Nederlânsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.5) (Bot - derby: kbd:Нидерландхэбзэ
Mjbmrbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: kk:Голланд тілі
Rigel 84: Rigel 84:
[[ka:ნიდერლანდური ენა]]
[[ka:ნიდერლანდური ენა]]
[[kbd:Нидерландхэбзэ]]
[[kbd:Нидерландхэбзэ]]
[[kk:Голланд тілі]]
[[ko:네덜란드어]]
[[ko:네덜란드어]]
[[koi:Недерландісь кыв]]
[[koi:Недерландісь кыв]]

De ferzje fan 25 mrt 2011 om 20.44

Gebieten dêr't Nederlânsk praat/erkend is.

It Nederlânsk (Nederlands) is in Yndo-Jeropeeske, West-Germaanske taal. Dizze taal wurdt meast sprutsen yn Nederlân, Belgje, Suriname, Súd-Afrika, op de Nederlânske Antillen en Aruba.

It Nederlânsk is tige nau besibbe mei it Dútsk, mar hat ek oerienkomsten mei it Ingelsk. De taal nimt tusken beide grutte West-Germaanske talen in tuskenposysje yn. Lytsere talen dy't tige mei it Nederlânsk besibbe binnen, binne it Afrikaansk (dat út it Nederlânsk ûntstean is en oant 1925 noch as in dialekt of fariant fan de taal beskôge waard) en - yn mindere mate - it Frysk (dat ieuwenlang troch it Nederlânsk hiel bot beynfloede west hat en noch hieltyd beynfloede wurdt).

It begjin fan de ûntwikkeling fan it Nederlânsk as in standerttaal is begûn yn de 17e ieu yn de Súdlike Nederlannen, en is nei de fal fan Antwerpen yn de Noardlike Nederlannen fierder gongen. Troch dizze ûntwikkeling is de taal meast op de Frankyske dialekten basearre.

De ISO 639 taalkoades foar it Nederlânsk binne "nl" en "nld". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Nederlânske Wikipedy oantsjut mei de koade "nl:".

Oant yn de 19e ieu waard it Afrikaansk ek sjoen as in foarm fan it Nederlânsk, mar sûnt de 20e ieu wurdt dit as in aparte taal sjoen.

Sjoch ek

Keppelings om utens


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Nederlânske ferzje.