Delling: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Idioma-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.3) (Bot - derby: ltg:Līkne
L r2.7.1) (Bot - oars: nl:Dal (geografie)
Rigel 60: Rigel 60:
[[ml:താഴ്വര]]
[[ml:താഴ്വര]]
[[mr:दरी]]
[[mr:दरी]]
[[nl:Dal (geologie)]]
[[nl:Dal (geografie)]]
[[nn:Dal]]
[[nn:Dal]]
[[no:Dal]]
[[no:Dal]]

De ferzje fan 14 apr 2011 om 12.50

Alpbachtal, in dal yn Tirol (Eastenryk)
In beekdal fan de Gulp yn Slenaken (Nederlân)

In delling is in langrekte leechte of ferdjipping yn it lânskip. In dal wurdt ek wol fallei neamd, bygelyks de Gelderse Fallei.

De measte dalen binne ûntstien troch de útspieling fan in beek of in rivier, mar ek gletsjers en bewegingen yn de ierdkoarste kinne in bydrage leverje yn it ûntstean fan in dal. Op basis fan de ûntsteansskiednis wurde U-dalen en V-dalen ûnderskieden. U-dalen binne útsliten troch gletsjers en V-dalen troch beken. In kleau (ek wol ravyn of canyon neamd) is in troch eroazje djip útsliten rivierdal mei steile (rots)wanden.

Faak is in dal in fruchtber plak (wetter siket it leechste punt) en leit it beskûle tsjin wyn en kjeld. De temperatuer is yn it dal dan ek heger. Yn bercheftige streken lizze de measte stêden en doarpen dêrom yn falleien.

In bercheftige gebieten lykas Eastenryk, Switserlân en Noarwegen binne dellingen folle dúdliker te ûnderskieden as yn gebieten mei in bytsje reliëf, lykas yn Fryslân.

Topografyske beneamingen yn Nederlân mei in ferwizing nei in dal binne bygelyks Diependal, Roerdalen, Haasdal, Berg en Dal, Nijverdal.

Utdrukkingen

In daltaryf is in ferlege taryf op in momint dat de drokte of it gebrûk of ferbrûk leech is. In foarbyld dêrfan is nachtstroom.

Dalgrûn is in namme foar de ûndergrûn fan ôfgroeven heechfean.

Yn de Nederlânske taal kenne we údrukkingen as "door een diep dal gaan" of "iemand uit het dal trekken".