Tadzjikistan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: udm:Таӟикистан
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 146: Rigel 146:
[[mk:Таџикистан]]
[[mk:Таџикистан]]
[[ml:താജിക്കിസ്ഥാൻ]]
[[ml:താജിക്കിസ്ഥാൻ]]
[[mn:Тажикистан]]
[[mr:ताजिकिस्तान]]
[[mr:ताजिकिस्तान]]
[[ms:Tajikistan]]
[[ms:Tajikistan]]

De ferzje fan 1 apr 2011 om 06.37

Ҷумҳурии Тоҷикистон
Djoemhoerii Todjikiston
Flagge fan Tadzjikistan Wapen fan Tadzjikistan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tadzjikistan
Offisjele taal Tadzjyks
Haadstêd Doesjanbe
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
143.100 km²
0,2­%
Ynwenners (2005) 6,8 miljoen
Munt Somony (TJS)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 9 septimber
Lânkoade TJK
Ynternet .tj
Tillefoan 992

Tadzjikistan (Тоҷикистон) is in lân yn Sintraal-Aazje, de haadstêd is Doesjanbe. It makke ûnderdiel fan de 't Sowjet-Uny foardat it yn 1991 útinoar foel.

Geografy

Lizzing

It lân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Lânskip yn it Pamirberchtme

Tadzjikistan is in útsûnderlik bercheftich lân, dat foar 90% op in hichte leit boppe de 1.000 meter. Sawat de hiele befolking wennet yn de smelle dalen. Yn it súdeasten leit it Pamirberchtme mei in oerflakte fan 64.000 km². De rige bergen yn it westen heare by de Pik Ismail Somony, (eartiids de Pik Kommunisme, 7945 meter) en de Pik Lenina (7134 meter).

De haadstêd Doesjanbe leit yn it westen fan it lân op de súdlike skeanten fan it Hisorberchtme dat it streamgebiet fan de Amu Darja skiedet fan dat fan Syr Darja. Sawat hiel Tadzjikistan wettert ôf op de Amu Darja, dy't tegearre mei de Panj de grins foarmet mei Afganistan.

It klimaat is kontinintaal dat karakterisearre wurdt troch skrokke simmers en sêfte winters.

Skiednis

De omkriten, dy't al sûnt de 1e millenium f. Kr bewenne wie, hearde oant-en-mei de 9e ieu by de grutte riken fan de Perzen, Griken, Masedoanjers en Arabieren. Nei ieuwenlange oerhearsking troch Mongoalen en Oezbeken kaam it noarden fan Tsjadikistan om 1870 ûnder ynfloed fan Ruslân. Yn 1918 waard it diel fan de Sowjet-Republyk Turkestan en sûnt 1929 as apart dielrepublyk. Mei it útinoar fallen fan de Sowjet-Uny yn 1991 waard it in selsstannige steat.

Fuort nei de ûnôfhinklikheid bruts in etnysk konflikt út regio's (provinsjes) Chodzjand en Kulob mei de regio Qurghonteppa dat harren útwreide ta in boargerkriich tusken de Islamisten en de regearing fan ûnder Emomalii Rachmon. It konflikt einige yn 1997 doe't de islamisten yn de regearing opnommen waard.

Demografy

Befolking

It grutste diel fan de befolking bestiet út etnyske Tadzjiken, in Perzysk folk, de Oezbeken foarme yn it lân in grutte minderheid. Fierders wenje yn Tadzjikistan ek noch Russen, dy't it lân yn grutte tallen ferlitten hawwe ûnder de boargeroarloch.

De taal fan de Tadzjieken is it Perzysk, dat ek de offisjele taal is fan Iran en Afganistan. It Perzisch wurdt yn Tadzjikistan mei it syrillyske alfabet skreaun en betiden ek wol Tadzjiky-Perzysk neamd.

Religy

De Tadzjiken hawwe mei de Oezbeken de soennityske islam mien. Under de leauwige Russen is de Eastersk-Ortodokse Tsjerke de grutste godstsjinst.