Lybje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: lad:Libya
Mjbmrbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: wa:Libeye
Rigel 231: Rigel 231:
[[vls:Libië]]
[[vls:Libië]]
[[vo:Lübän]]
[[vo:Lübän]]
[[wa:Libeye]]
[[war:Libya]]
[[war:Libya]]
[[wo:Libi]]
[[wo:Libi]]

De ferzje fan 25 mrt 2011 om 21.05

الجماهيرية العربية الليبية الشعبية الإشتراكية العظمى‎
Al-Jamāhīriyyat al-°Arabiyyat al-Lībiyyat ash-Sha°biyyat al-Ishtirākiyyat al-Uzmā
Flagge fan Lybje Wapen fan Lybje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lybje
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Tripoly
Steatsfoarm republyk
Gebiet
% wetter
1.759.540 km²
-­%
Ynwenners (2006) 5.670.688
Munt Libyske dinar (LYD)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 1 septimber
Lânkoade LBY
Ynternet .ly
Tillefoan 218

Lybje, folút: Grutte Arabyske Libyske Sosjalistyske Steat fan de Folksmassa's, (Arabysk: ليبيا‎ Lībiyyā) is in Arabysk lân yn Noard-Afrika.

Geografy

Lizzing

It lân wurdt begrinze troch:

Lânskip

Histoarysk Merkplak yn Leptis Magna

It mediteraansk klimaat soarget foar in relatyf rike fegetaasje oan de smelle kuststripe, dy't fierder nei suden oergiet yn steppe en úteinlik yn woastyn dy't 90% fan al it lân beslacht.

Yn it uterste suden oan de noardkant fan de Sahara, rikke útrinners fan it Tibesti-massyf oant 2285 meter hichte. Oan de kust leit de haadstêd Tripoly en de antike steden út de Aldheid.

Skiednis

Iere skiednis

In kaart basearre op ûndersyk troch de Grykske filosoof, Strabo (63/64 f.K. – 24 n.K.), hoe grut it gebiet mei de namme "Lybje" eartiids wie.

Neffens argeologyske fynsten wie it Libyske kustgebiet al yn de 8e ieu f.K. bewenne troch de Neolityske mins. Dy minsken wiene betûft yn it buorkjen. [1] It gebiet dêr't hjoed "Lybje" mei oantsjutten wurdt, is letter troch ferskate folken beset: de Feneesjers, Kartagen, Griken, Romeinen, Fandalen en Bisantinen hawwe allegear it gebiet (of in part dêrfan) beset holden. Inkeld fan de Grykske en Romeinske besetting binne der ruïnes of oare saken dy't weromferwize nei dy tiid.

De Feneesjers wienen de earsten dy't hannelsposten yn Lybje stiften, doe't de hannelers fan Tirus (it hjoeddeiske Libanon) kommersjele relaasjes mei Berberstammen makke hienen en ferdraggen makken om gearwurking yn it eksploitearjen fan dy grûnstoffen te fersekerjen.[2][3]

Yn 1517 waard it gebiet ferovere troch de Ottomanen en makket der diel fan út. Yn de 19e ieu hie in Islamytske oarder it dêr foar it sizzen, folge troch 40 jier Italjaansk protektoraat. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Lybje in ûnôfhinklike monargy. Troch in steatsgreep troch it leger ûnder lieding fan kolonel al-Gadhafi waard de kening yn 1969 te fal brocht.

Demografy

Lybje is ien fan de tinstbefolke gebieten op de wrâld. Fan de befolking wennet 90% yn de smelle kuststripe.

Befolking

It Libyske folk is in mingsel fan ynhiemske Berberfolken en Arabieren dy't letter arrivearren. De lytse Toearek- en Toeboestammen yn it suden hawwe noch hieltyd in nomadyske of semy-nomadyske wize fan libjen.

Taal

De offisjele taal fan Lybje is it Arabysk. De dialekten dy't troch de Berbers sprutsen wurden hawwe gjin offisjele status.

Godstsjinst

It meastepart fan de befolking 97% is oanhinger fan de soennityske islam. Fierders is der in lytse kristlike minderheid besteande út koptyske kristenen en katoliken

Ekonomy

De befolking wennet foar 90% yn de smelle kuststripe. Amper 2% fan fan it lân kin brûkt wurde foar lânbou, dêr't it grutste part fan yrrigearre wurdt. De ekonomy driuwt foaral op de enoarme foarried oalje.

Fuotnoaten

  1. Federal Research Division of the Library of Congress, (1987). "Early History of Libya", U.S. Library of Congress. 11 july 2006.
  2. Herodotus, (c.430 BC), "'The Histories', Book IV.42–43" Fordham University, New York. Besoek op 18 july 2006.
  3. Federal Research Division of the Library of Congress, (1987), "Tripolitania and the Phoenicians", U.S. Library of Congress. 11 july 2006.

Berjocht:Link FA ak:Libya