Terp: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
DDurk (oerlis | bydragen)
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 16: Rigel 16:


== Neitiid ==
== Neitiid ==
Likernôch 1000 nei Kristus begûn tusken [[Fly]] en [[Lauwers]] de oanlis fan [[dyk|dik]]en, wêrtroch it belang fan terpen stadichoan werom rûn. Yn de [[19e ieu]] waard in grut tal fan terpen [[ôfgroeven]], om de fruchtbere grûn yn de lânbou brûke te kinnen. De terpfynsten dy't hjirby dien waarden joegen ynsicht yn de skiednis fan de terpen, en laten úteinlik yn [[1965]] ta beskerming fan de terpen ûnder de Monumintewet. Fan de measte doarpsterpen is hjoed de dei lykwols allinnich it part fan de tsjerke mei it hôf tebek.
Likernôch 1000 nei Kristus begûn tusken [[Fly]] en [[Lauwers]] de oanlis fan [[dyk|diken]], wêrtroch it belang fan terpen stadichoan werom rûn. Yn de [[19e ieu]] waard in grut tal fan terpen [[ôfgroeven]], om de fruchtbere grûn yn de lânbou brûke te kinnen. De terpfynsten dy't dêrby dien waarden joegen ynsicht yn de skiednis fan de terpen, en laten úteinlik yn [[1965]] ta beskerming fan de terpen ûnder de Monumintewet. Fan de measte doarpsterpen is hjoed de dei lykwols allinnich it part fan de tsjerke mei it hôf oer.


== Halligen ==
== Halligen ==

De ferzje fan 3 jun 2006 om 07.45

In Terp is in keunstmjittige hichte, oanlein yn de Fryske kuststreken, fan Belgje oant it suden fan Deensk Jutlân.

Taal

It wurd terp wie eartiids it Fryske wurd foar doarp. It hjoeddeiske wurd doarp fan it Westerlauwersk Frysk is in Nederlânsk lienwurd. Terp waard dêrtroch it wurd foar de hege wenplakken, mar yn Noard-Fryslân en Sealterlân is de oarspronklike betsjutting noch libben. It Grinzers brûkt it wurd wierde foar in terp, en yn Noard Dútslân brûkt men it wurd Warft.

Needsaak

Fryslân is foarme troch ûnder de ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul op it Fryske lân hân. Yn perioaden fan transgresje strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjir net permanint te wenjen te setten. Rûn 700 foar Kristus setten minsken har op de hegere kwelderwâlen te wenjen, en doe’t rûn 500 foar Kristus wer in transgresje kaam, wie it mei in opheging fan har wenstee út te hâlden. Dêrnei waard der by elke perioade fan transgresje in nije generaasje terpen boud. Der wiene úteinlik trije generaasjes: fan 500 foar Kristus, 200 foar Kristus en 700 nei Kristus. It oanlizzen fan de seediken makke dat der gjin nije terpegeneraasjes kaam binne.

Bou

Terpen waarden opwurpen troch dong en seadden út de kwelder yn lagen te steapeljen. Yn de rin fan de tiid kaam hjir ek noch dong en de resten fan de tige fergonklike huzen by. Sa waarden terpen hieltyd heger. Terpen wiene meast ovaal fan foarm, mei skean ôfrinnende siden. Boppe-op stienen ien (dan wie it in hústerp) of mear huzen (dan wie it in doarpsterp) om in fiver mei farsk wetter hinne. Letter waard de fiver op terpdoarpen meastal ferfongen troch in tsjerke. De foarein fan de huzen stie nei it midden, en de efterein nei bûten. Ut it efterein waard dan de mjokse fan de bisten gewoan de skeante del smiten. Dêrom waarden dizze skeanten faak brûkt foar lânbou, om’t dit de skeanten tige fruchtber makke.

Gebrûk

Tusken Fly en Lauwers hawwe der al mear as tûzen terpen west. Dit hawwe terpen west foar mar ien pleats, oant en mei terpen foar hiele doarpen, mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan Ezinge, dy't 24 ha. grut wie. De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan Hegebeintum, dy't 600 f. Kr. al bewenne wie. Lykwols hawwe de measte terpen oant de 1e ieu f. Kr. net it hiele jier troch bewenne west. Fan doe, oant de Frankyske tiid wie dat lykwols al sa.

Neitiid

Likernôch 1000 nei Kristus begûn tusken Fly en Lauwers de oanlis fan diken, wêrtroch it belang fan terpen stadichoan werom rûn. Yn de 19e ieu waard in grut tal fan terpen ôfgroeven, om de fruchtbere grûn yn de lânbou brûke te kinnen. De terpfynsten dy't dêrby dien waarden joegen ynsicht yn de skiednis fan de terpen, en laten úteinlik yn 1965 ta beskerming fan de terpen ûnder de Monumintewet. Fan de measte doarpsterpen is hjoed de dei lykwols allinnich it part fan de tsjerke mei it hôf oer.

Halligen

Op de Halligen, dy't lang ûnbedike bleaun binne, en ek no mar lege diken hawwe, hawwe de terpen noch altyd in funksje.