organisme fia de senuwen. Dizze sinjalen wurde troch it sintrale senuwstelsel ynterpretearre wêrnei't reaksjes formulearre wurde, basearre op refleksen en oanleaerde kennis. Soksoarte systeem besoarget oanstjoerende boadskippen fanút de harsesnsby de spieren yn it heule lichem.

Sensoaryske input wurdt ferwurke troch de harsens foar de werkenning fan gefaar, it finen fan fiedsel, it identifisearjen fan mooglike partners en ferskate oare funksjes. Gesichts-, gefoels- en gehoarynformaasje giet earst nei spesifike kearnen fan de talamus en dêrnei nei gebieten fan de cortex cerebri dy't by dat spesifike sensoaryske systeem hearre. Rookynformaasje (fylogenetysk het oudste systeem) gaat eerst naar de bulbus olfactorius en dan nei oare dielen fan it olfaktoarysk systeem. Smaak wurdt fia de harsenstamme laat nei oare dielen fan it betreffende systeem.

Om bewegingen te koördinearjen hawwe de harsens in oantal parallelle systemen dy't spieren bestjoere. Het motorisch systeem bestuurt de bewegingen van spieren, geholpen door de motorische schors, de lytse harsens (it searebellum) en de basale ganglia. Uteinlik projektearret it systeem fia it rêgemurch nei de saneamde spiereffektors. Kearnen yn de harsenstamme bestjoere in soad ûnwillekeurige spierfunksjes lykas it sykheljen. Dêrneist kinne in soad automatyske hannelingen lykas refleksen stjoerd wurde troch it rêgemurch.

De harsens produsearje ek in diel fan de hormoanen dy't organen en klieren beynfloedzje. Oan de oare kant reagearje de harsens ek op hormoanen dy't op oare plakken yn it lichem produsearre binne. By sûchdieren wurde de hormoanen ôfjûn oan de bloedsomrin. De bestjoering fan in soad hormoanen ferrint fia de hypofyze.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: