Kristen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ravenna - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ravenna (stêd)
L r2.7.1) (Bot - derby: ln:Mokrísto
Rigel 28: Rigel 28:
[[ko:기독교인]]
[[ko:기독교인]]
[[la:Christianus]]
[[la:Christianus]]
[[ln:Mokrísto]]
[[my:ခရစ်ယာန်]]
[[my:ခရစ်ယာန်]]
[[mk:Христијани]]
[[mk:Христијани]]

De ferzje fan 8 apr 2011 om 17.01

Kristusfoarstelling út de 6e ieu, Ravenna

In Kristen is in oanhinger fan it kristendom, of (wat beheind sjoen) in neifolger fan Jezus Kristus.

Skiednis fan de namme

Oarspronklik wie de term 'kristen' in skelnamme foar de oanhingers fan Kristus. It soe foar it earst brûkt wurde neidat yn Jeruzalem in ferfolging útbrutsen wie, dêr't ek de lettere apostel Paulus (dy't doe noch Saulus hiet) by belutsen wie. De kristenen flechten fuort en rekken ferspraat oer it Romeinske ryk. Letter waard de skelnamme troch de nije groepearring sels oernommen om harren te ûnderskieden fan oare leauwigen lykas de Joaden.

De skiednis fan de earste kristenen is werom te finen yn it Bibelboek Hannelingen fan de Apostelen, haadstik 11.